Wytnekfazantdo
| Wytnekfazantdo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Otidiphaps aruensis | ||||||||||||
| Rothschild, 1928 | ||||||||||||
De wytnekfazantdo (Otidiphaps aruensis) is in fûgel út de famylje fan 'e dowen (Columbidae). Oer it generaal wurdt de fûgel as de ûndersoarte Oditiphaps nobilis aruensis fan 'e fazantdo (Otidiphaps nobilis) behannele. BirdLife International en de IUCN beskôgje de fûgel as in aparte soarte yn it skaai (Otidiphaps).
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt allinnich foar yn primêr reinwâld op de Arû-eilannen foar de kust fan Nij-Guineä.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is net goed bestudearre mar nei alle gedachten wakker te fergelykjen mei oare soarten fan it skaai. Se libje meast op 'e grûn en it iten bestiet út sied en fallen fruit.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN klassifisearret de fûgel as gefoelich (VU, 2016) op 'e Reade list. In rûzing fan 2014 giet út fan in populaasje fan 2500 oant 10.000 folwoeksen fûgels.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
