Springe nei ynhâld

Oss (gemeente)

Ut Wikipedy
Oss
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
Haadplak Oss
Oerflak 170,93 km²[1]
  •  dêrfan lân 163.16 km²
  •  dêrfan wetter 7,77 km²
Ynwennertal 94.654 (1 jannewaris 2024)
Befolkingstichtens 580 ynw./km²
Ferkearsier(en)

Spoar Tilburch-Nijmegen
Netnûmer(s) 0412, 0486, 073
Postkoade(s) 5340-5351, 5366-5373, 5386
www.oss.nl

Oss is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân tusken De Bosk en Nijmegen. It grutste sintrum fan 'e gemeente is de stêd Oss.

Yn 1994 waarden de gemeenten Berghem en Megen, Haren en Macharen by Oss weryndield. Yn 2003 waard de gemeente Ravenstein frijwillich weryndield by Oss. Yn 2011 is de gemeente Lith frijwillich gearfoege. Yn 2015 waard de gemeente fierder útwreide mei Geffen troch de opheffing fan 'e gemeente Maasdonk. De oare twa sintra fan dy gemeente, Vinkel en Nuland gongen nei de gemeente De Bosk.

De gemeente leit tusken de gemeenten De Bosk en Wijchen. De gemeentegrinzen folget oan 'e noardlike kant de Maas. Mei de iggen fan 'e Maas tusken de bochten nei it noarden útstekke, is de gemeente Oss ien fan 'e noardlikste gemeenten fan 'e provinsje.

Oan 'e oare kant fan 'e rivier leit it Lân fan Maas en Waal mei de oanbuorjende Gelderske gemeenten (fan west nei east) Maasdriel, West Maas en Waal en Druten en Wijchen. Fierders grinzget de gemeente Oss (de klok mei) oan 'e gemeenten Lân fan Cuijk, Maashorst, Bernheze en De Bosk.

Bekende wetterwegen binne de Maas yn it noarden, en de Hertogswetering fan Grave nei Gewande, dy't oan 'e noardkant by de stêd Oss lâns rint. Der is ek in sydtûke fan 'e Maas groeven, wêrfanút it Burgemeester Delenkanaal sûnt de jierren 1960 nei de haven fan Oss rint.

Njonken de offisjele plakken binne der noch buorskippen: Achterste Heide]], Duurendseind, Gement, Boveneind, Benedeneind, Kleine Koolwijk en Voorste Heide.

De gemeente Oss waard yn it jier 1810 stifte. Dat barde yn 'e Frânske tiid, doe’t de gemeentlike yndieling fan Nederlân reorganisearre waard neffens Frânsk model. Oss wie doe al in âld plak mei in skiednis dy't fier weromgiet.

De hjoeddeiske gemeente ûnstie neffens ûndersteand oersjoch nei fjouwer weryndielingen yn 1994, 2003, 2011 en 2015:

weryndielingen
eardere gemeente opheffing kearnen yn 'e gemeente
Berghem 1 jannewaris 1994 Berghem
Megen, Haren en Macharen 1 jannewaris 1994 Haren, Macharen, Megen
Oss 1 jannewaris 1994 Oss
Ravenstein 1 jannewaris 2003 Demen, Dennenburg, Deursen, Dieden, Herpen, Huisseling, Keent, Koolwijk, Neerlangel, Neerloon, Overlangel, Ravenstein
Lith 1 jannewaris 2011 Lith, Lithoijen, Oijen, Maren, Kessel, Maren-Kessel, 't Wild, Teeffelen
Maasdonk 1 jannewaris 2015 Geffen

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente telt hûnderten monuminten, bysûndere archeologysk plakken, yndustrieel erfgoed, tsjerken en kleasters en heart ta de fyftich Nederlânske gemeenten mei de measte monuminten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Gemeenten yn Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert
· · Berjocht bewurkje