Springe nei ynhâld

Oranjetoefkakketoe

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oranjetoefkakatoe)
oranjetoefkakketoe
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljekakketoefûgels (Cacatuidae)
skaaiwite kakketoes (Cacatua)
soarte
Cacatua citrinocristata
Fraser, 1844
IUCN-status: krityk
ferspriedingsgebiet

De oranjetoefkakketoe (wittenskiplike namme: Cacatua citrinocristata) is in fûgel út it skift fan 'e pappegaai-eftigen (Psittaciformes), de famylje fan 'e kakketoefûgels (Cacatuidae) en it skaai fan 'e wite kakketoes (Cacatua). Yn 'e mande mei fiif nau besibbe soarten foarmet dizze fûgel it ûnderskaai fan 'e echte wite kakketoes (ek Cacatua). De oranjetoefkakketoe is endemysk op it Yndonezyske eilân Sûmba. Foarhinne waard er sjoen as in ûndersoarte fan 'e lytse gieltoefkakketoe (Cacatua sulphurea), mar sûnt 2023 wurdt er as selsstannige soarte erkend. De IUCN klassifisearret de oranjetoefkakketoe as kritik bedrige.

De oranjetoefkakketoe waard yn 1844 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Britske soölooch Louis Fraser. Yn 't earstoan hie dizze fûgel de wittenskiplike namme Plyctolophus citrinocristatus.

In oranjetoefkakketoe.

De oranjetoefkakketoe is nei alle gedachten tige nau besibbe oan 'e lytse gieltoefkakketoe (Cacatua sulphurea), dy't foarkomt op Selebes en de Lytse Sûnda-eilannen. Lange tiid gou de oranjetoefkakketoe as in ûndersoarte fan 'e lytse gieltoefkakketoe, mar yn 2022 waard de fûgel op basis fan nij DNA-ûndersyk troch de gesachhawwende ornitologyske organisaasje Birdlife International erkend as in selsstannige soarte. In gelikense erkenning fan 'e Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU) folge yn 2023.

De oranjetoefkakketoe is endemysk op it eilân Sûmba yn Yndoneezje, it súdlikste en meast isolearre gruttere eilân fan 'e Lytse Sûnda-eilannen. Fierders komt er nearne foar.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oranjetoefkakketoe hat in totale lichemslingte fan likernôch 33 sm, mei in gewicht fan sa'n 380 g. It fearrekleed is fierhinne wyt, mei in fel kleure oranje toef, dy't ornaris opteard is en fan 'e efterholle ôf nei efteren stekt. As de fûgel delstrykt of opwûn rekket, set er lykwols de toef op, wat der spektakulêr útsjocht. De ûnderkant fan 'e sturt en fan 'e wjukken skine wat út 'en gielens, en op wat faak it "wang" neamd wurdt (eins it plak dêr't it ear sit) hawwe de wite fearren in lichte oranje tint. De koarte, omleech bûgde, skerpe snaffel is grizich útskaaiend nei swart, en datselde jildt foar de poaten, wêrfan't twa teannen nei foarren wize en twa nei efteren. De eachrâne en it eachlid hawwe in hiel lochte blauwe kleur. Der bestiet frijwol gjin seksuele dimorfy, allinnich binne de eagen by wyfkes koperkleurich, wylst se by mantsjes swart binne.

Oranjetoefkakketoes komme foar yn tropysk reinwâld, mar ek op kultuerlân dat yn agrarysk gebrûk is. Yn it wâld mije se it djipste oerwâld en binne se faker oan 'e wâldsigge te finen.

In pyk fan 'e oranjetoef-kakketoe yn in dieretún yn it Tsjechyske Děčín.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oranjetoefkakketoe libbet yn lytse groepen, dy't foar 't neist foar it meastepart besteane út besibbe fûgels. It is in herbivoar, dy't libbet fan sieden, nuten, beien, oare fruchten en griene plantedielen. Oer de fuortplantingssyklus fan dizze fûgel yn it wyld is frijwol neat bekend. De rop fan 'e oranjetoefkakketoe is in rou, krassend grrrê.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e oranjetoefkakketoe binne benammentlik ferskate soarten earnen, haukfûgels en ûlen.

De oranjetoefkakketoe hat de IUCN-status fan "krityk bedrige", mei't er mar in lyts ferspriedingsgebiet hat en om't de populaasje sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw sterk yn it neigean rekke is. Dat komt benammen troch it weifangen fan fûgels út it wyld om ferkocht te wurden as húsdier. Oant likernôch de milenniumwiksel wie dy hannel legaal, mar ek no't it ferbean is, giet it yn yllegale foarm noch troch. Yn 1993 waard by in telling fêststeld dat der yn it wyld noch minder as 2.000 eksimplaren fan 'e oranjetoefkakketoe oer wiene, en tsjin 2012 wie dat sifer belune ta 563. Stranger tafersjoch fan 'e Yndonezyske autoriteiten en de opname fan 'e oranjetoefkakketoe yn it CITES-ferdrach, dat de hannel yn beskate bisten ferbiedt, hat derfoar soarge dat it oantal oranjetoefkakketoes yn it wyld neffens in skatting fan 'e IUCN yn 2021 wer oanwûn wie ta 800–1.320 fûgels.

De oranjetoefkakketoe is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten binne.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Eizelnachweise, op dizze side,