Springe nei ynhâld

Ovofivipary

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ovofivipariteit)
Ovofivipary by in blêdlús.

Ovofivipary (fan it Latynske ovum, "aai", vivus, "libjend" en pario, "befalle fan"), ek: ovofivipariteit of aailibbenbernjendheid, is in geslachtlike foarm fan fuortplanting wêrby't it embryo him ûntjout yn in aai, lykas by ovipary, dat binnenyn it lichem fan 'e mem útkomt, wêrnei't it nije yndividu libben berne wurdt, krekt as by fivipary. Ovofivipary is dêrmei in tuskenfoarm fan fivipary en ovipary. It byhearrende eigenskipswurd is ovofivipaar of aailibbenbernjend.

Oare foarmen fan geslachtlike fuortplanting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fivipary (libbenbernjendheid) is in foarm fan geslachtlike fuortplanting wêrby't it nije yndividu him as embryo en letter as foetus yn it lichem fan 'e mem ûntwikkelet en libben te wrâld brocht wurdt. It is by de berte teminsten op it mêd fan metabolisme in folslein selsstannich organisme. It tsjinstelde fan fivipary is ovipary (aaibernjendheid), wêrby't it embryo fan it nije yndividu him bûten it lichem fan 'e mem yn in aai ûntjout oant de ûntwikkeling fier genôch hinne is dat it aai útkomme kin.

Ovifivipary komt foar by skorpioenen (dat spineftigen binne), ferskate soarten haaien, boä's (wjirchslangen), libbenbernjende toskkoarpers (fisken), blêdluzen (dat ynsekten binne), beskate oare lidpoatigen, slakken, twakleppigen en rûnwjirms.

Ferskillen mei fivipary

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ovifivipary ferskilt fral fan fivipary (echte libbenbernjendheid), sa't dy by hast alle sûchdieren foarkomt, trochdat it embryo net fia in plasinta mei it lichem fan 'e mem ferbûn is om fiedingsstoffen te krijen en ôffalstoffen ôf te fieren. Alle fiedingsstoffen binne yn 't foar al yn it aai meijûn, en it memmelichem fungearret inkeld as in feilich om-en-by dêr't it embryo net opfretten wurde kin troch in rôfdier. Yn guon gefallen is it lykwols ek wer net sà feilich, mei't der in foarm fan kannibalisme tusken de embryo's ûnderling plakfine kin dy't adelfofagy hjit, wêrby't it sterkste embryo syn eigen bruorren en susters as iten brûkt. Dat ferskynsel docht him benammen foar by beskate haaiesoarten en by inkele slakkesoarten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.