Springe nei ynhâld

Oranjeread

Ut Wikipedy
oranjeread
kleurkoördinaten
heksadesimaal#FF3800
RGBª (r, g, b)(255, 56, 0)
CMYKº (c, m, y, k)(0, 78, 100, 0)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Oranjeread is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan oranje of fan read. It sit tusken dy beide kleuren yn, mei skaaimerken fan beide. In protte klean dy't yn Nederlân droegen wurdt ta gelegenheid fan Keningsdei of fan 'e nasjonale dielname oan it WK fuotbal is eins oranjeread en net suver oranje.

Les Coquelicots fan Claude Monet.

Yn it Ingelsk wurdt oranjeread coquelicot neamd (útspr.: [ˈkoʊklikoʊ]; likernôch: "kook-ly-koo"), nei de Frânske namme foar de klaproas (Papaver rhoeas). Dat is in blom dy't opfalt troch syn felle reade kleur mei in oranjige tint.

Keunstskilder Claude Monet skildere yn 1873 syn skilderij Les Coquelicots, oftewol De Klaproazen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.