Springe nei ynhâld

Poelrotten

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Otomys)
poelrotten
In súdlike poelrôt (Otomys irroratus).
In súdlike poelrôt (Otomys irroratus).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift:mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje:mûzen en rotten (Muroidea)
famylje:mûseftigen (Muridae)
ûnderfamylje:mûzen en rotten fan de
   Alde Wrâld
(Murinae)
skaai:poelrotten (Otomys)
F. Cuvier, 1824

De poelrotten of skreeftoskrotten (wittenskiplike namme: Otomys) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en de ûnderfamylje fan 'e mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae). Ta dit skaai hearre 27 ûnderskate soarten dy't foarkomme yn Afrika besuden de Sahara.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Poelrotten binne kompakt boude kjifdieren, mei yn 'e regel in koartere snút en koartere poaten as oare soarten rotten. De sturt is ek koarter as by oare mûseftigen, mei in lingte fan ornaris tusken in trêdepart en twatrêdepart fan 'e kop-romplingte. Ofhinklik fan 'e soarte kinne folwoeksen eksimplaren in kop-romplingte fan 12–22 sm en in gewicht fan 90–250 g berikke.

Soarten dy't yn waarme of tuskenbeiden klimaten libje, hawwe faak ûngewoan grutte earen foar mûseftigen. Soarten dy't yn kâldere klimaten heech yn berchtmen libje, hawwe krekt lytsere earen.

De kleur fan 'e pels ferskilt nei soarte, mar oer it algemien hawwe poelrotten brún oant griis hier dat taljochtet op 'e bealch.

Poelrotten libje foar it meastepart yn moerassen en op 'e iepen flakten, salang't der mar genôch strewelleguod, lang gers en/of rotsen binne om beskûl te bieden tsjin rôfdieren. Yn it Ingelsk wurde dizze bisten vlei rats neamd, wêrby't vlei in lienwurd út it Afrikaansk is foar "wetterpoel".

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.