Overlangel
| Overlangel | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 445 (2024)[1] | |
| Oerflak | 1,21 km² | |
| Oar | ||
| Koördinaten | 51° 46' N 5° 40' E | |
| Kaart | ||
Overlangel is in plak yn 'e Noard-Brabânske gemeente Oss.
Bestjoerlike yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 1810 hearde it doarp by de gemeente Herpen, dy't ym 1941 anneksearre waard troch de gemeente Ravenstein. De gemeente Ravenstein waard yn 2003 by de gemeente Oss weryndield.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan it doarp stamt fan langelo, itjinge langhalich bosk betsjut. It foarheaksel over tsjut op boppe de stream (yn tsjintstelling ta Neerlangel).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens fynsten is soe it mooglik wêze dat it plak al yn 'e Izertiid bewenne west hat. Yn 'e midsiuwen wie Overlangel ûnderdiel fan 'e hearlikheid Langel yn it Lân fan Herpen. Dêr hearde ek Neerlangel by. Yn 1360 waard tusken Neerlangel en Overlangel de stêd Ravenstein stifte. Om't it machtssintrum dêrhinne ferskode, waard it letter it Lân fan Ravenstein neamd.

Om 1500 hinne hie it doarp in Sint-Antoniuskapel, dy't yn 1814 renovearre waard. Yn 1854 waard Overlangel ôfskieden fan 'e parochy fan Herpen en in selsstannige parochy. Doe waard de hjoeddeiske neogoatyske Sint-Antoniustsjerke boud.
Overlangel lei eartiids oan 'e Maas en der wie in haven dêr't stienkoal, nôt, wyn en hop ferhannele waarden. Der wie in skipswerf en al gau kamen der kafees en winkels. Sa ûntstie it doarp Overlangel. Mei de hannel kaam ek it jild, benammen foar de famylje De Bruijn. Dy famylje hannele yn nôt en wyn en betelle foar in grut part de bou fan 'e nije tsjerke. Nei't de sylskippen yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw ferfongen waarden troch de steamboaten waard Overlangel minder oandien. Dêrtroch naam de hannel ôf en ûnstie der earmoede yn it doarp. De kanalisaasje fan 'e Maas yn 1938 wie de lêste klap foar it doarp, om't dêrmei de tûke fan 'e Maas ôfsnien waard dêr't Overlangel oan lei.
Op snein 6 febrewaris 1972 helle it doarp de nasjonale krantekoppen nei in oanfal troch de Palestynse Fatah op in gasdistribúsjestasjon tusken Overlangel en Ravenstein. Der ûntstie in grutte brân en it stasjon waard foar in part ferneatige, mar nimmen rekke ferwûne. De reden foar it kiezen fan dat doelwyt is nea dúdlik woarn.
It bestjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sint-Antoniustsjerke is in lyts tsjerkje út 1854 yn 'e iere neogoatyske styl. De arsjitekt wie W.J. van Vogelpoel fan Utert. De toer hat in iepenwurke spits fan getten izer, foar dy tiid fan nijs en in symboal fan 'e Yndustriële Revolúsje. Yn 'e tsjerke stiet in houten byld fan 'e Jongfaam Marije út 1735.
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Overlangel lei oant 1938 oan in bocht yn 'e Maas. Troch de kanalisaasje ûnstie der in uterwaard dy't eartiids yn Gelderlân lei en sûnt 1958 ta de provinsje Noard-Brabân heart. Dêr leit no it nije natoerreservaat Keent.
Súdwestlik fan Overlangel lizze ferskate dobben en wielen yn by de Hartochswjittering lâns.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
