Springe nei ynhâld

Osvald Käpp

Ut Wikipedy
Osvald Käpp
sporter
Osvald Käpp
Osvald Käpp
persoanlike bysûnderheden
echte namme Osvald Käpp
nasjonaliteit  Estysk
bertedatum 17 febrewaris 1905
berteplak Tallinn
stjerdatum 22 desimber 1995
stjerplak New York flagge fan de Feriene Steaten
lingte 1.73 m
sportive ynformaasje
sport Wrakseljen
ûnderdiel Frije Styl
O.S. Parys 1924,
Amsterdam 1928,
Los Angeles 1932
karriêre-ein 1932
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1928
Sulver grut sulver 1x EK 1926
Brûns grut brûns 1x EK 1927

Osvald Käpp (Tallinn, 17 febrewaris 1905 - New York Feriene Steaten, 22 desimber 1995) wie in Estysk wrakselder.

Hy die meardere kearen mei oan it Europeeske kampioenskip en trije kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924, 1928 en 1932). Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen by it frije styl wrakseljen yn de klasse oant 66 kg. Acht jier letter yn Berlyn wûn hy in brûnzen medalje yn de klasse oant 66 kg.

Yn 1929, wilens de Grutte Depresje, ferhúze Käpp nei de Feriene Steaten en fêstige him yn New York. Käpp wie banketbakker. Doe't er yn Tallinn wenne, wurke er yn in suertsjefabryk en letter iepene er in bakkerij yn New York. Käpp hold op mei sporten nei it seizoen fan 1931, mar in moanne foar de Olympyske Spullen fan 1932, doe't dúdlik wie dat Estlân it net betelje koe om in Olympysk team nei Amearika te stjoeren, waard Käpp benadere troch Estske sportfunksjonarissen dy't him en oare Estske atleten dy't yn Amearika wennen in plak yn it Olympysk Team oanbieden. Yn earste ynstânsje wegere Käpp, lykas in protta oare atleten, om't er hast in jier net traind hie, mar letter besleat er dochs diel te nimmen oan de Olympyske Spullen, tegearre mei atleet Alfred Maasik.
Osvald Käpp ferstoar op 22 desimber 1995, yn 'e âldens fan 90 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: