Pûnawilster
| Pûnawilster | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Anarhynchus falklandicus | ||||||||||||
| Berlepsch & Stolzmann, 1902 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Pûnawilster (Anarhynchus alticola) is in fûgel út it skaai dûkelmantsjes (Anarhynchus) yn 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). De soarte is neamd nei de Pûna, in oare namme foar it Heechlân fan Bolivia.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Pûnawilster is in kompakte fûgel fan 16,5 oant 17,5 cm lang mei swarte poaten en in swarte snaffel. It gesicht is wyt mei in swarte bân oer de foarholle en in breed swart diagonaal masker oer it gesicht dy't efter it each oergiet yn in dizich swart plak. De krún en nekke binne kanielkleurich en der rint in dizige sânkleurige bân oer it boarst. De boppedielen binne dofbrún en fan ûnder is de fûgel wyt. Wyfkes binne doffer en de swarte plakken by it mantsje kinne brún wêze. Jonge fûgels binne boppe brún en ûnder wyt en misse it swart en it rustbrún. It ferskil tusken briedkleed en net-briedkleed is net hiel grut. De grutste ferskillen binne dat de tekening yn it briedkleed wat skerper is en dat de boarstbân yn it briedkleed wat mear oanwêzich is.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte briedt yn 'e Andes, fan Perû oant it noardwesten fan Argentynje en it noarden fan Sily. De soarte is foar it grutste part in stânfûgel, mar guon lûke nei de Pasifyske kust, dêr't er yn Ica en Tacna waarnommen is yn it suden fan Perû en yn it meast noardlike part fan Sily, fral fan maaie oant oktober. De soarte is monotypysk, dat wol sizze dat der gjin ûnderferdieling is yn ûndersoarten. Pûnawilsters ha in opfallend hoekige kop mei in koarte dikke nekke.
De fûgel libbet op hichten tusken 2400 en 5000 m yn sompenen by swietwetter- en sâltwettermarren.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer it iten en it foerazjearjen fan 'e fûgel is net in soad bekend, wol dat er ek lytse skaaldieren yt.
It briedseizoen leit fral tusken septimber en oktober, somtiden oant jannewaris. In lechsel bestiet út twa oant fjouwer aaien en wurdt tusken koart en ticht gers lein. Bûten it briedseizoen kin er yn losse groepen fan heechút 30 fûgels sjoen wurde.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is net bekend hoe't de soarte him ûntwikkelet, mar it ferspriedingsgebiet is relatyf grut. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld beskôget de soarte as net bedrige en klassifisearret de fûgel dêrom as Least Concern. De wrâldpopulaasje wurdt op 4.000 oant 7.000 fôlwoeksen fûgels rûsd (2023).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

