Springe nei ynhâld

Otranto

Ut Wikipedy
Otranto
Bestjoer
Lânflagge fan Itaalje Itaalje
provinsjeBrindisi
regioApûlje
Sifers
Ynwennertal5.553 (31.05.2025)
Oerflak77,2 km²
Befolkingsticht.71,93 ynw./km²
Hichte15 m
Oar
Postkoade72100-72020
Koördinaten40°08' N 18°29' E
Offisjele webside
comune.otranto.le.it
Kaart
Otranto (Itaalje)
Otranto

Otranto is in Italjaanske havenstêd mei 5538 ynwenners (fan 31. Desimber 2024) yn 'e provinsje Lecce yn Apûlje. De stêd is oansletten by de feriening I borghi più belli d'Italia ('De moaiste plakken yn Itaalje').

Argeologyske fynsten litte sjen dat Otranto al yn 'e Midden-Brûnstiid bewenne wie. Der wiene ek kontakten mei de Mykeenske kultuer yn Grikelân, lykas bliken docht út fynsten fan Mykeensk ierdewurk út de lette 13e en 12e iuw f.Kr.

Likernôch om 1000 f.Kr. settem Messapiërs harren dêr nei wenjen en stiften yn'e omkriten ferskate stêden. By de Grykske kolonisaasje yn 'e 8e iuw f.Kr., waard Otranto ûnderdiel fan it Magna Graecia en, nei de Romeinske oermastering fan Súd-Itaalje waard it as Hydruntum in wichtige ferbiningshaven nei Epirus. Yn 845 waard Otranto sûnder súkses belegere troch de Sarasenen.

Stedsfersterkingen.

Nei de fal fan Rome hearde Otranto ta it Byzantynske Ryk, mar om 1070 hinne fûn de oermastering plak fan 'e Noarmannen, dy't de stêd swier fersterken en de yn 1088 wijde katedraal bouden. Mei it houlik fan Hindrik VI, de soan fan keizer Freark Barbarossa, mei Konstânse fan Sisylje yn 1186 en de kroaning fan Hindrik ta kening fan Sisylje yn Palermo yn 1194 kaam Otranto ûnder it bewâld fan 'e Hohenstaufen en, nei harren fal, úteinlik yn 'e hannen fan Ferdinand I fan Aragon, kening fan Napels fan 1458 oant 1494.

Yn 1480 oermasteren de Ottomaanske Turken Otranto, de earste stêd fan Itaalje. De redenen foar de oanfal op 'e stêd wiene nei alle gedachten strategysk. De stêd lei it tichtste by de eastkust fan 'e Adriatyske See, dy't al troch de Turken beset wie, en it hie in goede haven. Boppedat beskôge de sultan yn Konstantinopel himsels as de legitime hearsker fan it eardere Byzantynske Ryk, dêr't ek Otranto ta heard hie. 800 kristenen waarden ûnthalze neidat se wegeren om harren ta de islam te bekearen. Under harren wie aartsbiskop Stefano Pendinelli.

De stêd kaam nei in lange belegering yn 1481 wer yn hannen fan kristlike troepen ûnder Alfons II, de soan en lettere opfolger fan Ferdinand I. De stêd joech him sûnder striid oer nei't de Turken in frije ôftocht krigen tasein. Nije Turkske oanfallen yn 1535, 1537, 1614 en 1644 laten ta in delgong fan 'e befolking.

Napoleon beneamde syn Minister fan Plysje Joseph Fouché ta hartoch fan Otranto, in keunstmjittich ynsteld hartochdom, mar dat hie foar de stêd fierder gjin praktyske betsjutting.

Otranto hie te lijen fan malariapleagen troch de sompige kontreien om de stêd en ek fan de opkommende hannelsstêden Bari en Brindisi. Mei't yn 'e 20e iuw de sompen drûchlein waarden sette in nije bloei fan Otranto yn.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Katedraal.

De wichtichste attraksjes fan 'e stêd binne de katedraal fan Santa Annunziata mei syn mozaïeken (1163–1165), de fêsting Castello Aragones en de lytse Byzantynske tsjerke fan San Pietro en it Hypogeum fan Torre Pinta. De âlde stêd wurdt omfieme troch in machtige stedsmuorre.

Sjoch: Katedraal fan Otranto foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

De 12e-iuwske basilyk is de sit fan it aartsbiskopsdom fan Otranto. Yn 'e domtsjerke leit in grut 12e-iuwsk fliermozayk. De katedraal bewarret oant de hei fan hjoed de reliken fan 'e 800 martelders fan Otranto.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De side is foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Otranto (ferzje 19 augustus 2025).