Springe nei ynhâld

Oseänysk gebiet

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oseänyske gebiet)
In lânkaart dy't it gongberste berik fan it Oseänysk gebiet sjen lit. (Yn it easten rint it fierder om Peaske-eilân en Sala y Gómez te omfetsjen.)

It Oseänysk gebiet of Oseaanje is yn 'e biogeografy ien fan 'e acht ekosônes fan 'e wrâld. De namme ferwiist nei it wrâlddiel Oseaanje, wêrfan't de namme wer ferwiist nei de oseaan, spesifyk de Stille Oseaan.

It Oseänysk gebiet omfettet de regio Mikroneezje hielendal, de regio Polyneezje útsein Nij-Seelân, Norfolk en de Chathameilannen, en fan 'e regio Melaneezje allinnich de Fidzjy-eilannen. Hoewol't it mar in lyts bytsje oerflak oan drûch lân hat, is it in tige útstrutsen gebiet, dat oer tûzenen kilometers rint fan Palau, Gûam en de Noardlike Marianen yn it noardwesten oant Peaske-eilân en Sala y Gómez (gebietsdielen fan Sily) yn it súdeasten, en fan 'e Hawaï-eilannen en it ûnbewenne Frânske eilantsje Clipperton yn it noardeasten oant de Kermadeceilannen yn it súdwesten.

Yn súdwesten grinzget it Oseänysk gebiet oan it Australazysk gebiet. As grins tusken dy beide ekosônes wurdt almeast de saneamde Lydekkerline oanholden, dy't ferneamd is nei de Ingelske biolooch Richard Lydekker. Dy line skiedt de eilannen yn Oseaanje dy't omjûn wurde troch djip wetter fan dy dy't lykas it fêstelân fan Austraalje op it (ûndjippere) Sahulplat lizze, dat it Australyske kontinintaal plat is. Dat betsjut dat Nij-Seelân mei de Chathameilannen, Nij-Kaledoanje, de Nije Hebriden (Fanûatû), de Salomonseilannen, en Nij-Guineä mei de Bismarckarsjipel en oare, lytsere eilannegroepen bûten it Oseänysk gebiet falle. Mar it komt ek wol foar dat Nij-Seelân, Nij-Kaledoanje, de Nije Hebriden, de Salomonseilannen en de Bismarckarsjipel wol yn it Oseänysk gebiet pleatst wurde. Foar Nij-Guineä is dat lykwols nea it gefal.

Yn it noardwesten grinzget it Oseänysk gebiet oan it Paleärktysk gebiet, dat de Japanske Eilannen omfettet, en oan it Yndomaleisk gebiet, dêr't de Rjûkjû-eilannen, Taiwan en de Filipinen ûnder falle. Yn it easten leit folle mear iepen see ear't yn Noard-Amearika it Neärktysk gebiet begjint en yn Súd- en Midden-Amearika it Neotropyske gebiet. De Juan-Fernándezeilannen (krekt as Peaske-eilân en Sala y Gómez in oerseesk gebietsdiel fan Sily) wurde soms by it Oseänysk gebiet yndield, mar soms ek by it Neotropysk gebiet.

It Oseänysk gebiet is de iennichste ekosône dy't oan beide kanten fan 'e datumgrins leit. Sadwaande is it sawol op it eastlik healrûn as op it westlik healrûn sitewearre. De fauna fan it Oseänysk gebiet wurdt karakterisearre troch in protte besibbe bisten dy't op in soad ûnderskate eilannen isolearre rekke binne en har ta selsstannige soarten ûntjûn hawwe. Troch lytse ferspriedingsgebieten en navenant lytse populaasjes binne sokke soarten kwetsber foar útstjerren, bgl. troch oerbejaging, yntrodusearre sykten en predaasje troch of konkurrinsje fan ynvasive eksoaten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


ekosônes yn de biogeografy
Afrotropysk gebiet Antarktysk gebiet Australazysk gebiet Holarktysk gebiet (Neärktysk gebiet + Paleärktysk gebiet) Yndomaleisk gebiet Neotropysk gebiet Oseänysk gebiet