Springe nei ynhâld

Onomatopee

Ut Wikipedy
In onomatopee fan in bats neibeard yn in strip.

In onomatopee (fan it Aldgrykske ὄνομα, onoma, "namme", en ποιὦ poiéō, "ik meitsje") of klankneibearing is in wurd dat op fonetyske wize in net-fokaal lûd neibeart of suggerearret, en dat diel útmakket fan 'e wurdskat (sa't dy fêstlein is yn wurdboeken) fan ien of mear talen. In onomatopee of onomatopoësis is ek in stylfiguer, wêrmei't yn ien of mear al of net besteande wurden in lûd neibeard wurdt.

In protte onomatopeeën jouwe de lûden wer dy't bisten meitsje: piipje, kwêkje, mêkje, gnoarje, miaukje, siizje, tsjilpe, roekoeje, tsjotterje, gûnzje, ensfh. Yn it ferlingde dêrfan wurde guon soarten fûgels oantsjut mei in onomatopee fan it lûd dat se meitsje, lykas koekoek, tsjiftsjaf, skries en oehoe. Ek lûden fan foarwerpen en foarfallen wurde faak werjûn mei in onomatopee: "tiktak" foar (it lûd fan) in wekker, "dingdong" foar in klok of doarbel, "tring" foar in fytsbel of doarbel, "toet" of "tút" foar in klakson, "boem" foar wat dat delkomt of earne tsjinoan botst, "bats" foar eat dat yn it wetter falt, ensfh.

Bernetaal bestiet faak foar in grut part út onomatopeeën. Mei't lytse bern faak de echte oantsjuttings foar dingen noch net witte, neame se dy faak nei it lûd dat se hearre. In kat wurdt dan "miau", in hûn "waf", in auto "toet-toet" en in rjochtingoanwizer "tiktak". Aldelju geane dêr faak in skoftke yn mei, mar úteinlings besykje se ornaris om it bern de echte wurden oan te learen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.