Springe nei ynhâld

Opperlandse taal- & letterkunde

Ut Wikipedy

Opperlandse taal- & letterkunde is in Nederlânsk boek út 1981 dat wijd is oan bysûndere Nederlânske taalferskynsels. It waard skreaun troch `Battus`, ien fan it grut tal pseudonimen fan Hugo Brandt Corstius.

It boek is in bûnte samling fan wurd- en taalboarterijen en taalspultsjes lykas lipogrammen, pangrammen, palindromen en lange wurden. Ferskate bekende taalspultsjes binne yn it wurk sammele, tagelyk mei in soad oare taalkundige rariteiten. De oarspronklike útjefte fan 1981 hat 10 haadstikken (nûmere fan 0 oant en mei 9), wêryn’t op koartswilige wize omsprongen wurdt mei de Nederlânske taal.

Yn haadstik 0, titele Program, inclusief de Grondnwet van Opperland’’, wurdt útlein wat Opperlânsk is: Opperlânsk is Nederlânsk mei fakânsje. Opperlânsk is Nederlânsk sûnder it akelige nut dat oan dy taal no ienris klevet. Opperlânske wurden en Opperlânske sinnen sogge der op it earste each itselde út as Nederlânske wurden en Nederlânske sinnen. Mar Opperlânsk is dan ek bedoeld voor it twadde each.

Brant Corstius publisearre yn 2002 in wersjoene edysje mei de taljochting: Twadde, hiel wersjoene, oanfolle, systematisearre, fan nije fouten foarsjoene, abslút allerlêste ynternet-edysje, foar jo downloade yn 676 printe bledsiden.

Dizze twadde edysje befettet 676 haadstikken, nûmere fan aa oant zz. Yn 2007 folge in soart `yndeks` hjirop, Opperlânsk wurdboek.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: