Oostwoud (Noard-Hollân)
| Eastwâld | ||
| Eastein | ||
| Bestjoer | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 910 (1 jannewaris 2023) | |
| Oerflak | 9.67 km² lân: 9,46 km² wetter: 0,21 km² | |
| Befolkingsticht. | 94 ynw./km² | |
| Oar | ||
| Postkoade | 1678 | |
| Koördinaten | 52°43 'NB, 5°05 'EL | |
| Kaart | ||
Oostwoud (Frysk: Eastwâld; Westfrysk: Oôstwoud) is in doarp yn 'e gemeente Medemblik yn 'e provinsje Noard-Hollân.
It doarp hat 910 (1 jannewaris 2023) ynwenners.
By it doarp heart ek de buorskip Veldhuis en in part fan 'e buorskip Broerdijk. Foar de weryndieling fan 2007 foel it doarp ûnder de gemeente Noarder-Koggelân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1396 waard it doarp yn dokuminten Oestwoude neamd en yn 1639 as Oosterwout. De plaknamme ferwiist nei de lokaasje fan it plak eastlik fan bosk. Yn 1962 binne by Eastwâld âlde grêfheuvels út it midden fan 'e brûnstiid en sparen fan delsettings út de Klokbekerkultuer fûn.
Op 3 juny 1710 waard in grut part fan it doarp troch brânstifting ferneatige. Yn 1840 wennen der 310 ynwenners en yn 1870 486. Oant yn it begjin fan 'e 19e iuw wie it doarp in selsstannige gemeente, dêr ek de buorskip Veldhuis en in part fan 'e buorskippen Broerdijk en Tripkouw ûnder foelen. Allinne Tripkouw falt hjoed-de-dei offisjeel net mear ûnder Eastwâld.
Eartiids hie Eastwâld oan 'e Broerdijk in treinstasjon Midwoud-Oostwoud, dat oan it spoar Hoarn-Medemblik (hjoed-de-dei in museumspoar) lei. It stasjon waard op 3 novimber 1887 iepene en op 5 jannewaris 1941 sletten.
Healwei de jierren 1990 ûntstiene der bouplannen, dy't it doarp oer de buorskip Tripkouw mei Midwâld ferbûnen. Yn dy tiid wie Midwâld it eastlike doarpsgebiet al foar in part beboud. In grut part fan dy plannen binne yn 2006 foltôge. Dêrmei bestiet Tripkouw as buorskip net mear en is it allinne noch in strjitnamme.
Monuminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Oostwoud.
- De herfoarme tsjerke is in ryksmonumint en waard yn 1753 boud. It ienskippige gebou waard yn 'e 19e útwreide mei in noardlik dwersearm. Yn 'e tsjerke stiet in oargel fan Van Dam út 1874.
- De pleats oan 'e Doarpsstrjitte 73 is in gemeentlik monumint. Eastwâld hat noch ferskillende âlde stolppleatsen.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pleats Doarpsstrjitte 34.
- Tsjerke.
- Greidmûntsje.
- Pleats Eastein 25.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Eastwâld fan Wikimedia Commons. |
| Gemeente Medemblik | ||
|---|---|---|
| Stêd: Medemblik | ||
| Doarpen: Abbekerk • Andijk • Benningbroek • Hauwert • Lambertschaag • Midwoud · Nibbixwoud • Onderdijk • Oostwoud • Opperdoes • Sibekarspel • Twisk · Wadway (foar in part) • Wervershoof • Wognum • Zwaagdijk | ||