Ostfreeske Taal
De feriening Oostfreeske Taal - Vereen för oostfreeske Spraak un Kultur i.V. (Eastfryske taal - feriening foar Eastfryske sprake en kultuer) is in feriening dy't him ynset foar it befoarderjen en fuortsterkjen fan it Eastfrysk Plat. De feriening hat syn sit yn Auwerk. Foarsitter is sûnt 2016 Hans Freede út Ulbargen. De feriening waard yn 1990 oprjochte en hat hjoed-de-dei likernôch 1000 leden.
Warberens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Elts jier jout de feriening de Keerlke-Pries út oan lju en ynstelings dy't harren foar it Eastfrysk Plat ynsette. Aksjes fan de feriening wiene yn it ferline Plattdüütsk bi’t Wark, Maakt in Oostfreesland, ferskate streektaaldagen en mear. De feriening wurket gauris gear mei it Plattdütskbüro fan it Ostfriesische Landschaft en de Oostfreeske Schrieverslüü.
Foarsitters
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1990–1993: Johannes Diekhoff
- 1993–1998: Carl-Heinz Dirks
- 1998–2011: Antje Gronewold
- 2011–2016: Martin Feldkamp
- sûnt 2016: Hans Freese
Earefoarsitter wie Johannes Diekhoff oant syn ferstjerren yn 2013.