Springe nei ynhâld

Ostrog (fêsting)

Ut Wikipedy
Toer fan de yn de santjinde iew boude ostrog fan Jakoetsk. Yn 2002 ôfbaarnd en opnij opboud yn ien fan 'e strjitten fan 'e stêd.

In ostrog (Russysk: острог), ostrozjek (острожек) of ostrozjets (острожец) is in delsetting omjûn troch fjouwer oant seis meter hege palissademuorren dy't yn 'e 16e en 17e iuw yn Ruslân boud waarden as beskerming tsjin omreizgjende nomaden.

Fan de 14e oant de 17e iuw waarden se ek boud yn it suden fanJeropeesk Ruslân yn grinsgebieten. Om 1700 hinne begûnen ostrogen in wichtige rol te spyljen yn de Russyske útwreiding nei Sibearje, troch beskerming te bieden tsjin oanfallen fan 'e lokale Sibearyske befolking. Ut ostrogen ûntstiene faak Sibearyske stêden, lykas Anadyr, Berdsk, Jakûtsk, Jenisejsk, Novokûznetsk, Krasnojarsk, Nerchinsk en Tomsk .

Yn de 18e en 19e iuw waarden finzenissen dy't omjûn wienen troch in muorre oantsjut as ostrog.