Springe nei ynhâld

Opwierde

Ut Wikipedy
Opwierde
Tsjerke fan Opwierde
Tsjerke fan Opwierde
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal75 (1 jannewaris 2025) [1]
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 19' N 6° 52' E
Offisjele webside
Side stêd Appingedam
Kaart
Opwierde (Grinslân)
Opwierde
Kaart
Tsjerke fan Opwierde
"Opwierda" op in kaart fan de eardere gemeente Appingedam fan om 1865 hinne

Opwierde (Grinslânsk: Opwier, histoaryske namme: Opwierda) is in earder doarp en hjoed-de-dei in wyk fan de stêd Appingedam yn 'e gemeente Iemsdelta yn 'e provinsje Grinslân. Opwierde leit oan 'e súdeastkant fan Appingedam en hat 75 ynwenners (1 jannewaris 2025). Foar adressen en postkoades leit Opwierde yn Appingedam.

De namme wurdt foar it earst neamd yn 1228 as Upwirthe. Yn 1453 komt to vpwyrden en yn 1581 Upweerda foar. De namme is in gearstalling fan it Aldfryske up (heger, nei binnen ta lein) en wirth (terp, bewenne hichte) yn tsjinstelling ta Uitwierde.[2]

Op 'e terp yn it âlde doarp stiet de romanogoatyske tsjerke fan Opwierde, boud yn 1235-1250. It ienskippige gebou bestie oarspronklik út trije traveeën. De westlike travee waard yn 1838 foar de helte ôfbrutsen. Ek de frijsteande toer waard doe ôfbrutsen. De tsjerke is eigendom fan de Stichting Alde Grinslânske Tsjerken.

It doarp hearde yn 'e Frânske tiid foar in koart skoftke by de gemeente farmsum heard, oant dy dêrnei ferparte waard oer de gemeenten Delfsyl en Appingedam.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ↑ CBS
  2. ↑ G. van Berkel en K. Samplonius: Nederlandse plaatsnamen verklaard, 2018 yn etymologiebank.nl, stekwurd: "Opwierde"
Iemsdelta
Stêden:
Appingedam • Delfsyl
Doarpen:
Bierum • Borgsweer • Eenum • Farmsum • Garrelsweer • Garsthuizen • Godlinze • Holwierde • Huizinge • Krewerd • Leermens • Loppersum • Losdorp • Medhuizen • Middelstum • Oosterwijtwerd • Opwierde • Seeryp • Syldyk • Solwerd • Spijk • Startenhuizen (foar in part) • Stedum • Termunten • Termunterzijl • Tjamsweer • Toornwerd • Uitwierde • Wagenborgen • Westeremden • Westerwijtwerd • Winneweer (foar in part) • Wirdum • Woldendorp • 't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
Amsweer • Arwerd • Baamsum • Biessum • Binnen Ae • Boerdam • Dallingeweer • Dekkershuizen • Dijkum • Eekwerd • Eekwerderdraai • Eelshuis • Fiemel • Fraamklap • Garreweer • Garsthuizervoorwerk • Geefsmeer • De Heemen • Hoeksmeer • Hoogwatum • Jukwerd • Kolhof • Kopaf • Krangeweer • Ideweer • Lalleweer • Langerijp • Laskwerd • Lesterhuis • Lutjerijp • Marsum • Merum • Nansum • Nienhuis • Nieuwstad • Nooitgedacht • Oldenklooster • Oling • Opmeeden • De Palen • Polen (foar in part) • Rodeschool • Schaapbulten • Stork • Terhorn • Tweehuizen • Uiteinde • Vierburen • Vierhuizen • Wirdumerdraai • 't Zandstervoorwerk • Zomerdijk
Eardere plakken:
Heveskes • Naterij • Oterdum • Reide • Weiwerd
· · Berjocht bewurkje