Springe nei ynhâld

Opioïdekrisis

Ut Wikipedy

Mei opioïdekrisis, opiatekrisis, of -epidemy, wurdt de stjerte fan pasjinten yn de Feriene Steaten bedoeld, dy't as gefolch fan in oerdoasis of yn algemiene sin as gefolch fan oermjittich gebrûk fan opioïden weirekke binne. De Drug Enforcement Administration hat dy stjerte sûnt 2015 as epidemysk oanmurken.

Deaden as gefolch fan in oerdoasis opioïden yn de Feriene Steaten tusken 2000-2017[1]

De middels dêr't it hjirby om giet binne (hard)drugs lykas heroïne, mar mear noch giet it om legaal ferdôversguod sa as oxycodon, hydrocodon, fentanyl en tramadol. Opioïden binne in klasse fan genêsmiddels dy't foarskreaun wurde oan pasjinten mei groanyske pine en dy't allinnich op doktersresept naam wurde meie.

De opioïdekrisis is in gefolch fan it oermjittich gebrûk fan dy middels. In reden dat dy middels hieltyd mear naam wurde koenen, is dat pasjinten der bûten de reguliere genêskunde oan komme koenen.[2] Yllegale hannel is in grut part fan de oarsaak fan de opioïdekrisis[3], sa as de yllegale hannel yn fersniene fentanyl.[4]

Drugs en genietmiddels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opiaten binne in ekstrakt út de moankop, of sieddoaze, dy't ta de famylje fan de klaproas heart. De namme 'opiaten' wurdt somtiden ferkeard brûkt om alle stoffen mei in farmakologyske wurking mei oan te tsjutten, benammen by it behanneljen fan groanyske pine. De genêsmiddels dy't dêrfoar erkend binne, wurde as opioïden oantsjut. Opiaten dy't sûnder fergunning ferhannele wurde binne drugs.

It brûken fan genietmiddels, sa as drugs, smoken en it drinken fan alkohol, is faak tige skealik foar de sûnens. Opioïden wurde faak ek brûkt om pine te fersêftsjen. It giet yn dit artikel om de negative gefolgen foar de folkssûnens yn de Feriene Steaten as gefolch fan oermjittich, dus ferkeard gebrûk fan opioïden.

Gebrûk en misbrûk fan opioïde ferdôversguod

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Feriene Steaten konsumearje mei 5% fan de wrâldbefolking sa'n 80% fan de jierlikse wrâldproduksje oan opioïden. Yn 2017 hie it lân 2,5 miljoen ferslaafden oan soksoarte middels.[5] De oarsaak fan de massale ferslaving en stjerte wurdt faak by it fierstente frekwint foarskriuwen fan opioïden sûnt de jierren '90 lein. Doe brocht de farmaseutyske yndustry opioïden mei in lyts ferskil en ûnder in oare namme op de merk en priizge se by pasjinten en dokters oan as oplossing foar groanyske pine. Soksoarte middels binne goedkeaper as oare behannelingen en smiten mear winst op.[6] In wichtige produsint brocht yn 2010 oxycodon yn in feiligere foarm op de merk, dy't, neffens de produsint, minder maklik ferkeard te brûken wie troch it te snuven of te ynjektearjen. Dat hat der neffens ûndersyk ta laat dat brûkers op heroïne oerstapten, dat goedkeaper wie en makliker yn it gebrûk.[7]

De Drug Enforcement Administration DEA liet de produksjekwota foar de farmaseutyske yndustry foar oxycodon omheech gean fan 3.500 kg yn 1993 nei 137.000 kg yn 2015. De produksje fan oare opioïden sa as hydrocodon en morfine groeide oant 2012 ek rap.[8] De produksjekwota fan de meast brûkte opioïden waarden letter, om wat tsjin de krisis te dwaan dy't dêrmei ûntstie, yn 2017 mei 35% werombrocht en yn 2018 mei 5%.[9]

It oantal foarskreaune opioïden kaam ta in hichtepunt yn de Feriene Steaten yn 2012 mei 255 miljoen resepten. Yn 2017 wie dat oantal sakke nei 191 miljoen. Yn 2020 waarden 142 miljoen resepten foarskreaun, it leechste oantal yn 15 jier.[10] Likernôch 92 miljoen minsken, 38% fan de befolking brûkte yn 2014 foarskreaune opioïden.

Slachtoffers fan in oerdoasis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurdt rûze dat 10% fan de pasjinten mei groanyske pine ferslaafd rekket. Dêrneist brûkt 25% fan de pasjinten de foarskreaune opioïde net neffens de bysluter. 80% fan de heroïneferslaafden brûkt opioïden net op de foarskreaune manier. It Department of Health and Human Services rûzet dat yn in jier sa'n 11 miljoen Amerikanen oxycodon as rekreative drug brûke en dat dat dêrmei de meast misbrûkte opioïde is. Likernôch 42.800 pasjinten belannen neffens it National Institute on Drug Abuse NIDA yn 2007 by de driuwende help fan sikehûzen as gefolch fan misbrûk fan oxycodon. It haad fan de DEA ferlike it oantal stjergefallen as gefolch fan in oerdoasis, spesifyk troch heroïne of foarskreaun ferdôversguod, yn it National Drug Threat Assessment fan 2015 mei it oantal stjergefallen by in epidemy. It oantal stjergefallen as gefolch fan in oerdoasis fan dy middels tsjin 2015 wie yn ferliking mei 1999 fjouwer kear sa heech. 70.000 minsken ferstjerren yn 2017 oan in oerdoasis, en dêrfan ferstoaren 48.000 troch opioïden. Yn 1999 wiene dat 17.000 minsken dy't oan in oerdoasis ferstoaren en 8.000 troch opioïden.[11]

Mear as de helte fan dy oerdoases waard taskreaun oan foarskreaun ferdôversguod.[12] Oerdoases troch drugs binne sûnt de krisis de wichtichste oarsaak fan ferstjerren wurden foar Amerikanen ûnder de fyftich jier. Dêrfan is sa'n twa tredde te wijen oan opioïden. Yn it jier komme der mear Amerikanen om troch in oerdoasis troch drugs as dat der omkomme yn it ferkear (40.000 deadlike ferkearsûngemakken yn 2018) of troch fjoerwapens. De earste stiging fan it oantal drugsrelatearre stjergefallen fan 1999 ôf waard feroarsake troch mear foarskreaune opioïden yn de jierren '90. De twadde weach begûn yn 2010 en fan 2013 ôf gie it oantal stjergefallen rap omheech troch yllegaal produsearre fentanyl.[13] Fentanyl, dat in tige krêftige opioïde is, wurdt ûnder oare troch drugsdealers mei heroïne mjukst om de kostpriis leger te meitsjen, wylst heroïne noch 80 kear krêftiger is.[14] Dat waard fansels net algemien bekendmakke. Troch de lege priis fan fentanyl[15] waarden ek tabletten oxycodon, hydrocodon en alprazolam op basis fan fentanyl neimakke.[16] Kokaïne wurdt ek mei fentanyl fersnien en dat hat sûnt 2014 wer ta in tanimmend oantal stjergefallen laat, de folgjende weach yn de ferslavingskrisis.[17] 7% fan de yn 2017 yn New England yn beslach name kokaïne wie mei fentanyl fersnien.[18]

De Amerikaanske presidint Donald Trump fûn yn augustus 2017 dat it opioïdemisbrûk dat op safolle plakken yn de Feriene Steaten plakhie ta in needtastân late en ferklearre mear middels beskikber te stellen om dat tsjin te gean.[19][20]

De libbensferwachting yn de Feriene Steaten groeit sûnt 2014 net mear, mei as gefolch fan de opioïdekrisis.[21]

It oantal slachtoffers sakke yn 2018 foar it earst nei 68.500. Dêrfan 47.600 troch opioïden, en dêr wer fan 32.000 troch fentanyl.[22] Yn 2019 gie dat lykwols wer omheech nei 72.000, dêrfan 37.000 troch syntetyske drugs as fentanyl.[23] Yn 2020 lei it oantal slachtoffers op 93.000. De grutte kweadogger dêrby is fentanyl. De rapst grutter wurdende groep yn 2020 bestie út minsken dy't opioïden naam hienen, mei 69.700 stjergefallen.[24] Der wienen 108.000 stjergefallen yn 2021, dêrfan 80.000 troch opioïden en dêr wer fan 71.000 troch fentanyl.[25] Yn 2022 gie it oantal slachtoffers omheech nei 110.000, dêrfan 75.000 troch syntetyske drugs.[26]

Trije distributeurs fan genêsmiddels en de produsinten Johnson & Johnson en Teva beane trije dagen foar in grutte rjochtssaak op 21 oktober 2019 yn Cleveland in skikkingsbedrach fan 50 miljard dollar om alle rjochtssaken ôf te keapjen.[27] Walmart waard yn desimber 2020 oanklage fanwegen it net soarchfâldich ôfleverjen fan genêsmiddels yn harren apteken. Dêrmei soe it bedriuw oan de opioïdekrisis bydroegen hawwe.[28]

Oer oxycodon waarden rjochtssaken oanspand tsjin Purdue Pharma en de Sackler-famylje.

Kanada wurdt troch in ferlykbere opioïdekrisis troffen. 4.000 Kanadezen ferstjerren yn 2017 oan in oerdoasis, dat wie 45% mear as in jier derfoar. Dêr is it ek benammen oan it gebrûk fan fentanyl te wijen, benammen tabletten, sawol foarskreaun as út it yllegale sirkwy. Fentanyl út it yllegale sirkwy wei is somtiden gearstald út fentanyl fersnien mei oar ferdôversguod. Dat makket it gebrûk ekstra gefaarlik, omdat ien dan net presys wit wat dy ynnimt. Somtiden is it wol allinnich fentanyl, mar dan foar in hege priis, yn ferliking mei de priis by de apteek.[29] De libbensferwachting yn Kanada groeit net mear sûnt 2016 meidat in hieltyd gruttere groep jongfolwoeksenen te betiid ferstjert oan oerdoases dy't te krijen hawwe mei opioïden.[30] Yn 2022 ferstjerren 7328 Kanadezen troch in oerdoasis, by 81% fan de slachtoffers wie der sprake fan fentanyl.[31]

Histoaryske ferlykbere krises

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Gin Craze yn Londen tusken 1720 en 1757 [32]
  • Opiumoarloggen tusken 1839 en 1860 tusken Grut-Brittanje en Sina.
  • Absint, ein 19e iuw yn Europa.
  • Jeneverpest yn Nederlân oan 'e ein fan 'e 19e iuw.
  • Laudanum wie yn de 18e iuw oant it begjin fan de 20e iuw in ferslaavjend genêsmiddel en opiaat dat in soad brûkt waard.
  • Yn de 19e iuw oant en mei de Ynternasjonale Opiumkonferinsje en de Earste Wrâldoarloch koe der frij yn morfine, heroïne en kokaïne hannele wurde.
  1. CDC. Data Overview The Drug Overdose Epidemic: Behind the Numbers, 1 juni 2022.
  2. CNN. Opioid history: From 'wonder drug' to abuse epidemic, 14 oktober 2016.
  3. journeypureriver.com. Tennessee Officials Warn of Lethal Counterfeit Opiates Laced with Fentanyl.
  4. Bloomberg Businessweek. Deadly Chinese Fentanyl Is Creating a New Era of Drug Kingpins, 22 mei 2018.
  5. NRC Handelsblad. Heroïne spuiten in de auto, met je kleinkind op de achterbank, 21 juli 2017.
  6. The Guardian. 'It was a conspiracy': recovering addicts wage legal battle over prescription use, 28 augustus 2016.
  7. CNN. Opioid history: From 'wonder drug' to abuse epidemic, 14 oktober 2016.
  8. The Daily Beast. DEA Secretly OKs Killer Quantities of Oxy and Morphine, 21 oktober 2015.
  9. United States Department of Justice. Justice Department, DEA Propose Significant Opioid Manufacturing Reduction in 2019, 17 augustus 2018.
  10. CDC. U.S. Opioid Dispensing Rate Maps, 10 november 2021.
  11. National Institute on Drug Abuse. Overdose Death Rates, 20 januari 2022.
  12. Drug Enforcement Administration. 2015 National Drug Threat Assessment, 12 oktober 2015.
  13. CDC. Understanding the Epidemic, 17 maart 2021.
  14. Rolling Stone. Fentanyl Changed the Opioid Epidemic. Now It’s Getting Worse, 31 augustus 2018.
  15. Bloomberg Businessweek. Deadly Chinese Fentanyl Is Creating a New Era of Drug Kingpins, 22 mei 2018.
  16. journeypureriver.com. Tennessee Officials Warn of Lethal Counterfeit Opiates Laced with Fentanyl.
  17. National Institute on Drug Abuse. Overdose Death Rates, 20 januari 2022.
  18. National Public Radio. Fentanyl-Laced Cocaine Becoming A Deadly Problem Among Drug Users, 29 maart 2018.
  19. The New York Times. Drug Deaths in America Are Rising Faster Than Ever, 5 juni 2017.
  20. J Achenbach, J Wagner en L Bernstein. Trump says opioid crisis is a national emergency, pledges more money and attention. 10 augustus 2017. voor The Washington Post
  21. CNBC. US life expectancy drops again as opioid deaths and suicide rates rise, 28 november 2018.
  22. Time. Drug Overdose Deaths Finally Dropped in 2018, Preliminary Data Say, 18 juli 2019.
  23. The New York Times. In Shadow of Pandemic, U.S. Drug Overdose Deaths Resurge to Record in 2018, 15 juli 2020.
  24. CNN. Drug overdose deaths in 2020 hit highest number ever recorded, CDC data shows, 17 juli 2021.
  25. National Public Radio. Overdose deaths continued to rise in 2021, reaching historic highs, 11 mei 2022.
  26. U.S. Recorded Nearly 110,000 Overdose Deaths in 2022, NYT, May 17 2023
  27. Het Financieele Dagblad. Farmabedrijven bieden $50 mrd om vervolging in opioïden-zaken af te kopen, 17 oktober 2019.
  28. Knack. Amerikaanse Justitie klaagt Walmart aan wegens mogelijke betrokkenheid bij opiatencrisis, 22 december 2020.
  29. CBC. Opioid overdose deaths reach record level in Canada, 27 maart 2018.
  30. CBC. Data showing no rise in life expectancy due to opioids need to be Canadian election issue, B.C. doctor says, 30 mei 2019.
  31. Opioid- and Stimulant-related Harms in Canada, June 2023, Goverment of Canada
  32. Ingelsktalige Wikipedy. Gin Craze.