PKN-tsjerke Sint-Georgius (Suwâld)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Georgiustsjerke
Suwâld, Georgiustsjerke.jpg
Lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel flag.svg Tytsjerksteradiel
plak Suwâld wapen.svg Suwâld
adres Tsjerkebuorren 4
Bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier Aldste dielen 11e of 12e iuw
Oare ynformaasje
webside Webpresintaasje op de Doarpsside fan Suwâld

De PKN-tsjerke fan Suwâld is in oarspronklik oan de hillige Georgius wijde tsjerke. Sûnt de reformaasje wie it in herfoarme tsjerke; tsjintwurdich is it ryksmonumint de tsjerke fan de Suwâldster gemeente fan de Protestanske Tsjerke yn Nederlân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke yn de 19e iuw mei noch in healrûn koer

De âldste dielen fan de tsjerke datearje nei alle gedachten noch út de 12e iuw en binne te finen yn it westlike diel. De oarspronklike romaanske tsjerke fan tufstien ferlear in soad fan it âlde oansjen.

Yn 1828 stoartte de toer fan de tsjerke yn. De tsjerke krige wer yn 1835 in nije toer. Nei in restauraasje fan de toer yn 1862 waard yn 1888 de hjoeddeiske toer boud. De gotyske finsters waarden doe ferfongen troch grutte rûnbôgeramen en in pear ramen waarden tichtmitsele. De yngong waard ferpleatst nei de westlike gevel.

It healrûne koer fan de tsjerke waard yn 1922 ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in dwersskip.

Yn de jierren 1990 waard de tsjerke restaurearre. Tidens de restauraasje makke de SOW-gemeente foar de tsjinsten gebrûk fan de grifformearde tsjerke.

Yn de toer hinget in yn 1617 troch Hans Falck getten klok.[1][2]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tagelyk mei de foarnommen restauraasje joegen de tsjerkfâlden yn 1984 de opdracht oan Bakker & Timmenga út Ljouwert in nij oargel te bouwen. It instrumint waard yn novimber 1889 yn gebrûk nommen.[3]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: