Springe nei ynhâld

Operation Amsterdam

Ut Wikipedy
Operation Amsterdam
film
Filmopnamen yn de Beemster by Schermerhorn foar de film
Filmopnamen yn de Beemster by Schermerhorn foar de film
makkers
regisseur Michael McCarthy
produsint Maurice Cowan
basearre op it boek Adventure in Diamonds fan David E. Walker.
kamerarezjy Reginald Wyer
muzyk Philip Green
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Peter Finch,
Eva Bartok,
Tony Britton,
Alexander Knox,
Malcolm Keen
byrollen Petra Davies,
Alfred Burke,
Christopher Rhodes,
Peter Swanwick,
John Le Mesurier,
Tim Turner,
John Horsley,
Melvyn Hayes
skaaimerken
premiêre 12 jannewaris 1959
(It Feriene Keninkryk),
6 july 1960
(De Feriene Steaten)
sjenre Drama/Twadde Wrâldkriich
taal Ingelsk
spyltiid 104 minuten

Operation Amsterdam is in Britske kriichsfilm út 1959, regissearre troch Michael McCarthy. De haadrollen wurde fertolke troch Peter Finch, Eva Bartok, Tony Britton, Alexander Knox en Malcolm Keen.

It is basearre op it boek "Adventure in Diamonds", fan David E. Walker. It ferhaal giet oer Pinkstersnein en Pinkstermoandei (12-13 maaie) 1940 by de Dútske ynfal yn Nederlân. De komponist Philip Green komponearre twa orizjinele muzykstikken foar de film, de "Pierement Waltz" en de "Amsterdam Polka".

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It ferhaal spilet him ôf yn de earste dagen fan de Twadde Wrâldkriich. De Dútske soldaten binne noch net sichtber oanwêzich, mar de besetting fan Nederlân liket net te kearen. Oeral binne soldaten fan it Nederlânske leger oanwêzich. Trije Britske soldaten wurde mei in Ingelske torpedoboat tusken de pieren yn IJmuiden en fierder mei in roeiboat oan de Fiskershaven oan wâl set. Sy moatte in grutte lading yndustriële diamanten feilich stelle foardat de Dútsers harren ynvaazje begjinne. Se krije help fan Anna, in frou dy't se rêde fan in besykjen ta selsmoard. De groep moat besykje om de Nederlânske plysje, dy't harren as fertocht sjocht, te ûntrinnen. Underwilens besiket in grutte kloft flechtelingen (foaral Joaden) mei fiskerboaten nei Ingelân te flechtsjen.

De film is foar in part opnaam op lokaasje yn Amsterdam en de haven fan IJmuiden. Fierder binne opnamen makke yn de Pinewood Studios yn Buckinghamshire, Ingelân.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Jan Smit Peter Finch
Anna Eva Bartok
Majoar Dillon Tony Britton
Walter Keyser Alexander Knox
Johan Smit Malcolm Keen
byrollen
personaazje akteur/aktrise
Menschi (Johan's assistint) Petra Davies
hanneler wurket mei Johan Alfred Burke
Alex (lieder fan it ferset) Christopher Rhodes
Peter (Kreaker fan klûzen) Peter Swanwick
Kolonel Janssen John Le Mesurier
Nederlânske luitenant Tim Turner
Kommandant Bowerman John Horsley
Willem Melvyn Hayes
diamanthannelers Carl Jaffe,
Keith Pyott,
Oscar Quitak,
Karel Štěpánek
Kapitein fan in sleepboat Frederick Schiller
Havenmaster George Pravda
foute plysjeman John Bailey

Keppelingen om útens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]