Pé Miedema

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Poppe (Pé) Miedema (Idzegea, 30 july 1942 - Heech, 21 maart 2016) wie in Frysk bestjoerder.

Miedema wie foarsitter fan it Fryske kristlike boerebûn CBTB fan 1986 oant 1995. Fan 1997 oant en mei 2003 wie er foarsitter fan Wetterskip Marne-Middelsee en yn dy funksje ek lid fan de tariedingskommisje foar it ta stân kommen fan it lettere Wetterskip Fryslân. Teffens wie er fan de oprichting ôf yn 2006 oant 2012 foarsitter fan it Nasjonaal Park De Alde Feanen [1]. Miedema wie ek polityk warber en wie foarsitter fan it CDA Fryslân.

Pé Miedema ferstoar hommels yn de âldens fan 73 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Drachster Krante, 21-09-2012