Springe nei ynhâld

Paavo Nurmi

Ut Wikipedy
Paavo Nurmi
sporter
Paavo Nurmi (1920)
Paavo Nurmi (1920)
persoanlike bysûnderheden
echte nammePaavo Johannes Nurmi
bynammeFlying Finn
nasjonaliteit Finsk
bertedatum13 juny 1897
berteplakTurku
stjerdatum2 oktober 1973
stjerplakHelsinki
lingte1.74 m
gewicht65 kg
sportive ynformaasje
sportAtletyk
O.S.Antwerpen 1920,
Parys 1924,
Amsterdam 1928
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 9x Olympyske Spullen 1920, 1924, 1928
Sulver grut sulver 3x Olympyske Spullen 1920, 1928

Paavo Johannes Nurmi (Turku, 13 juny 1897 - Helsinki, 2 oktober 1973) wie in Finsk lange-ôfstânsdraver.

Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1920, 1924 en 1928). Hy waard yn Antwerpen Olympysk kampioen op de 10.000 meter, Fjildrinnen (yndividueel) en mei it Finske team waard er ek kampioen by it fjildrinnen, Yn Parys wûn er it goud op 1.500 meter, 5.000 meter, en it Fjildrinnen (yndividueel) mei it Finske team waard er kampioen op de 3.000 meter en by it fjildrinnen. Dizze twa ûnderdielen ferdwûnen nei Parys fan it programma. Fjouwer jier letter yn Amsterdam waard Nurmi Olympysk kampioen op de 10.000 meter.

Nurmi stekt de flam oan (1952)

Nei de spullen fan 1928 gie Nurmi yn prinsipe gewoan troch mei sporten en wie dwaande him ta te rieden op de Olympyske Spullen fan 1932, dy't yn Los Angeles hâlden wurde soene. Hy hie him yn de hjerst fan syn karriêre talein op de maraton en woe no it alderheechste op de langste ôfstân berikke. Hy waard lykwols de dupe fan de jacht dy't de Sweedske IAAF-presidint Edström op him makke. Dy fûn dat Nurmi by in wedstriid yn Dútslân tefolle kosten deklarearre hie. De Fin waard foar dat ûnderstelde fergryp ûnferbidlik ta profesjoneel atleet ferklearre en mocht dus net meidwaan mei de Olympyske Spullen.

Nurmi stuts by de iepening fan de Olympyske Simmerspullen fan 1952 yn Helsinki de Olympyske flam oan, en iepene dermei de Spullen.
Paavo Nurmi ferstoar op 2 oktober 1973, yn 'e âldens fan 76 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: