Springe nei ynhâld

Oukoper mûne

Ut Wikipedy
Oukoper mûne
mûne / mole
lokaasje
lânflagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
plakNieuwer Ter Aa
adresOukoop 12 a
koördinaten52°12' N 4°59' E
bysûnderheden
type mûnewipmûne
funksjepoldermûne
flecht23,02 m
boujier1644, 1839
oare ynformaasje
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer26102
Webside
Hiemside fan 'e mûne
Kaart
Oukoper mûne (Utert)
Oukoper mûne

De Oukoper Mûne is in wipmûne yn 'e provinsje Utert. De mûne stiet likernôch in kilometer benoarden it doarp Nieuwer Ter Aa, mar oan 'e oare kant fan 'e A2. By de mûne giet de Nieuwe Wetering oer yn 'e Angstel.

De oarspronklike mûne waard nei alle gedachten om 1644 hinne op 'e lokaasje boud. Yn 1839 hinne krige de mûne in yngreven restauraasje en waard it hiele boppehûs fernijd.

Yn 1917 moast der in nij skeprêd set wurde om 't troch it beklinken it polderpeil fierder omleech moast.

De mûne yn 1959 mei op 'e wjukken it systeem fan mûnemakker Dekker.

De Oukoper mûne krige yn 1933 op beide roeden it systeem Dekker. Oant febrewaris 1961 bleau de mûne de 577 ha grutte polder bemeallen. Yn dat jier moast de mûne fanwegen in minne roede stilset wurde. In needgemaal mei diselmotor en sintrifugaalpompe naam doe it wurk oer. Nei de fernijing fan de roeden yn 1968 is it systeem wer feroare yn Aldhollânsk. Dy roeden binne yn 2022 ferfongen.

De flecht fan 'e wjukken is 23 m. Frijwilligers litte de mûne nei de lêste grutte restauraasje fan 1994 regelmjittich draaie. Eigner is de Stifting De Utertske Mûnen, dy't ûnder It Utertske Gea falt.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Oukoper mûne fan Wikimedia Commons.