Springe nei ynhâld

Wytstútsniemosk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Onychostruthus taczanowskii)
Wytstútsniemosk
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemoskfûgels (Passeridae)
skaaiwytstútsniemosken (Onychostruthus)
soarte
Onychostruthus taczanowskii
Przewalski, 1876
IUCN-status: net bedrige

De wytstútsniemosk (Onychostruthus taczanowskii) is in sjongfûgel yn it skaai grûnmosken (Pyrgilauda) út de famylje fan 'e moskfûgels.

De wytstútsniemosk is in grutte sniemosk fan 15 oant 17 sintimeter lang. Hy hat in spitse snaffel en lange poaten. De kop hat in griisbrune krún en in skierdere foarholle mei in donkere team. De nekke en boppedielen binne griisbrún mei donkere streken op 'e mantel en bopperêch en in wite stút. De sturt is donkerbrún wylst de bûtenste fearren witer nei de punt ta binne. De snaffel is hoarnkleurich mei in donkere punt. De skaaien binne fierder allyk. Jonge fûgels ha waarmbrunere kleuren.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel libbet fan Súdeast-Ladakh en it súdlike en eastlike Tibetaanske Plato nei it easten oant Noardeast-Qinghai (Qilian Shan en it gebiet om Qinghai Hu hinne), súdlik Gansu en noardwestlik Sichuan, yn Sintraal-Sina en súdlik oant noardlik Nepal en Sikkim.

De fûgel wurdt meastentiids as ien soarte yn Onychostruthus set, mar wurdt ek somtiden yn Montifringilla opnommen. De fûgel is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling is yn ûndersoarten.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wytstútsniemosk komt yn heechberchtmes tusken 3800 en 4900 meter foar yn drûge en rotseftige gebieten foar, mar ek op flakke steppes. Se wurde faak sjoen by koloanjes fluithazzen. De fugel yt meast lyts sied en ynsekten. It binne stânfûgels dy't allinnich winterdeis op lytse ôfstannen nei legere gebieten migrearje. In lechsel bestiet út 3 oant 5 aaien.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling en der binne gjin earnstige bedrigingen bekend. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2018). Der is gjin rûzing fan 'e wrâldpopulaasje, mar de soarte wurdt beskreaun as algemien, mar seldsum yn it suden (Ladakh en Nepal).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: