Springe nei ynhâld

Opstanningskatedraal (Tver)

Ut Wikipedy
Opstanningskatedraal

Воскресенский собор

Lokaasje
lân Ruslân
plak Tver
adresUl. Barrikadnaja, 1
koördinaten56°51'N 35°52'E
Arsjitektuer
arsjitektNikolaj Omeljûsty
boujier1912-1913
monumintale statuskultureel monumint
monumintnûmer6900042029
Webside
side fan 'e katedraal
Kaart
Opstanningskatedraal (Tver)
Opstanningskatedraal

De Opstanningskatedraal (Russysk: Воскресенский собор; Voskresenski sobor) is in Russysk-otterdokse katedraal yn Tver, in sted yn Ruslân. Fan 1992 oant 2024 tsjinne de tsjerke as katedraal fan it bisdom Tver.

De tsjerke waard yn 1914 neffens in ûntwerp fan Nikolaj Omeljûsty út Sint-Petersburch boud mei finansjele help fan it lokale Kristus-Bertekleaster en tsaar Nikolaas II yn it ramt fan it jubileum fan it 300-jierrich jubileum fan 'e Romanov-dynasty.

De tsjerke waard yn neorussyske styl boud yn 'e foarm fan in kubus mei trije apsissen en in grutte tamboer mei in helmfoarmige koepel. De arsjitektuer fan Novgorod en Pskov binne yn 'e foarmen tapast.

Yn it ramt fan 'e anty-religieuze kampanje fan Stalin waard de tsjerke yn 1936 foar de earetsjinst sletten.

De Russysk-Otterdokse Tsjerke krige de tsjerke yn 1988 werom, dy't de tsjerke yn 1992 wer iepene. By de katedraal waard op it plak fan in ferneatige kapel in kapel boud en wijd oan 'e keninklike martlers. Nei de iepening waard de Opstanningstsjerke de katedraal fan it bisdom Tver. Yn 2008 waard de katedraal restaurearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Вознесенский собор (Тверь)