Oranje fruchtdo
oranje fruchtdo | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() Mantsje ![]() Wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Ptilinopus victor | ||||||||||||
Gould, 1872 | ||||||||||||
![]() | ||||||||||||
De oranje fruchtdo (Ptilinopus victor; synonym: Chrysoena victor) is in fûgelsoarte yn it skaai fruchtdowen (Ptilinopus) út de famylje fan 'e dowen (Columbidae).
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is ien fan mear as 50 soarten yn it skaai Ptilinopus. Tegearre mei de giele fruchtdo (P. luteovirens) en de gielkopfruchtdo (P. layardi) wurdt de oranje fruchtdo yn it ûnderskaai Chrysoena set. Ek wurde de trije soarten wol yn in apart skaai set.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte is in spektakulêre do, mei in foar dowen folslein unyk fearrekleed. It mantsje is briljant oranje mei hier-eftige fearren en giele wjukpunten. De kop is oliifgrien. It wyfke is meast grien mei giel ûnder de sturt en in oliifgrien gesicht. Ek de rop is unyk, fan in ôfstân liket it roppen as in drippende kraan en fan tichtby mear as immen dy't mei de fingers knipt.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk op 'e Fidzjyeilannen en wurdt yn twa ûndersoarten ûnderskieden:
- Ptilinopus victor victor: Vanua Levu, Rabi, Kioa en Taveuni.
- Ptilinopus victor aureus: Qamea en Laucala.
De fûgel hat in foarkar foar iepen bosk, ynklusyf sekundêre en galerijbosk, mar komt ek faak foar yn âlde bosken mei in sletten blêdetek op hichten fan 420–980 m. Mooglik hat syn ôfwêzigens yn leechlân net te meitsjen mei de hichte, mar troch brek oan geskikt habitat fanwegen ûntbosking yn 'e lege gebieten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in lyts ferspriedingsgebiet, mar de populaasje liket stabyl. De IUCN kategorisearret de soarte as net bedrige (LC, 2024).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|