Oscar Piastri
| Oscar Jack Piastri | ||
| Piastri yn 2019 | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | Australië | |
| bertedatum | 6 april 2001 | |
| berteplak | Melbourne | |
| Formule 1 karriêre | ||
| jieren aktyf | 2023-heden | |
| autonûmmer | 81 | |
| Teams | McLaren | |
| Tal races | 58 | |
| Oerwinningen | 7 | |
| Tal poadia | 20 | |
| tal Polepositions | 4 | |
| offisjele webside | ||
| Oscarpiastri.com | ||
Oscar Jack Piastri (Melbourne, 6 april 2001) is in Australysk autokoereur. Yn 2019 waard er kampioen yn de Eurocup Formule Renault 2.0. Fan 2020 ôf makket er diel út fan de Renault Sport Akademy. Dat jier waard er ek kampioen yn it FIA Formule 3-kampioenskip. Yn 2021 waard hy kampioen yn de Formule 2. Sûnt 2023 makket Piastri diel út fan it McLaren team yn de Formule 1.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Piastri begûn syn autosportkarriêre yn it karten yn 2011, dat hy fan 2014 ôf proffesjoneel oppikte. Hy wûn ferskate titels yn syn thúslân Australië. Yn 2015 makke hy de oerstap nei Europa en die er mei oan in tal troch de FIA organisearre kartkampioenskippen. Yn 2016 behelle hy dêr syn bêste resultaat mei in sechsde plak yn it wrâldkampioenskip.
Formuleauto's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Formule 4
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de ein fan 2016 makke Piastri syn debút yn de autosport yn it VAE Formule 4-kampioenskip by it team Dragon F4. Hy naam diel oan trije fan de fiif racewykeinen en helle op it Yas Marina Sirkwy twa poadiumplakken. Mei 94 punten waard er sechsde yn de einstân.
Yn 2017 makke Piastri syn foltiidsk Formule 4-debút yn it Britske Formule 4-kampioenskip by it TRS Arden Junior Team. Hy behelle seis oerwinningen op Oulton Park, it Snetterton Motor Racing Sirkwy (twa kear), it Knockhill Racing Sirkwy (twa kear) en Silverstone en stie yn njoggen oare races op it poadium. Mei 376,5 punten einige er efter Jamie Caroline as twadde yn it klassemint.
Formule Renault
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2018 gie Piastri oer nei de Eurocup Formule Renault 2.0, dêr't er syn gearwurking mei Arden fuortsette soe. Hy behelle in poadiumplak op Spa-Francorchamps en foege dêr op de Hockenheimring nochris twa poadiumfinishes oan ta. Mei 110 punten waard hy achtste yn de einstân.
Yn 2019 bleau Piastri riden yn de Eurocup, mar makke de oerstap nei it team R-ace GP. Yn it twadde racewykein op Silverstone behelle er syn earste twa oerwinnings yn de klasse. Dêrneist behelle hy oerwinnings op Spa-Francorchamps, de Nürburgring (twa kear), de Hungaroring en it Yas Marina Sirkwy. Mei 320 punten waard er kampioen yn de klasse, dêr't er net mear as 7,5 punten foarsprong hie op de nûmer twa Victor Martins.
Formule 3
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2020 waard Piastri, as beleanning foar syn titel yn de Eurocup, opnaam yn de Renault Sport Academy, it opleidingsprogramma fan it Formule 1-team fan Renault. Dêrneist makke er dat jier syn Formule 3-debút yn it FIA Formule 3-kampioenskip, dêr't er útkaam foar it team Prema Racing. Hy wûn de seizoensiepener op de Red Bull Ring en op it Sirkwy de Barcelona-Catalunya. Mei fjouwer oare poadiumplakken en 164 punten waard er by de seizoensfinale op it Sirkwy Mugello kroand ta kampioen yn de klasse, nei't syn lêtste konkurinten Logan Sargeant en Théo Pourchaire net genoach punten hienen om him yn helje te kinnen.
Formule 2
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2021 stappe Piastri oer nei de Formule 2, dêr't hy syn gearwurking mei Prema fuortsette. Al yn it earste racewykein op it Bahrain International Sirkwy behelle er syn earste oerwinning. Yn de lêtste fiif wykeinen behelle hy fiif polepositions op rige en wûn hy fiif races op it Autodromo Nazionale Monza, it Sochi Autodrom, it Jeddah Corniche Sirkwy (twa kear) en it Yas Marina Sirkwy. Yn de rest fan it seizoen stie er nochris fiif kear op it poadium. Op Yas Marina waard hy kroand ta kampioen mei 252,5 punten. Dêrmei wie er de tredde 'rookie' yn fiif jier dy't Formule 2-kampioen waard; foar him prestearden Charles Leclerc en George Russel dat ek. Hy hat foar dizze prestaasje de priis Rookie of the year 2021 krigen.
Formule 1
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]2022
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Piastri grypte yn 2022 neist in fêste oanstelling yn de Formule 1. Wol kaam er dat jier út as reservekoureur fan it Alpine F1 team.
2023
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 2 september 2022 waard bekendmakke dat Piastri fan it seizoen 2023 ôf foar it McLaren-team ride soe. Op 7 oktober 2023 wûn er de Sprint yn de GP fan Qatar. In dei letter, op 8 oktober, behelle hy de twadde plak yn dy Grand Prix.
2024
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2024 slagge it Piastri en helje syn earste Grand Prix-oerwinning yn Hongarije. Hy behelle ek de winst yn de GP fan Azerbeidzjan.
Karriêre-oersjoch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Resultaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | Race klasse | Team | Races | Oerwinningen | Poles | Fluchste ronde | Poadiums | Punten | Kampioenskip |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| 2016–17 | Formule 4 VAE | Dragon F4 | 11 | 0 | 0 | 0 | 2 | 94 | 6 |
| 2017 | Formule 4 VK | TRS Arden Junior Team | 30 | 6 | 6 | 5 | 13 | 376.5 | 2 |
| Formule Renault NEC | Arden Motorsport | 2 | 0 | 0 | 0 | 0 | 26 | 21 | |
| 2018 | Formula Renault Eurocup | Arden Motorsport | 20 | 0 | 0 | 0 | 3 | 110 | 8 |
| Formule Renault NEC | 8 | 0 | 0 | 0 | 0 | 0 | - | ||
| 2019 | Formule Renault Eurocup | R-ace GP | 19 | 7 | 5 | 6 | 11 | 320 | 1 |
| 2020 | Formule 3 | Prema Racing | 18 | 2 | 0 | 4 | 6 | 164 | 1 |
| 2021 | Formule 2 | Prema Racing | 23 | 6 | 5 | 6 | 11 | 252.5 | 1 |
Formule 1-karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Team
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | Team |
|---|---|
| 2023 – heden | McLaren |
Statistyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Understeande tabel is bywurke oant 'e mei de Grand Prix fan Grut-Brittannië 2025.
| 2023 | 2024 | 2025 * | Totaal | |
|---|---|---|---|---|
| Oantal races | 22 | 24 | 12 * | 58 (58 starts) |
| Oantal oerwinnings | 0 | 2 | 5 * | 7 |
| Oantal pole-positions | 0 | 0 | 4 * | 4 |
| Oantal fluchste rondes | 2 | 1 | 4 * | 7 |
| Oantal poadiumplakken | 2 | 8 | 10 * | 20 |
| Oantal WK-punten | 97 | 292 | 234 * | 623 |
| Einstân WK | 9 | 4 | 1 * |
Formule 1-resultaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
| Jier | Ynskriuwing | Sjassy | Motor | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | Pos. | Punten |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| 2023 | McLaren | McLaren <br id="mwAVg"><br>MCL60 | Mercedes F1 M14 E Performance V6 |
BHR DNF |
SAR 15 |
AUS 8 |
AZE 11 |
MIA 19 |
MON 10 |
SPA 13 |
CAN 11 |
OOS 16 |
GBR 4 |
HON 5 |
BEL 2DNF |
NED 9 |
ITA 12S |
SIN 7 |
JPN 3 |
QAT 12 |
VST DNF |
MXS 8 |
SAP 14 |
LSV 10S |
ABU 6 |
9 | 97 | ||
| 2024 | McLaren | McLaren <br id="mwAbU"><br>MCL38 | Mercedes F1 M15 E Performance V6 |
BHR 8 |
SAR 4 |
AUS 4 |
JPN 8 |
CHN 78 |
MIA 613S |
EMI 4 |
MON 2 |
CAN 5 |
SPA 7 |
OOS 22 |
GBR 4 |
HON 1 |
BEL 2 |
NED 4 |
ITA 2 |
AZE 1 |
SIN 3 |
VST 5 |
MXS 8 |
SAP 28 |
LSV 7 |
QAT 13 |
ABU 10 |
4 | 292 |
| 2025* | McLaren | McLaren <br id="mwAhg"><br>MCL39 | Mercedes F1 M16 E Performance V6 |
AUS 9 |
CHN 21P |
JPN 3 |
BHR 1PS |
SAR 1 |
MIA 21 |
EMI 3P |
MON 3 |
SPA 1PS |
CAN 4 |
OOS 2S |
GBR 2S |
BEL |
HON |
NED |
ITA |
AZE |
SIN |
VST |
MXS |
SAP |
LSV |
QAT |
ABU |
1* | 234* |
- * Seizoen noch dwaande.
Oerwinnings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sprintoerwinnings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Nr. | Grand Prix | Konstrukteur |
|---|---|---|
| 1 | ||
| 2 |