Springe nei ynhâld

Slangeftigen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ophidia)
slangeftigen
In westlike hoasbânslang (Thamnophis elegans).
In westlike hoasbânslang (Thamnophis elegans).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:reptilen (Reptilia)
boppeskift:lepidosauriërs (Lepidosauria)
skift:skobhûdigen (Squamata)
ûnderskift:skink- en gekko-eftigen
   (Scincogekkomorpha)
klade:inkelaaitoskigen (Unidentata
klade:echte skobhûdigen
   (Episquamata)
klade:gifskobhûdigen (Toxicofera)
klade:slangeftigen (Ophidia)
Latreile, 1804

De slangeftigen (wittenskiplike namme: Ophidia; soms: Pan-Serpentes), ek wol oantsjut as de slangen en sibben, foarmje in rangleaze klade fan 'e klasse fan 'e reptilen (Reptilia) en it skift fan 'e skobhûdigen (Squamata: de slangen en hagedissen). Ta de slangeftigen hearre de slangen (Serpentes) mei dêropta al harren neiste fossile sibben.

De slangeftigen waarden as taksonomyske klade yn 1804 yntrodusearre troch de Frânske soölooch Pierre André Latreille. De wittenskiplike namme Ophidia komt fan it Aldgrykske wurd ὀφίδιον, ofídion, dat "slankje" of "lytse slang" betsjut.

Moderne slangen ûntjoegen har nei alle gedachten yn it Mid-Kryt út gravende of akwatyske hagedissen. De ierst bekende fossilen datearje fan likernôch 112 miljoen jier lyn. De relaasje tusken moderne slangen en har primitivere foarâlden, wêrfan't in protte noch efterpoaten hiene, is folle minder dúdlik. Hoewol't in protte fan dy "oerslangen" bekend binne fan fossilen út it Mesosoïkum (252–66 miljoen jier lyn), soe it sa wêze kinne dat guon dêrfan eins ôfstammelingen binne fan 'e ierste moderne slangen ynstee fan oarsom. Yn in ûndersyk út 2010 kamen Wilson et al. bygelyks ta de konklúzje dat in protte fossilen dy't yn oare ûndersiken as oerslangen beskôge wiene eins echte slangen wiene.

Der binne fan slangen relatyf mar in bytsje fossilen bewarre bleaun om't de skeletten fan slangen ornaris lyts en brekber binne, sadat se har min liene foar fossilisearring. Fossilen dy't dúdlik as slangen werkend wurde kinne, dûke foar it earst op yn it Kryt (145–66 miljoen jier lyn). De iersten dêrfan komme fan paleöntologyske fynplakken yn Algerije en de Amerikaanske steat Utah, en fertsjintwurdigje de skaaien fan 'e lapparentslangen (Lapparentophis), resp. de jiskeslangen (Coniophis). De grûnlagen dêr't dy fossilen út te foarskyn kamen, binne foarsichtich datearre as ôfkomstich út it Albyn (113–100,5 miljoen jier lyn) of it Senomanyn (100,5–93,9 miljoen jier lyn).

Foar ien fan 'e fynplakken yn Algerije is in sels noch gruttere âldens suggerearre, tebek geand oant yn it Aptyn (125–113 miljoen jier lyn). Yn 2015 beskreaune Caldwell et al. trije skaaien oerslangen út it Sjuera (201–145 miljoen jier lyn) en beskôgen ek de parviraptors (Parviraptor) as oerslangen. Oare paleöntologen beskôgje it as twifelich dat de oangeande fossilen oerslangen wêze soene, sadat de earste fossilen fan oerslangen dêr't in wittenskiplike konsensus oer bestiet út it Aptyn-Senomanyn komme.

Basearre op ferlykjende anatomy bestiet der konsensus oer, dat de slangen ôfstamje fan 'e hagedissen. De pytoneftigen (Pythonoidea) en boä-eftigen (Booidea), dat primitive groepen binne middenmank de moderne slangen, hawwe noch rudimintêre efterpoaten: petiterich lytse mei klauwen tariste teantsjes dy't bekkenspoaren neamd wurde, en dy't in rol spylje by de pearing om 'e pearingspartner mei fêst te gripen. By de ranke wjirmslangen (Leptotyphlopidae) en de wjirmslangen (Typhlopidae) besteane de restanten fan in bekkengurdle noch (wat bewiist dat de foarâlden fan dy slangen efterpoaten hiene). By soarten wêrby't de rudimintêre bekkengurdle útwindich sichtber is, nimt er de foarm oan fan hoarneftige útstulpsels.

Foarpoaten binne ôfwêzich by alle bekende slangen. Dat wurdt feroarsake troch de evolúsje fan Hoxgenen, dy't de morfogeneze fan 'e lea behearskje. De skelet-as fan 'e mienskiplike foarâlder fan 'e slangen omfette, lykas dy fan 'e measte oare fjouwerpoatigen, regionale spesjalisaasjes, besteande út nekwringen, boarstwringen (of torakale wringen), mulwringen, krúswringen en sturtwringen. Ier yn 'e ûntwikkeling fan slangen waard it Hoxgen yn 'e skelet-as dat ferantwurdlik wie foar de ûntjouwing fan boarstwringen dominant. Fan gefolgen hawwe by slangen alle wringen boppe de rudimintêre efterpoaten (as dy al oanwêzich binne) deselde torakale identiteit (útsein de atlas, de aksis en 1–3 nekwringen). Mei oare wurden: it meastepart fan it skelet fan slangen bestiet út in ekstreem lang boarst. De nekwringen, mulwringen en krúswringen binne sterk yn oantal werombrocht, wylst fan 'e sturtwringen yn ferhâlding ta it lichem mar in koart sturtsje oerbleaun is. Dat is lykwols noch langernôch om fan pas te kommen by it klimmen by in protte arboreaal libjende slangen.

Moderne slangen hawwe har yn it Paleoseen (62–56 miljoen jier lyn) sterk difersifiëarre (ta ferskillende kloften ûntwikkele). Dy ûntjouwing gie lykstrekich op mei de adaptive radiaasje fan 'e sûchdieren, dy't folge op it útstjerren fan 'e dinosauriërs (útsein dy groepen dêr't neitiid de fûgels út fuortkamen). De glêde-slangdieren (Colubroides), ien fan 'e meast foarkommende subgroepen fan slangen, ûntjoegen har yn dy perioade ta in bysûnder soad ûnderskate foarmen troch jacht te meitsjen op kjifdieren, in tige súksesfolle groep sûchdieren.

In fossyl fan 'e foarâlderlike seeslang (Archaeophis proavus).

De oarsprong fan 'e slangen is anno 2025 noch altyd in striidkwestje. Der binne twa wichtige hypotezes dy't inoar bekonkurrearje om algemiene akseptaasje.

Ofstamming fan gravende hagedissen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der bestiet fossyl bewiismateriaal dat derop wize kinne soe dat slangen yn it Kryt fuortkommen binne út hagedissen dy't hoalen groeven, lykas de faraaneftigen (Varanoidea) of in soartgelikense groep. In iere fossile slang, de Rionegrynske slang (Najash rionegrina) út 'e Argentynske provinsje Río Negro, wie bygelyks in twapoatige graver mei in krúsbonke, dy't in folslein terrestrysk bestean late. Neffens dizze teory soene ûndergrûnsk libjende soarten troch evolúsje lichems krigen hawwe dy't streamline wiene en dêrom gaadliker foar harren libbenswize, oant se lang om let de lidden alhiel ferlearen. Oare lichaamlike eigenaardichheden fan moderne slangen, lykas trochsichtige, fêstgroeide eachlidden en it ûntbrekken fan útwindige earen, soene har neffens dizze hypoteze ûntwikkele hawwe as reäksje op it libjen ûnder de grûn (spesifyk om krassen op it netflues en modder yn 'e earen foar te kommen).

Ofstamming fan akwatyske hagedissen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oare hypoteze is dat slangen ôfstamje fan akwatyske (yn it wetter libjende) hagedissen. In protte paleöntologen miene dat slangen in ôfstamming diele mei de útstoarne mosasauriërs (Mosasauridae), dat reuseftige wetterhagedissen wiene. Dat idee waard yn 1869 foar it earst oppenearre troch de Amerikaanske paleöntolooch Edward Drinker Cope, dy't in klade mei de wittenskiplike namme Pythonomorpha (letterlik: "pytonfoarmigen") yntrodusearre om 'e slangen en de mosasauriërs ûnder te beflappen. Neffens dizze hypoteze soene de trochsichtige, fêstgroeide eachlidden fan slangen ûntstien wêze om wetterferlies troch osmoaze fia it netflues nei it seewetter tsjin te kearen, wylst de útwindige earen fuortevoluëarren trochdat se ûnder wetter net brûkt waarden.

Dy ûntjouwing soe úteinlings laat hawwe ta it ûntstean fan in bist dat sterk liek op 'e hjoeddeistige seeslangen. Yn it Let-Kryt soene slangen it lân kolonisearre hawwe, wêrnei't se har ta har hjoeddeistige foarmen ûntwikkelen, ynklusyf de seeslangen, dy't letter wer nei see weromkeard wêze soene. Der binne fossilisearre restanten fan slangen bekend út marine sediminten út it iere Let-Kryt, dy't dizze hypoteze ûnderstypje, yn 't bysûnder om't se âlder binne as de fossilen fan 'e op it lân libjende Rionegrynske slang (Najash rionegrina). Ferlykbere plassestruktueren, lytsere of ôfwêzige lidden en oare anatomyske skaaimerken dy't slangen mei mosasauriërs diele, hawwe laat ta in positive kladistyske korrelaasje, mar guon fan dy skaaimerken komme ek by faraaneftigen foar.

Mei't it anno 2025 noch poer riedwurk is hoe't de ûnderskate groepen fan 'e slangeftigen har ta inoar ferhâlde, wurdt hjirûnder inkeld in opsomming jûn fan 'e ûnderskate subgroepen, sûnder te besykjen dy fierder nei ôfstamming yn te dielen. Sjoch foar ferskate mooglike yndielings nei ôfstamming de kladogrammen yn it korrespondearjende artikel op 'e Ingelske Wikipedy.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.