Springe nei ynhâld

Andeswilster

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oreopholus ruficollis)
Andeswilster
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaaiAndeswilsters (Oreopholus)
soarte
Oreopholus ruficollis
Wagler, 1829
IUCN-status:net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     briedfûgel

     wintergast


De Andeswilster (Oreopholus ruficollis) is in fûgel fan it monotypyske skaai Andeswilsters (Erythrogonys) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae)

De Andeswilster is in rjochtopsteande wilster fan 25 oant 29 sintimeter mei in lange en smelle snaffel. It fearrekleed is meast gielbrún mei in swier streke rêch. De kop en it kin binne krêmkleurich mei in donkerder krún en in donkere eachstreek. De kiel is oranjebrún plak en de nekke en it boarst binne griis. In lyts mar dúdlik swart plak is op 'e búk te sjen. Yn 'e flecht binne de wite ûnderkanten fan 'e wjukken sichtber.

Andeswilsters komt yn West- en Súd-Amearika foar. Se wurde ferdield yn twa ûndersoarten:

De noardlike ûndersoarte is fral in stânfûgel fan 'e drûge kust fan Noard-Perû. De súdlike ûndersoarte (de nominaat ruficollis) briedt op 'e Patagoaynske steppes, de gerslannen fan 'e kâlde en drûge heechflakte Puna en de sânige, hast ûnbegroeide gebieten fan 'e súdlike Andes yn Argentynje, Bolivia, Sily en Perû. Bûten de briedtiid migrearret de fûgel nei it eastlike lânbougebieten fan Oerûguay en Argentynje.[1]

De rûzing fan 'e populaasjegrutte fan 'e nominale ûndersoarte O.r. ruficollis is minder as 10.000 fûgels (Wetlands International, 2023). Nei alle gedachten leit it oantal heger as der rekken holden wurdt nei de grutte fan it ferspriedingsgebiet en de frekwinsje fan waarnimmingen. Foar de ûndersoarte O. r. pallidus is gjin rûzing. De totale populaasjegrutte is dêrom ûnbekend, mar wurdt net as lyts beskôge.

Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de soarte as net bedrige (Least Concern, 2025) klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: