Springe nei ynhâld

One Shot (roman)

Ut Wikipedy
One Shot
algemiene gegevens
auteurLee Child
taalIngelsk
foarmroman
sjenreskriller
1e publikaasje2005, Londen
oarspr. útjwr.Bantam Books
rige
rigeJack Reacher
● foarich dielThe Enemy
● folgjend dielThe Hard Way
kodearring
ISBN0 38 53 36 691

One Shot is in skrillerroman fan 'e hân fan 'e Ingelske skriuwer Lee Child. De titel betsjut: "Ien Skot" en ferwiist nei it sizzen by skerpskutters fan 'e Amerikaanske Striidkrêften "one shot, one kill" (frij fertaald: "ien skot, ien dea"). It boek is it njoggende diel út 'e Jack Reacher-romansearje. It ferhaal begjint mei in massamoard yn in net by namme neamde stêd yn 'e Feriene Steaten, útfierd troch in skerpskutter. Alle bewiismateriaal wiist nei in James Barr, in eardere skerpskutter út it Amerikaanske Leger, dat it liket in ienfâldich oploste saak. De omrinner Jack Reacher, in âld-majoar by de militêre plysje, wit dat Barr soks alris earder útheefd hat, mar dat gefal is yn 'e dôfpot stoppe. As er op 'e tillefyzje fan 'e nije sjitpartij heart, reizget er dêrhinne om him derfan te bewissigjen dat Barr net op 'e nij oan syn straf ûntkomme sil. Mar wannear't er him yn 'e saak ferdjippet, slane by him stadichoan de twifels ta. One Shot is skreaun yn it personeel perspektyf. It boek waard yn 2005 publisearre troch de útjouwerijen Bantam Books yn it Feriene Keninkryk en Delacorte Press yn 'e Feriene Steaten. One Shot groeide út ta in ûnbidige bestseller en waard yn 2021 ferfilme ûnder de titel Jack Reacher, mei akteur Tom Cruise yn 'e titelrol.

Yn in net by namme neamde stêd yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Indiana wurde op in freed, middeis om fiif oere hinne, as de minsken út har wurk komme, troch in slûpskutter út in oanbuorjende parkeargaraazje wei mei seis skotten fiif willekeurige minsken deasketten op in pleintsje tusken kantoargebouwen yn. De pleatslike plysje is rillegau op it plak delikt, mar tsjin dy tiid is de skutter al poater. Resjersjeur Emerson kriget de lieding oer it ûndersyk nei de massamoard. De dieder hat in protte bewiismateriaal efterlitten, fan spoaremateriaal fan syn broek en jas en bylden op 'e befeiligingskamera's fan syn bestelbuske oant de sechsde kûgel, dy't yn it wetter fan 'e langwerpige fiver fan in fontein bedarre is en dêrtroch perfekt preservearre is. Mar wat derfoar soarget dat de plysje dyselde deis noch syn identiteit efterhelje kin, is dat er syn fingerôfdrukken efterlitten hat op sawol in lege patroanhúl dy't him ûntkommen is, as op it kwartsje dat er yn 'e parkearmeter dien hat by syn parkearplak yn 'e parkeargaraazje.

It blykt te gean om James Barr, in eardere skerpskutter by de ynfantery fan it Amerikaanske Leger. De plysje docht in ynfal yn syn hûs en treft him op bêd oan, sliepend en net wekker te krijen om't er slieppillen ynnommen hat. Yn syn garaazje wurdt it bestelbuske oantroffen en op oare plakken yn it hûs fynt de plysje de klean dy't er oan hân hat en it gewear dat er brûkt hat, mei in tsienpatroans magazyn dêr't noch fjouwer kûgels yn sitte. Barr wurdt arrestearre en ôffierd nei it plysjeburo, wêrnei't mei in ferhear wachte wurde moat oant syn slieppillen útwurke binne. Yn 'e tuskentiid rûnet de technyske resjerzje it ûndersyk nei in protte aspekten fan it bewiismateriaal ôf, sadat der, tsjin 'e tiid dat de ûnderfreging fan 'e fertochte begjinne kin, in oerweldigjend bewiis is dat Barr de dieder is.

Rosemary Barr, de suster en it iennichste libbene famyljelid fan 'e fertochte, is sekretaresse by in abbekatekantoar. Sy freget har bazen om help, en ien fan harren dy't spesjalisearre is yn strafrjocht, David Chapman, nimt de ferdigening fan Barr op him. Dat docht er mei tsjinnichheid, om't er bang is foar de imagoskea dy't it abbekatekantoar troch dizze saak oprinne kin. Hy hat tagong ta it bewiismateriaal dat de plysje gearfandele hat en is derfan oertsjûge dat Barr de dieder is. Hy stiet der dêrom by syn kliïnt op oan om skuld te bekennen. Barr, dy't oant dan ta de kiezzen stevich opinoar holden hat, seit tsjin him: "Se hawwe de ferkearde," en "Helje Jack Reacher derby." Fierders wol er neat loslitte. Net ien dy't wit wa't Jack Reacher is, de plysje net, en Rosemary Barr ek net. Franklin, in âld-plysjeman dy't op freelance basis as ûndersiker wurket foar it abbekatekantoar fan Chapman, kin gjin spoar fan 'e man ûntdekke. Se jouwe de syktocht op.

Mar sûnder dat se it witte, is Jack Reacher al ûnderweis nei Indiana. Hy is in eardere majoar by it Militêr Plysjekorps fan it Amerikaanske Leger, dy't sûnt syn ôfswaaien út militêre tsjinst as omrinner in swalkjend bestean troch de legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten liedt. Op it stuit fan 'e massamoard yn Indiana befynt hy him 2.400 km dêrwei, yn Miami, dêr't er sinnebaait op it strân en omslacht mei in Noarske dûnseresse dy't op in cruiseskip wurket. Wannear't er yn har hotelkeamer op CNN in reportaazje sjocht fan 'e sjitpartij yn Indiana, fersoarge troch de pleatslike NBC-ferslachjouster Ann Yanni, fearret er op as er de namme fan James Barr heart. Sadree't er fêststeld hat dat it om deselde James Barr giet dy't hy ken, set er ôf út it hotel en stapt er op 'e bus yn 'e rjochting fan Indiana.

Barr wurdt ûnderwilens foar de snein oerbrocht nei it tichthûs, dêr't er ûnbedoeld wat docht dat troch in lid fan in Latino-binde as gebrek oan respekt opfetten wurdt. Letter wurdt er troch de leden fan dy binde opwachte en hielendal yninoar slein. Hy bedarret op 'e sletten ôfdieling fan it pleatslik sikehûs, dêr't er yn koma leit. It is ûndúdlik oft er ea noch wer wekker wurde sil. De dokters sizze dat dat likegoed moarn as nea barre kin. Rosemary Barr, dy't ûntefreden is oer de ynset fan Chapman, nimt in oare abbekaat yn 'e earm om har broer te fertsjintwurdigjen. It is de begjinnende abbekate Helen Rodin, de dochter fan 'e pleatslike ofsier fan justysje Alex Rodin.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei't er op moandei yn it plak fan 'e sjitpartij arrivearre is, set Reacher nei ofsier fan justysje Rodin ta om dyselde te befreegjen oer de wettertichtens fan it bewiismateriaal tsjin Barr. Want oars as dat de plysje en Rosemary Barr tinke, is it Reacher der net om te dwaan om Barr frij te krijen, mar om derfoar te soargjen dat er diskear syn rjochtlike straf net ûntrint. Dat fertelt Reacher lykwols net oan Rodin, dy't him trochwiist nei syn dochter Helen, as abbekate fan Barr. Sadwaande bedarret Reacher by Helen op har ienmanskantoarke. Wannear't sy him freget nei syn bannen mei Barr, fertelt er har en Rosemary Barr hoe't er James Barr ken.

Fjirtjin jier lyn, yn 1991, koart nei de ein fan 'e Earste Golfoarloch, in konflikt wêryn't de Feriene Steaten en in brede koälysje fan bûnsgenoaten Koeweit befrijden fan 'e besetting troch Irak, wie James Barr legere yn Koeweit-Stêd. Neffens Reacher binne der fjouwer soarten lju dy't frijwillich tsjinst nimme yn it leger: guon dogge it om't it in famyljetradysje is, guon dogge it út heitelânsleafde, guon sykje gewoan betelle wurk, en inkelen sykje in legale manear om oare minsken te fermoardzjen. Ta dy lêste kategory hearde Barr. Mar ta syn frustraasje waard er yn 'e Golfoarloch inkeld ynset foar de befeiliging fan Amerikaanske legerbases yn Saûdy-Araabje, en seach er nea in fijân dêr't er yn earnst op sjitte koe. Pas nei't de oarloch foarby wie, waard er oerpleatst nei Koeweit, mar dêr wie doe ek neat mear te dwaan. Uteinlik draaide er troch en teach er derop út om op eigen manneboet willekeurige lju dea te sjitten. Dat died er midden op 'e dei, doe't der frijwol net ien op 'e strjitte wie. De fjouwer mannen dy't er ombrocht, wiene Amerikaanske ûnderofsieren mei wykeinferlof, dy't omrûnen yn boargerklean.

Reacher wie doedestiden ek yn Koeweit-Stêd legere. As kaptein by de Militêre Plysje mei in protte ûnderfining krige hy de lieding oer it ûndersyk nei de moarden. Barr hie goed besocht syn spoaren út te wiskjen, dat Reacher hie der klauwen oan om 'e dieder te efterheljen, mar úteinlik krige er Barr te pakken. It probleem wie: de fjouwer ûnderofsieren brûkten har wykein om partikuliere wenten binnen te kringen, dêr't se goud en sieraden stielen en Koeweitske froulju ferkrêften. Dat makke dat de saak in politike lading krige. As it bekend waard wat it kwartet smjunten útheefd hie, soe dat de reputaasje fan it Amerikaanske befrijingsleger besmodzge hawwe. Fan hegerhân waard dêrom besletten en stopje de saak yn 'e dôfpot. De fjouwer ûnderofsieren waard fan sein dat se omkommen wiene by in oanslach troch Palestynske ekstremisten, wat tige ûnwierskynlik mar net folslein ûnmooglik wie. En James Barr waard frijlitten en kaam dermei fuort. Mar net foar't Reacher him plechtich ûnthjitten hie dat er him eigenhandich ôfmeitsje soe as er soks ea wer die. Dat is de reden dat Reacher nei Indiana kommen is.

Rosemary hat grutte muoite om te leauwen dat har broer ta soks yn steat wêze soe. Helen Rodin sjocht mear nei de juridyske kant en is bang foar komplikaasjes by de rjochtsaak as Reacher har heit itselde ferhaal docht. Wat dat oangiet, kin Reacher har gerêststelle: alles wat hy har ferteld hat is steatsgeheim en kin net werhelle wurde. Helen sels kin der ek net oer prate om't foar har it beropsgeheim jildt, en Rosemary hat as suster fan Barr alle reden om it stil te hâlden. Mar op basis fan syn ûnderfinings mei Barr út it ferline is Reacher derfan oertsjûge dat Barr skuldich is, ek al hat er sels it bewiismateriaal yn 'e nije saak noch net beoardielje kinnen. Helen leaut likemin yn 'e ûnskuld fan har kliïnt. Sy set dan ek net yn op frijspraak, mar om derfoar te soargjen dat Barr de deastraf net kriget. Om't Franklin as ûndersiker te djoer foar har is, biedt se Reacher oan om him as ûndersiker yn 'e tsjinst te nimmen. Dan soe hy sels it bewiismateriaal neirinne kinne.

Reacher hapt ta. Hy giet nei it plysjeburo, dêr't resjersjeur Emerson en Bellantionio fan 'e technyske resjerzje him harren bewiismateriaal sjen litte. Reacher is derfan ûnder de yndruk. Hy sjocht net yn hoe't Barr diskear oan syn straf ûntkomme kin. Dy jûns wurdt Reacher yn in bar oansprutsen troch in tsjeppe, readhierrige jonge frou dy't har foarstelt as Sandy. Reacher rûkt ûnrie en makket dúdlik dat er gjin belangstelling hat wat se ek mar fan him wol. Sandy wol him net gewurde litte, oant Reacher har úteinlik freget oft se soms in hoer is. Har earste reäksje is om te fertellen dat se yn in winkel wurket dêr't auto-ûnderdielen ferkocht wurde. Pas yn twadde ynstânsje beslút se om misledige te wêzen en Reacher in klap yn it gesicht te jaan. Op dat stuit ferskine der ynienen fiif keardels dy't úthâlde de bruorren fan Sandy te wêzen. Reacher wurdt fersocht mei harren nei bûten te gean sadat se him geweken nimme kinne. Bûtendoar skeakelet Reacher trije fan 'e fiif sûnder swierrichheden út, wêrnei't Sandy en har oare beide "bruorren" fan ruten spylje. Reacher hat fuortendaliks foar it ferstân dat de hiele boel ôfsprutsen wurk wie. Immen hat blykber foar it ferstân dat hy him mei de saak-Barr bemuoit en dyjinge is dêr senuweftich fan wurden en besiket him fuort te jeien. It effekt is krekt tsjinsteld: Reacher kriget mear belangstelling foar de saak.

De oare deis rint Reacher nei de grutste pleatslike winkel dêr't auto-ûnderdielen ferkocht wurde en freget nei Sandy. Hja blykt dêr yndie te wurkjen. As Reacher har ûnderfreget, jout se ta dat de konfrontaasje yn 'e bar ôfsprutsen wurk wie dêr't se $100 foar betelle krigen hat. It jild kaam fan 'e lieder fan har fiif "bruorren", in jongeman dy't Jeb Oliver hjit en dy't in kollega fan Sandy is. Reacher set Sandy ûnder druk om him har auto te lienen, wêrmei't er nei it adres fan Jeb Oliver riidt. Jeb is lykwols dy moarns ôfset en net wer sjoen. (Hy sil ek nea wer sjoen wurde, want Jeb is út 'e wei romme om derfoar te soargjen dat Reacher net fia him syn opdrachtjouwers op it spoar komme kin.)

Neitiid besjocht Reacher it plak delikt nochris goed. Sa't er letter oan Helen Rodin fertelt, kin er mar net begripe wêrom't Barr it himsels sa dreech makke hat. Der is in folle bettere posysje foar in skerpskutter beskikber, dêr't itselde pleintsje wei bestrutsen wurde kin. Boppedat soene de slachtoffers dan yn in rige efterinoar oan op 'e skutter ta rûn wêze, wat it sjitten folle makliker makket as út 'e parkeargaraazje wei, dêr't de slachtoffers yn 'e breedte foar de skutter lâns rûnen. Ut 'e oare posysje wei soe Barr út syn buske wei sketten kinnen hawwe; dan soed er gjin bewiismateriaal fan lykfol hokker soarte efterlitten hawwe en teffens soed er dan fuortride kinnen hawwe sûnder opholden te wurden troch it ferkear op 'e spitsoere yn 'e binnenstêd. Mar dan soed er oerdwers foar de langwerpige fiver fan 'e fontein oer stien hawwe, sadat er dêr net in perfekt preservearre kûgel yn efterlitte kinnen hie. Reacher komt ta de konklúzje dat Barr alles dien hat dat er mar dwaan koe om safolle mooglik bewiismateriaal tsjin himsels efter te litten. De iennichste reden om soks te dwaan is dat er ta de massamoard twongen is en dat er syn eigen arrestaasje bewissigje woe om't er dêr ek ta twongen is. It iennichste drukpunt op Barr dat Reacher betinke kin, is syn suster, dat hy fermoedet dat Barr syn opdrachtjouwers deadsbedrigings tsjin Rosemary utere hawwe.

Underwilens is ofsier fan justysje Alex Rodin, dy't noch altyd ûnder de yndruk ferkeart dat Reacher nei Indiana ta kommen is om Barr frij te krijen, oan it graven slein yn Barr syn ferline. Op basis fan wat dat Reacher yn harren petear ûntglûpt is, hat er in deifurding nei it Amerikaansk Ministearje fan Definsje stjoerd. Fia Helen Rodin, dy't as abbekate fan 'e fertochte op 'e hichte steld wurde moat fan alle nije tsjûgen, komt Reacher oan 'e weet dat it Pentagon brigadegeneraal Eileen Hutton stjoert om in tsjûgenis ôf te lizzen. Hutton wit alles fan Barr syn ferline ôf om't sy yn 1991 in relaasje mei Reacher hie en hy har doe alles ferteld hat oer de saak dêr't er oan wurke. Helen freget Reacher om Hutton, dy't de oare deis arrivearje sil, op te fangen en te freegjen wat se de ofsier fan justysje fertelle sil. Underwilens wurdt James Barr yn it sikehûs wekker út syn koma, mar hy hat bliuwend ûnthâldsferlies oprûn en hat gjin oantinkens mear oan 'e lêste wike. Wannear't Helen him fertelt wêr't er fan beskuldige wurdt, jout er ta dat er, op basis fan it ferline, sels ek tinkt dat er de dieder wêze moat.

Dy nachts wurdt fannijs besocht om Reacher in stôk yn 'e speaken te stekken. Sandy Dupree, it fanke út 'e winkel foar auto-ûnderdielen, wurdt fermoarde op in manear dy't derop wiist dat de dieder in grutte keardel is (lykas Reacher). Dêrnei wurdt har stoflik omskot by de needútgong fan syn hotel pleatst, as besocht se oan immen te ûntkommen. It tinken is dat de plysje ta de logyske konklúzje komme sil en Reacher oppakke sil, mei't hy in omrinner sûnder fêst wen- of ferbliuwplak is dy't de ôfrûne dagen al ferskillende kearen gedoente mei Sandy hân hat. Wat de wiere dieders net witte, is dat de ympulsive Reacher ûnderwilens sûnder lykfol hokker ûnderboude reden besletten hat om net wer nei syn hotel yn it stedssintrum werom te kearen, mar in keamer yn in motel oan 'e râne fan 'e stêd te nimmen. Boppedat hat er it foar de moade om altyd ûnder skûlnammen yn te checken, wat betsjut dat Emerson en syn partner Donna Bianca, dy't de oare moarns ier it ûndersyk nei de moard tawiisd krije, him net yn it hotel oantreffe en likemin syn namme tsjinkomme yn it gasteboek.

It rint al tsjin 'e middei as se einlings de identiteit fan Sandy fêststeld hawwe en op har wurk fan har kollega Gary heard hawwe dat it fanke de foargeande deis twaris besocht is troch in man dy't se oan syn beskriuwing weromkenne as Reacher. Der wurdt in opspoaringsbefel tsjin Reacher útfurdige, en wannear't Emerson en Bianca ûnder in falsk ferlechje Helen Rodin freegje wêr't se Reacher fine kinne, ferwiist dy harren sûnder euvelmoed nei it pleatslike fleanfjild, dêr't er ommers Eileen Hutton opwachtsje soe. Dat, Emerson en Bianca sette dêr ek hinne om him op te wachtsjen, mar Reacher komt nea opdaagjen en úteinlik moatte de beide plysjes sûnder wat bedijd te hawwen werom nei it buro.

Reacher wit wol better as om Hutton op it fleanfjild te ferwachtsjen. De brigadegeneraal moat fansels mei in lineflecht fan Washington, D.C. nei Indianapolis, mar dêrwei nimt se beslist net in propellorfleantúch nei súdlik Indiana. Hege ofsieren, sa wit Reacher, bringe dochs al in útsûnderlik soad tiid troch yn lytse fleanmasines en helikopters, en dêr hawwe se oer it algemien in grouwéligen hekel oan, want de wichtichste deadsoarsaak ûnder harren is, oarlochshannelings bûten beskôging litten, it delstoarten fan sokke tastellen. Dat, Reacher is der wis fan dat Hutton yn Indianapolis in hierauto nimme sil foar it lêste stik fan har reis. Hy efterhellet by hokker hotel Hutton in reservearring hat, en giet dêr yn 'e lobby sitten te wachtsjen. Wylst er dêr sit, sjocht er op 'e tillefyzje, dy't dêr oanstiet, in reportaazje fan Ann Yanni oer de moard op Sandy Dupree. Reacher hat fuortendaliks troch hoe't de foarke yn 'e stôk sit. Wannear't Hutton opdaagjen komt, ljochtet er har yn oer de hiele saak. Sy bewissiget him dat it Pentagon de âlde moardsaak út 1991 yn gjin gefal bekend hawwe wol, en dat sy befel krigen hat om meineed te dwaan. Hutton set nei har moeting ta mei ofsier fan justysje Alex Rodin, op waans fragen oer it ferline fan James Barr se frijwol eltse kear antwurdet: "Net ynsafier't ik wit." Har tsjûgenis is gau foarby.

Reacher bringt neitiid it earste diel fan 'e nacht by Hutton yn har hotelkeamer troch, ear't er fuortglûpt troch de needútgong om net sjoen te wurden troch de resepsjonist. Bûtendoar wurdt er fuortendaliks gewaar dat er folge wurdt. Hy ûntkomt oan syn 'skaad' en draait de boel dan om, troch syn eardere folger te folgjen. Wannear't de man op 'e strjitte in petear hat mei in tal maten, wit Reacher harren nammen op te fangen: Raskin, Vladimir, Sokolov, Chenko en de Zek. Dat binnen allegearre Russyske nammen, en "Zek" is in Russyske term foar "Finzene". Reacher begjint te fermoedzjen dat syn tsjinstanners leden fan 'e Russyske maffia binne. Hy notearret ek de kentekens fan twa fan harren auto's, slacht letter Raskin fan efteren del en stelt syn mobile tillefoan. Hy spilet sawol de tillefoan as de kentekens yn 'e hannen fan Emerson mei it berjocht dat dit de wiere dieders binne, mar Emerson is fiksearre op Reacher en docht neat mei de nije ynformaasje. Raskin wurdt letter troch de Zek twongen om selsmoard te dwaan as straf foar syn falen.

Reacher is, trochdat er him beskûlhâlde moat foar de plysje, sterk yn syn bewegingsfrijheid beheind. Om nije helpboarnen oan te boarjen, wachtet er ferslachjouster Ann Yanni op yn har eigen auto yn 'e parkeargaraazje ûnder it gebou dêr't de pleatslike NBC-studio sit (wat itselde gebou is dêr't ek Helen Rodin har kantoar hat). Hy praat mei har ôf dat er har alles oer de saak fertelle sil (útsein fansels wat der fjirtjin jier lyn yn Koeweit bard is) en har direkt by de saak belûke sil. Yn ruil dêrfoar moat NBC it ûndersyk bekostje, sadat Helen Rodin âld-plysjeman Franklin ynhiere kin om 'e eftergrûn fan 'e fiif slachtoffers fan 'e massamoard troch te ljochtsjen. Want as James Barr oardere wie om 'e massamoard te begean, dan kinne de slachtoffers net willekeurich útkeazen wêze, want dat soe nearne op slaan. Reacher fermoedet dat der ien of miskien twa persoanen wiene dy't dea moasten en dat de oaren yndie willekeurige slachtoffers wiene dy't ferbergje moasten dat it eins om in rjochte moard gie. Want by in rjochte moard, wurdt nei in motyf socht, mar by in sinleaze massamoard ferwachtet men dat der gjin motyf is, en dus wurdt der ek net nei socht.

Yanni stimt mei it foarstel yn, en teffens lient se Reacher har auto sadat hy de Ohio oerstekke kin nei Kentucky, dêr't James Barr al jierren in sjitbaan besocht. It deasjitten fan 'e fiif slachtoffers wylst se op koarte ôfstân fan rjochts nei lofts foar him lâns rûnen, wie it wurk fan in master-skerpskutter, en it stiet Reacher fan fjirtjin jier lyn net by dat Barr ea sa goed west hat. Adekwaat, ja, goed, nee. De sjitbaan is eigendom fan Samuel Cash, in op jierren reitsjende âld-sersjant yn it Amerikaansk Marinierskorps. Dyselde wol neat oer Barr sizze. Mar nei't Reacher glûpe litten hat dat hysels yn it ferline ek wol oan sportsjitten dien hat, tekenet Cash in rûntsje ter grutte fan 'e diameter fan in kûgel op in stik papier. As Reacher fan in ôfstân fan 300 yards (±275 m) in kûgel troch dat rûntsje sjitte kin, wol Cash syn fragen wol beäntwurdzje. Wannear't Reacher, dy't himsels wer ûnder in skûlnamme foarsteld hat, dat docht, ken Cash him werom oan syn stjitstyl, fan dy kear yn 1988 doe't Reacher as iennichste net-marinier ea de Iepen 1000 Yard Sjitwedstryd fan it Amerikaansk Marinierskorps wûn hat.

Neitiid lit Cash oan Reacher 32 papierrene doelwytblêden sjen dy't oer in perioade fan trije jier brûkt binne troch James Barr: alle skotten binne sûnder útsûndering troch de roas gien. Dêr sjocht Reacher raar fan op. Want sa goed wie Barr yn 1991 yn it leger net, doe't er noch eltse wike 2.000 kûgels ferskeat by it oefenjen, en no soed er jierren letter mei folle minder oefenjen folle better wurden wêze? Dat bestiet net. Reacher fermoedet dat Barr sa min wurden wie, dat er him derfoar skamme, en dat er de doelwiten fan deunby mei in pistoal besketten hat om dit resultaat te krijen. Hy heart ek fan Cash dat Barr altyd mei in maat op 'e sjitbaan kaam, in Charlie, dy't er oan 'e omskriuwing werkent as Chenko. Dyselde koe der neffens Cash neat fan, mar wannear't Reacher syn doelwytblêden besjocht, dêr't de kûgelgatten yndie ornaris by de râne fan it papier sitte, kriget er it gefoel dat it by Charlie krekt oarsom wie: hy koe wol folle better sjitte, mar besocht dat te ferbergjen.

Reacher keart út Kentucky werom yn 'e oertsjûging dat er oant no ta mis west hat: James Barr is ûnskuldich oan 'e massamoard fan ôfrûne freed om 'e ienfâldige reden dat er der net ta yn steat wie. Mar hy is deryn luze troch ien dy't wist wat der yn 1991 yn Koeweit bard wie. Reacher fermoedet dat Barr syn maat "Charlie" de wiere dieder is. Wannear't er werom is yn Indiana, dêr't Helen Rodin, Ann Yanni, Rosemary Barr en hysels in moeting hawwe yn it kantoar fan Franklin, wurdt de teory fan Reacher nochris befêstige troch Rosemary, dy't mei it nijs komt dat yn it sikehûs by har broer it iere stadium fan 'e sykte fan Parkinson fêststeld is. It triljen dat ien fan 'e wichtichste symptomen fan dy oandwaning is, makket it alhiel ûnmooglik dat James Barr de skutter wie, mar ferklearret wol hoe't it kin dat it mei it sjitten fan Barr sa efterút gien wêze kin.

Franklin hat ûnderwilens ûntdutsen dat ien fan 'e slachtoffers fan 'e sjitpartij, in frou dy't Oline Archer hiet, nei alle gedachten it wiere doelwyt fan 'e moard wie. Har man Ted hie in grut boubedriuw, dat fallyt drige te gean doe't syn grutste klant oerstapte nei in oare oannimmer. Dy klant wie it gemeentebestjoer, mei't der hûnderten miljoenen útlutsen binne om 'e hiele stêd op te kallefaterjen. Sa't Reacher de ôfrûne dagen sjoen hat, is de hiele binnenstêd dan ek suver ien grutte bouput. Mar Ted Archer profitearre dêr dus net fan. Hy fermoede dat der korrupsje yn it spul wie, en twa jier lang wied er der ôf en oan mei oan 'e gong om út te finen hoe't dat siet. Oant er twa moannen lyn ferdwûn en Oline him as fermist opjoech. Franklin fermoedet dat Ted Archer út 'e wei romme is troch syn konkurrint en dat Oline neitiid ek tefolle fragen begûn te stellen. De konkurrint fan Ted Archer hjit Specialized Services of Indiana (SSI), itselde bedriuw dêr't de kentekens nei ferwize dy't Reacher earder notearre hie.

Reacher oppenearret noch in teory dêr't er al in skoft mei ompielt: SSI, dat grif in front foar de Russyske maffia is, moat in eigen man yn 'e pleatslike wetshanthavening hawwe. Want om 'e fjochtpartij by de bar op te setten, moat Reacher dêrhinne folge wêze, wat betsjut dat er earder nei syn hotel folge wêze moat. En op dat stuit wisten inkeld Helen Rodin, ofsier fan justysje Alex Rodin en resjersjeur Emerson dat Reacher yn Indiana oankommen wie. Dus Rodin of Emerson moat korrupt wêze. Helen Rodin is min te sprekken oer dy teory, hoewol't se de logika derefter net ûntstride kin. Rosemary Barr is de earste dy't it oerlis ferlit. Wannear't Reacher letter fuortgiet, wurdt er bûtendoar oanholden troch "Charlie", dy't him ûnder skot hâldt wylst er him ien fan 'e skuon fan Rosemary sjen lit as bewiis dat hy en syn maten har ûntfierd hawwe. Hy twingt Reacher om stean te bliuwen oant de plysje arrivearret om him op te pakken. Mar as syn fijannen miene dat Reacher him dêrtroch tsjinhâlde lit, binne se al goed mis. Hy liicht dat er de nacht dat Sandy Dupree fermoarde waard, yn it motel trochbrocht hat mei Ann Yanni. Wannear't dy derby helle wurdt, befêstiget sy dat. Reacher is sadwaande mei in oerke al wer op frije fuotten.

Franklin siket út wêr't SSI fêstige is, wat yn in hûs op 'e romte by in âld stiengat benoarden de stêd blykt te wêzen. Reacher freget sersjant Cash om help, dy't daliks oerkomt út Kentucky. Fjouweresom bejouwe Reacher, Cash, Helen Rodin en Ann Yanni har dy jûns nei it stiengat ta, wylst Franklin út syn kantoar wei in conference call op harren mobile tillefoanen opset, sadat se mei-inoar kommunisearje kinne. De Russen hâlde it om-en-by fan it hûs yn 'e rekken mei ynfrareadkamera's, mar Reacher betinkt in list om dochs deunby komme te kinnen, wylst Helen by wize fan ôfliedingsmaneuver inkele kearen troch it byld draaft. Dat wurdt har op in hier nei fataal as Chenko (alias "Charlie") op har sjit, mar se ûntkomt oan 'e dea. Underwilens berikt Reacher it hûs en kringt dat binnen. Hy deadet op 'e begeane grûn nei in koart man-tsjin-mangefjocht Sokolov en Vladimir, snijt op 'e earste ferdjipping Grigor Linsky, de pleatsferfangend lieder fan 'e groep, de kiel troch, en smyt op 'e twadde ferdjipping Chenko ta'n it finster út. Op 'e souder befrijt er Rosemary Barr, wêrnei't er de Zek finzen nimt. Dat blykt in lichaamlik skeinde, haatfolle âldman fan 80 jier te wêzen, dy't hast al syn fingers kwytrekke is yn 'e gûlags fan 'e Sovjet-Uny. Syn wiere namme is him fergetten, en hy neamt himsels no Zek Tsjelovek, dat safolle betsjut as "de Finzenisman".

Neitiid bringt Franklin Alex Rodin en resjersjeurs Emerson en Bianca nei it hûs by it stiengat ta. Reacher beävensearret in konfrontaasje mei de Zek, dy't er ûnderwilens safier krigen hat dat er in folsleine bekentenis ôflizze wol. Dat bart, en de Zek fertelt ek frijút oer hokker gemeenteriedsleden troch him mei jild en mei seks mei jonge famkes omkocht binne om 'e kontrakten foar de bouprojekten yn 'e stêd oan SSI te jaan, sadat de binde foar tsientallen miljoenen dollars efteroerdrukke koe. Dan fertelt Reacher dat er fermoedet dat de Zek en syn binde holpen binne troch Rodin of Emerson. Hoewol't it bewiismateriaal yn earste ynstânsje nei Rodin liek te wizen, seit Reacher dat er dêr daliks al twifels by hie trochdat ien ding him fan it begjin ôf oan dwers sitten hat. Hysels wie, doe't er noch by de militêre plysje tsjinne, in earsten ûndersiker. Mar nea yn in miljoen jier soe it by him opkommen wêze om te kontrolearjen oft de skutter in kwartsje yn 'e parkearmeter dien hie. Doe moast er him ôffreegje oft er no in te hege rekken fan himsels hie, of dat Emerson safolste better wie as hy. Lang om let kaam Reacher ta de konklúzje dat Emerson nèt better wie en dat er yn 't foar witten hawwe moast dat it kwartsje mei de fingerôfrukken fan Barr yn 'e parkearmeter siet. Reacher neamt dat ien ding tefolle en in domme flater, mei't it ek hielendal net nedich wie om't der al mear as genôch bewiismateriaal wie. Syn oertsjûging dat Emerson korrupt wie, waard letter befêstige doe't de Zek tasei in bekentenis ôf te lizzen nei't Reacher mei opset sin sein hie dat er Emerson derby helje soe.

Op it stuit dat Donna Bianca it tsjinstpistoal fan Emerson yn beslach nimme wol, fljocht de keamersdoar ynienen iepen en stiet Chenko dêre, dy't blykber syn fal fan 'e twadde ferdjipping oerlibbe hat. Wol hat er in brutsen skouder oprûn, mar mei in ôfseage jachtgewear yn 'e hân is er dêr net minder gefaarlik om. Reacher daget Chenko út om him dea te sjitten, wittend dat Chenko mei in butsen skouder it jachtgewear net werlade kin, sadat er dan warleas is tsjin sersjant Cash en Donna Bianca. Wylst Chenko grypt wurdt troch besluteleazens, seit Reacher dat er ter hichte fan syn mulrym rjochtsje moat en dat er oan trije ta telle sil en dat er dan sjitte moat. By "trije" docht Reacher ynienen in flugge stap fansiden, en dan blykt dat er it hielendal net tsjin Chenko hie, mar tsjin Cash, dy't rjocht efter him stiet, en op datselde stuit Chenko deasjit.

Donna Bianca arrestearret Emerson en de Zek en fiert harren ôf. Wannear't se Reacher freget hoe't it mei de oare trije liken yn it hûs sit, antwurdet hy dat de bindeleden grif ûnderling slaande deilis rekke binne. Sy leaut dêr neat fan, mar lit it foarearst gewurde. Rosemary Barr begjint nei in soarchynstelling te sykjen dêr't har broer, waans ûnskuld no formeel fêststiet, terjochte kin. Helen Rodin, dy't derfan oertsjûge wie dat har heit korrupt wie, fermoedsoenet har mei him. Ann Yanni blykt de hiele jûn fia har mobile tillefoan alles opnommen te hawwen op trije ferskillende harddiscs yn 'e NBC-studio. Har oankommende reportaazje oer de saak sil har perfoarst in Emmy Award opsmite. Se flústeret Reacher ta dat er altyd ris by har thús delkomme kin; se leit oer it algemien om tolve oer jûns op bêd. Allinnich. Reacher ûnthâldt dat foar in oare kear, mar foar no freget er ien fan 'e ambulânses dy't de liken fan 'e bindeleden nei it mortuarium bringt om in lift nei de stêd. Hy ornearret dat er foar de middeisoere noch yn Indianapolis wêze kin, en dêrwei kin er tsjin sinne-ûndergong wol witwêrsanne wêze.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

One Shot waard yn 2006 nominearre foar de Macavity Award foar bêste detektiveroman.

Sjoch: Jack Reacher (film) foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

One Shot waard yn 2012 foar Paramount Pictures en Skydance Media ferfilme ûnder de titel Jack Reacher, mei Christopher McQuarrie as regisseur en senarist. De titelrol waard fertolke troch akteur Tom Cruise, dy't aktrise Rosamund Pike as tsjinspylster hie. Pike spile de rol fan abbekate Helen Rodin. Der waard oan it ferhaal frijwat fertimmere. Sa waard de setting om ûndúdlike redens feroare fan in nammeleaze stêd yn súdlik Indiana nei Pittsburgh yn Pennsylvania. Wichtiger wie dat ferskate personaazjes weilitten waarden (Rosemary Barr, Ann Yanni, Franklin, Eileen Hutton, Donna Bianca), mei as gefolch dat beskate ûntwikkelings, benammen yn 'e twadde helte fan it ferhaal sterk feroare wurde moasten. (Sa is it yn 'e film Helen Rodin dy't ûntfierd wurdt ynstee fan Rosemary Barr.) De diel fan 'e film nei de befrijing fan Rodin, dy't wol fierhinne itselde bliuwe kinnen hie as yn it boek, is ek folslein feroare.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.