Opportunisme
Opportunisme (fan it Italjaanske opportunismo) is it jins eigen foardiel dwaan mei omstannichheden dy't geunstich foar jinssels útpakke, sûnder jin op lykfol hokker wize ek te bekroadzjen om etyske beswieren of om wat de gefolgen fan jins hanneljen foar oaren wêze sille. Immen dy't sûnder prinsipes út eigenbelang hannelet, wurdt dêrom ek wol in opportunist neamt. De term wurdt net inkeld foar minsken brûkt, mar ek by biologyske beskriuwings foar bisten dy't eltse kâns oangripe om oan iten te kommen. In omnivoar lykas de waskbear (Procyon lotor), dy't net sinnich is en yt wat der op syn paad komt, kin yn dat ramt bygelyks in opportunist neamd wurde. Opportunisme, of sekuerder: opportunistysk gedrach, is in wichtich konsept yn stúdzjefjilden lykas soölogy, ekonomy, etyk, psychology, sosjology en politikology.
Yn it minsklik hâlden en dragen hat opportunisme te krijen mei it spanningsfjild tusken wat lju yn teory fine fan beskate dieden, en wat se yn 'e praktyk dogge as se mei mooglikheden en útdagings konfrontearre wurde. In opportunist besiket der foar himsels foardiel út te heljen wannear't in mooglikheid him dêrta foardocht. Dêrby sil er syn eigenbelang boppe oare belangen stelle, yn tsjinstelling mei in earder fêststeld prinsipe, of yn tsjinstelling mei in prinsipe dat in hegere prioriteit hawwe moatte soe. Dêrom wurdt opportunistysk hâlden en dragen ornaris beskôge as op syn minsten moreel twifelich en soms sels as folslein yllegitym. Opportunisme wurdt dêrom sjoen as in karakterflater, en persoanen dy't har deroan oerjouwe, kinne it stimpel asosjaal op drukt krije as har hâlden en dragen skamteleas genôch is, bygelyks troch iepentlik en sûnder jildich ekskús de nedichheden, winsken en belangen fan oaren mei fuotten te trêdzjen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
