Springe nei ynhâld

Gruttoskhaaien

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Otodontidae)
gruttoskhaaien
Tosken fan 'e skeaneartoskhaai (Otodus obliquus).
Tosken fan 'e skeaneartoskhaai (Otodus obliquus).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
tuskenstamme:kaakdieren (Gnathostomata)
klasse:kreakbienfisken
   (Chondrichthyes)
ûnderklasse:haaien en roggen
   (Elasmobranchii)
tuskenklasse:echte haaien en roggen
   (Euselachii)
difyzje:moderne haaien en roggen
   (Neoselachii)
ûnderdifyzje:haaien (Selachii)
boppeskift:helmhaaien (Galeomorphi)
skift:makrielhaaien (Lamniformes)
famylje:gruttoskhaaien (Otodontidae)
Gluckman, 1964

De gruttoskhaaien (wittenskiplike namme: Otodontidae) foarmje in fossile famylje fan 'e klasse fan 'e kreakbienfisken (Chondrichthyes), de ûnderklasse fan 'e haaien en roggen (Elasmobranchii), de ûnderdifyzje fan 'e haaien (Selachii), it boppeskift fan 'e helmhaaien (Galeomorphi) en it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes).

Gruttoskhaaien bestiene fan it iere Kryt oant it Plioseen, wat rûchwei delkomt op 'e perioade fan 110 miljoen oant 2,6 miljoen jier lyn. De famylje bestie út teminsten acht skaaien, wylst de pleatsing yn dizze famylje fan in njoggende skaai ûnwis is. It bekendste skaai is dat fan 'e eartokshaaien (Otodus). Guon soarten gruttoskhaaien wiene reuseftige grut, lykas de megalodon (Otodus megalodon), dy't in lingte berikke koe fan teminsten 18 m.

Ut ûndersyk út 2016 nei it nij ûntdutsen skaai fan 'e reuzemakrielhaaien (Megalolamna) die bliken dat it skaai fan 'e eartoskhaaien sa't it oant doe ta definiëarre wie, parafyletysk (en dus taksonomysk ûnjildich) wie. Om dat probleem op te lossen, moast it hiele eardere skaai Carcharocles yn 'e eartoskhaaien opnommen wurde. Carcharocles wurdt no beskôge as in synonym foar Otodus.

De tafoeging fan it skaai Palaeocarcharodon wurdt bekreaud, mei't dat ek wol yn 'e famylje Cretoxyrhinidae pleatst wurdt.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.