Oranjewangastrild
| Oranjewangastrild | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Estrilda melpoda | ||||||||||||
| (Vieillot, 1817) | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De oranjewangastrild (Estrilda melpoda) is in lyts fûgeltsje út de famylje fan 'e prachtfinken (Estrildidae). De soarte komt fan oarsprong út West- en Sintraal-Afrika. Troch syn opfallende oranje wangen is de fûgel ien fan 'e meast bekende astrilden yn 'e avikultuer.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oranjewangastrild wurdt sa'n 10 sintimeter lang. It fearrekleed is oer it algemien ljochtgriis op 'e kop en de nekke, wylst de rêch en de wjukken mear brúnich binne. It meast opfallende skaaimerk binne de grutte, oranje plakken op 'e wangen, dêr't de fûgel de namme oan tanket. De snaffel is ek opfallend read. De stút is read, wylst de sturtfearren swartich binne. De búk is ljochtgriis oant wytich, faak mei in gielige of ljochtoranje gloed yn 'e midden. It mantsje en it wyfke lykje in soad op inoar, al binne de oranje wangplakken by it mantsje faak krekt wat grutter en feller fan kleur as by it wyfke.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oranjewangastrild hat in grut ferspriedingsgebiet yn Afrika dat rint fan Senegal yn it westen oant Angoala yn it suden en Sambia yn it easten. Der binne ek ferwyldere populaasjes te finen yn lannen bûten Afrika, lykas op Porto Riko, de Bermuda-eilannen en op 'e Hawaï-eilannen, dêr't se troch de minske yntrodusearre binne. Se libje benammen yn iepen lânskip mei heech gers, boskrânen en lânbougebieten. Se wurde ek faak sjoen yn tunen en parken yn 'e buert fan minsklike bewenning.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oranjewangastrild is in tige beweechlike en sosjale fûgel. Se wurde faak yn lytse groepkes sjoen of kloften fan tritich of mear fûgels en binne hieltiten op syk nei iten. De fûgels hâlde kontakt mei inoar troch koarte, hege lûden.
It dieet bestiet foar it grutste part út de sieden fan ferskate gerssoarten. Se helje de sieden direkt út de gersieren of pikke se fan 'e grûn. Njonken sied ite se ek lytse ynsekten, benammen yn 'e briedtiid, om de jongen fan genôch aaiwiten te foarsjen.
It nêst wurdt boud fan gers en is faak rûn fan foarm mei in lytse yngong. It stiet meastentiids op of krekt boppe de grûn yn ticht gers of in strûk. In opfallend skaaimerk is dat se lykas oare soarten yn it skaai in 'skynnêst' boppe-op it echte nêst bouwe kinne. It wyfke leit 3 oant 6 wite aaikes. Beide âlden helpe by it brieden en it fuorjen fan 'e jongen.
Avikultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e avikultuer is de oranjewangastrild in populêre fûgel om't se relatyf maklik te hâlden binne en in fredich karakter hawwe. Se kinne goed oerwei mei oare lytse tropyske finken yn in mienskiplik fûgelhok, dat mei tichte begroeiïng beplante is.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt troch de IUCN klassifisearre as net bedrige (Least Concern). De populaasje wurdt as stabyl beskôge en hat in grut ferspriedingsgebiet. Ek hat de fûgel in grut oanpassingsfermogen oan feroaringen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Astrild
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Eksoat yn Porto Riko
- Eksoat yn de Feriene Steaten
- Eksoat yn Spanje
- Eksoat yn de Noardlike Marianen
- Eksoat yn Martinyk
- Eksoat yn Gûadelûp
- Eksoat yn Bermuda
