Yndomaleisk gebiet

It Yndomaleisk gebiet of Yndomalakka is yn 'e biogeografy ien fan 'e acht ekosônes fan 'e wrâld. De namme is in gearlûking fan "Ynje" en "Malakka". Dizze ekosône wurdt ek wol it Oriïntaalsk gebiet of de Oriïntalis neamd, ferwizend nei de eastlike geografyske lizzing.
It Yndomaleisk gebiet omfettet it Yndysk subkontinint besuden de Himalaya mei Sry Lanka en beskate eilannegroepen yn 'e Yndyske Oseaan (de Malediven, de Lakkadiven, de Andamanen en de Nikobaren), East-Aazje besuden de Jangtsekiang mei dêrby ynbegrepen de eilannen Taiwan, Hainan en de Rjûkjû-eilannen, it fêstelân fan Súdeast-Aazje ynkl. it skiereilân Malakka, fierders de Filipinen, it meastepart fan 'e Grutte Sûnda-eilannen yn it westen fan 'e Yndyske Arsjipel (te witten: Sumatra, Java en Borneo mei oanbuorjende lytsere eilannen, mar útsein Selebes), en ta einbeslút Baly, it westlikste fan 'e Lytse Sûnda-eilannen.
Yn it noarden grinzget it Yndomaleisk gebiet yn East-Aazje en de noardlike râne fan Súd-Aazje oan it Paleärktysk gebiet. Yn it uterste westen tikket it oan 'e kust fan 'e Arabyske See noch krekt it diel fan it Afrotropysk gebiet yn súdeastlik Iraan oan. En yn it súdeasten giet it Yndomaleisk gebiet healwei de Yndyske Arsjipel oer yn it Australazysk gebiet. Wallacea, in regio yn it easten fan 'e Yndyske Arsjipel dat Selebes, de Molukken en de Lytse Sûnda-eilannen omfettet, is eins in oergongsgebiet tusken dy beide ekosônes, mei skaaimerken fan allebeide.
It Yndomaleisk gebiet is alhiel beheind ta it eastlik healrûn. It kin opdield wurde yn ferskate lytsere ekoregio's, wêrûnder it Yndysk subkontinint, Yndosina en Sûndalân, de Filipinen en de eilannen yn 'e Eastsineeske See.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
