Springe nei ynhâld

On the Waterfront

Ut Wikipedy
On the Waterfront
film
makkers
regisseur Elia Kazan
produsint Sam Spiegel
senario Arther Miller
Budd Schulberg
basearre op Crime on the Waterfront
fan Malcolm Johnson
kamerarezjy Boris Kaufman
muzyk Leonard Bernstein
filmstudio Horizon Pictures
Columbia Pictures
distribúsje Columbia Pictures
spilers
haadrollen Marlon Brando
Eva Marie Saint
byrollen Lee J. Cobb
Karl Malden
Rod Steiger
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 28 july 1954
foarm langspylfilm yn swart-wyt
sjenre misdiedrama
taal Ingelsk
spyltiid 108 minuten
budget en resultaten
budget $910.000
opbringst $9,6 miljoen
prizen 8 × Oscar
4 × Golden Globe
1 × BAFTA

On the Waterfront is in Amerikaanske swart-wyt-misdiefilm út 1954 ûnder rezjy fan Elia Kazan. De haadrollen waarden fertolke troch Marlon Brando en Eva Marie Saint, mei Lee J. Cobb, Karl Malden en Ron Steiger yn 'e wichtichste byrollen. De titel betsjut "Op 'e Kade". De film waard ynspirearre troch Crime on the Waterfront, in mei in Pulitzerpriis bekroande rige artikels fan sjoernalist Malcolm Johnson út 1949 oer de ynfiltraasje fan it fakbûn fan havenarbeiders yn Hoboken (Nij-Jersey) troch de organisearre misdie.

It ferhaal giet oer de havenarbeider en eardere bokser Terry Malloy, dy't troch de korrupte fakbûnslieder Johnny Friendly twongen wurdt om mei te wurkjen oan wat letter de moard blykt te wêzen op in oare havenarbeider. Neitiid pakt er o sa om mei syn kwea gewisse, eat dat noch oanboazet as er fereale rekket op Edie, de jongere suster fan it slachtoffer. Wylst de plysje, de pleatslike pastoar en Johnny Friendly en syn trewanten, ûnder wa Terry syn eigen broer Charley, allegearre druk op him útoefenje om te sizzen wat er wit, resp. him stil te hâlden, moat Terry beslute wat er dwaan sil.

On the Waterfront waard troch de filmkritisy rûnom mei lof ûnthelle. De film wie dêrnjonken ek in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. On the Waterfront waard nominearre foar tolve Oscars en wûn acht fan dy prizen, wêrûnder de Oscar foar Bêste Film. Teffens wûn de film fjouwer Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Dramafilm), in BAFTA en de Sulverne Bear op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. Tsjintwurdich wurdt On the Waterfront algemien sjoen as in klassiker en as ien fan 'e bêste films dy't ea makke binne. Yn 1989 wie it ien fan 'e earste 25 films dy't foar preservearring foar de ivichheid opnommen waarden yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register.

Terry Malloy is in eardere bokser dy't no al jierren as havenarbeider wurket. De haven wurdt behearske troch de korrupte fakbûnslieder Michael J. Skelly, better bekend as Johnny Friendly, waans rjochterhân Terry syn eigen broer is, Charley Malloy, better bekend as Charley the Gent. Joey Doyle is havenarbeider dy't by ynspekteurs fan 'e Misdiekommisje foar de Haven fan New York in boekje iepen dien hat oer alle yllegale aktiviteiten fan Johnny Friendly en dy syn trewanten. Joey is in fanatyk dowehâlder, dy't op it plat dak fan syn appartemintekompleks in koai mei postdowen hat. Op in jûn nei it wurk sette Johnny Friendly-en-dy Terry ûnder druk om Joey nei it dak te lokjen mei it ferlechje dat Terry ien fan Joey syn ôfdwaalde dowen fûn hat. Net folle letter falt Joey fan it dak ôf te pletter op 'e strjitte.

Terry is neitiid raar gesteld, mei't hy ûnder de yndruk ferkearde dat Johnny Friendly inkeld in pear trewanten stjoere soe om Joey te yntimidearjen of heechút in wan bruien te jaan. Mar wannear't de plysje him befreget, hâldt er út, krekt as alle oare havenarbeiders, dat er neat sjoen hat en fan neat wit. Underwilens fart Edie, de jonge suster fan Joey, by it stoflik omskot fan har broer út tsjin 'e pleatslike pastoar, Pete Barry, dy't sy derfan beskuldiget dat er himsels opslút yn syn tsjerke en it kwea yn 'e wrâld gewurde lit. De oare deis besiket se dêrfoar har ûntskuldigings oan te bieden, mar Barry seit dat se gelyk hat en dat er him skammet om't er sa lang de oare kant út sjoen hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Pastoar Barry beleit in gearkomste fan havenarbeiders yn syn tsjerke, mei de bedoeling om 'e mannen te bepraten en wurkje gear mei de Misdiekommisje. Der komme mar in hantsjefol lju opdaagjen, ûnder wa Edie, har heit, en dy syn freon Timothy "Kayo" Duggan. Terry giet yn opdracht fan Johnny Friendly en Charley Malloy ek nei de gearkomste om foar harren te spionearjen. As de oare oanwêzige havenarbeiders him dêr sjogge, witte se al hoe let oft it is, dat se driuwe de spot mei syn oprjochte belangstelling. De wurden fan pastoar Barry binne lykwols rjochte oan dôvemansearen. De gearkomste wurdt rou fersteurd as mei kneppels bewapene trewanten fan Johnny Friendly de oanwêzigen út 'e tsjerke jeie en yninoar slane. Terry beskermet Edie en liedt har fia in rûte troch ferskate steechjes om 'e opskuor hinne. In razene pastoar Barry jaget de mannen op 'e rin dy't fuort foar syn tsjerkedoar Kayo Duggan yninoar slane, wêrnei't it him slagget om Kayo safier te krijen dat dy tsjûgje wol foar de Misdiekommisje.

De oare deis wurdt Terry troch Johnny Friendly-en-dy befrege oer wat der by de gearkomste yn 'e tsjerke bepraat is. Terry, dy't him skuldich fielt oer de dea fan Joey en him oanlutsen fielt ta Edie, hâldt út dat de hiele boel neat om 'e hakken hie. Johnny Friendly begjint dêrtroch oan Terry syn trou te twifeljen. Underwilens tsjûget Kayo Duggan efter sletten doarren foar de Misdiekommisje, mar korrupte plysjeminsken ljochtsje Johnny Friendly dêroer yn. Johnny Friendly fertelt dat oan Terry, om him te yntimidearjen, en Terry beseft dat Kayo no yn grut gefaar ferkeart. Hy besiket de man te warskôgjen, mar de oare havenarbeiders sjogge him troch syn relaasje mei Charley the Gent as in ferlingstik fan 'e organisaasje fan Johnny Friendly, en Kayo wol net harkje nei wat er te sizzen hat.

Net folle letter wurdt Kayo fermoarde as de trewanten fan Johnny Friendly beävensearje dat der by it lossen fan in skip yn 'e haven in lading fan tsientallen kisten whiskey losrekket en boppe-op him falt. Pastoar Barry hastiget him nei it plak fan it stjergefal, dêr't er in hertstochtlike taspraak hâldt foar Kayo syn kollega's. Hy bringt harren tebinnen dat Kristus eltse dei middenmank harren tahâldt en alles sjocht, en dêr heakket er oan ta dat eltse moard in nije krusiging fan Jezus is, dêr't diskear net de Romeinen en de Joadske hegepreesters skuldich oan binne, mar de lju dy't witte wa't derefter sit mar dy ynformaasje net mei de autoriteiten diele.

Terry hat ûnderwilens in deifurding fan 'e Misdiekommisje krigen om te tsjûgjen, mar hy bliuwt by syn wegering. Lykwols, syn gefoelens fan skuld en spyt groeie like hurd as syn leafde foar Edie. Sy is ûnferbidlik yn har krewearjen om 'e moardners fan har broer efter de traaljes te krijen en hy bewûnderet har dêr om, ek al besiket er har dúdlik te meitsjen dat se harsels mei dat dwaan yn gefaar bringt. Edie hat gjin idee dat Terry by de moard op har broer belutsen is en fielt har almar mear ta him oanlutsen, ek al besykje har heit en oaren yn har om-en-by har dat te ûntpraten om't Terry neffens harren in ferkeardenien is. Terry nimt har mei nei in kafee, dêr't de oan in troch nonnen runde kostskoalle oplate Edie noch nea west hat, en jout har har earste bierke en har earste boarrel. Ek leart er har te dûnsjen, wylst in earste tút inkeld tsjinkeard wurdt trochdat se krekt op dat stuit ûnderbrutsen wurde. Lang om let kin Terry syn skuldgefoelens net mear de baas en bychtet er oan pastoar Barry syn belutsenens by de dea fan Joey Doyle op. De pastoar bepraat him om it oan Edie te fertellen. As er dat docht, draaft de feralterearre Edie by him wei.

In ynspekteur fan 'e Misdiekommisje sprekt Terry op 'e strjitte oan en bringt him syn lêste grutte gefjocht as bokser yn 't sin. It is foar Terry in pynlik oantinken, mei't er it gefjocht yn opdracht fan Johnny Friendly mei opsetsin ferlieze moast, sadat de fakbûnslieder, dy't der flink wat jild op ynset hie, finansjeel binnenrinne koe. In pear fan 'e trewanten fan Johnny Friendly sjogge Terry mei de ynspekteur praten en dogge dat troch oan harren baas. Dy giet der fanút dat Terry fan doel is te tsjûgjen en jout Charley in pistoal mei de opdracht om syn broer út 'e wei te romjen. Charley seit dat syn baas dochs net fan him freegje kin om syn bloedeigen broer om te bringen, mar Johnny Friendly lit him witte dat it Terry is of hysels, en dat er it mar witte moat.

Charley lokket Terry mei in ferlechje yn in taksy, en besiket him dan noch in lêste kear te bepraten om foar Johnny Friendly te wurkjen te kommen, mar Terry liket soks wol nei fleanen. Dêrop lûkt Charley it pistoal, dat Terry skodholjend fansiden drukt. Charley seit dat er wol wollen hie dat Terry syn bokskariëre fuortset hie, sadat se no net yn dizze sitewaasje ferkeare soene. Dêr heakket er oan ta dat Terry wier talint hie as bokser. In terge Terry wiist derop dat it Charley sels wie dy't syn bokskarriêre ferrinnewearre hat troch him te twingen om mei opsetsin wedstriden te ferliezen. Charley, dy't himsels dêroer altyd wysmakke hie dat it net oan him lei, wurdt dan twongen om ûnder eagen te sjen hoe't syn eigen belutsenens by de organisearre misdie ynfloed hân hat op syn famylje. Beroufol langet er Terry it pistoal oer, riedt him oan om út te naaien ear't de trewanten fan Johnny Friendly him fine en lit him útstappe. De taksysjauffeur, dy't it hiele petear tusken de beide bruorren folge hat, blykt foar Johnny Friendly te wurkjen en riidt Charley net nei syn bestimming, mar nei in parkearkelder dêr't de trewanten fan 'e fakbûnslieder him opwachtsje.

Terry giet ûnderwilens nei it appartemint fan Edie en har heit, dêr't Edie allinnich thús is. Se wegeret him deryn te litten en dêrop forsearret hy de doar. Se hjit op te sokkebaljen, mar hy seit dat er wit dat se fan him hâldt en dat er nearne hinne giet. Uteinlings jout Edie belies en tútsje se inoar hertstochtlik. Foar't it ta mear komme kin, wurdt troch it iepen finster Terry syn namme roppen en dat Charley ferlet fan him hat. Terry giet derút, folge troch Edie. De stimmen liede har nei in smel strjitsje, in steech suver, dêr't immen harren besiket dea te riden mei in frachtwein. Terry slacht lykwols it rútsje fan in doar yn en iepenet de doar fan binnen ôf, krekt op 'e tiid foar him en Edie om foar de frachtwein nei binnen ta wei te dûken. Neitiid ûntdekke se yn it strjitsje it lyk fan Charley, dat oan in heak oan in waskline hinget. Yn razernij draacht Terry Edie op om pastoar Barry te heljen en foar syn broer te soargjen, wylst er sels it pistoal út 'e bûse hellet en nei de stamkroech fan Johnny Friendly giet om 'e fakbûnslieder te fermoardzjen. Johnny Friendly is dêr lykwols net, wat fansels gjin tafal is. Ear't Terry betinke kin wat er no sil, arrivearret de troch Edie warskôge pastoar Barry, dy't op him ynpraat en him it pistoal ôfnimt. Barry bepraat Terry derfan dat er it bêste wraak nimme kin op Johnny Friendly troch in tsjûgenis ôf te lizzen foar de Misdiekommisje.

Dat, de oare moarns set Terry nei de gerjochtsgebou ta, dêr't de Misdiekommisje sitting hâldt. Hy tsjûget oer alles dat er wit fan Johnny Friendly en dy syn organisaasje. De fakbûnslieder is des duvels, ferliest syn selsbehearsking en besiket Terry fysyk oan te fallen, mar de parketwachten hâlde him tsjin. Troch it tsjûgenis fan Terry wurdt Johnny Friendly yn steat fan beskuldiging steld yn ôfwachting fan syn berjochting. Mar wat noch helte minder is foar de fakbûnslieder: syn machtige freonen tinke om har eigen hachje en snije al har bannen mei him troch. Nettsjinsteande dat bliuwt Johnny Friendly foarearst de pleatslike fakbûnslieder en hat er it lêste wurd oer wa't yn 'e haven oan it wurk kin. Terry wurdt neitiid as ferrieder beskôge en mei de rêch oansjoen troch de oare havenarbeiders. In jonge dêr't er earder mei befreone wie, draait alle postdowen fan Joey, dêr't Terry de soarch foar op him nommen hie, de nekke om.

Der wurdt Terry oanret om mei Edie earnewêr oars hinne te gean, fier fan 'e ynfloedssfear fan Johnny Friendly-en-dy, om in nij libben op te bouwen. Edie liket dat wol wat, mar Terry ken inkeld de haven en hat gjin idee wat er moatte soe as er gjin havenarbeider mear wêze kin. Dwers en koppich as er is, giet er nei de sitting fan 'e Misdiekommisje gewoan nei de haven ta om oan it wurk. Mar de trewanten fan Johnny Friendly kieze fan 'e gearkommen havenarbeiders dy deis eltsenien út om te wurkjen, útsein Terry. Dêrop set Terry nei it hokje yn 'e haven dat de fakbûnslieder ta haadkertier tsjinnet. Hy ferget Johnny Friendly mei wurden oant dy nei bûten ta komt en him útdaget ta in gefjocht. It draait út op slaanderij en as dúdlik wurdt dat Terry de fakbûnslieder wol oer kin, ropt dy syn trewanten te help. Dy komme Terry sa tenei dat se him hast deaslane.

De oare havenarbeiders hawwe dan har nocht fan Johnny Friendly en syn mannen en wegerje ienriedich om oan it wurk te gean as Terry net wurkje mei. Wannear't de fakbûnslieder harren besiket te yntimidearjen kriget er fan Edie har heit in triuw en kneppelet er ta hilariteit fan 'e arbeiders yn 'e rivier. Foar de ûnderwilens warskôge pastoar Barry geane de trewanten fan Johnny Friendly oan 'e kant. Mei Edie yn 't sok hastiget er him nei Terry ta, dy't mar kwealk mear by bewustwêzen is. De pastoar flústeret de ferwûne Terry yn 't ear dat er de slach ferlern hat, mar dat er de oarloch winne kin as er no oerein komt en alteast nei it pakhûs rinne kin dêr't it wurk is om hjoed as arbeider ynskreaun te wurden. Dat, Terry lit him troch de pastoar en Edie op 'e fuotten skuorre en skeanbillet dan as in dronkeman nei it pakhûs ta, dêr't de eigner him taknikt ta teken dat er oan it wurk kin. De oare havenarbeiders folgje Terry nei binnen ta en negearje de dweiltrochwiete, troch syn trewanten út 'e rivier opfiske Johnny Friendly, dy't harren holle drigeminten taraast. De doar fan it pakhûs giet efter de arbeiders ticht en Johnny Friendly bliuwt mei lege hannen efter.

Marlon Brando.
Eva Marie Saint.
Lee J. Cobb.
haadrollen
personaazje                          akteur/aktrise
Terry Malloy Marlon Brando
Edie Doyle Eva Marie Saint


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Michael J. Skelly, alias "Johnny Friendly" Lee J. Cobb
pastoar Pete Barry Karl Malden
Charley Malloy, alias "Charley the Gent" Rod Steiger
Timothy "Kayo" Duggan Pat Henning
heit Doyle John F. Hamilton
Big Mac James Westerfield
Mladen "Slim" Sekulovich Fred Gwynne
Truck Tony Galento
Moose Rudy Bond
Tommy Thomas Handley
ynspekteur Misdiekommisje #1 Leif Erickson
Gillette, ynspekteur Misdiekommisje #2 Martin Balsam
mem fan fermoarde havenarbeider Katherine MacGregor
Jocko Pat Hingle
taksysjauffeur Nehemiah Persoff
Barney Abe Simon
Joey Doyle Ben Wagner

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

On the Waterfront waard ynspirearre troch Crime on the Waterfront, in mei in Pulitzerpriis bekroande rige artikels fan sjoernalist Malcolm Johnson, dy't ein 1949 yn 'e New York Sun ferskynde, oer de ynfiltraasje fan it fakbûn fan havenarbeiders yn Hoboken (Nij-Jersey) troch de organisearre misdie. De oarspronklike ferzje fan it senario waard skreaun troch de ferneamde toanielskriuwer Arthur Miller, dy't it de titel The Hook joech. Miller syn freon Elia Kazan waard ree fûn om it skript te ferfilmjen.

Yn 1951 hiene Kazan en Miller in moeting oer de te meitsjen film mei Harry Cohn, de studiobaas fan Columbia Pictures. Dyselde gie yn prinsipe akkoart mei it finansieren fan 'e produksje, mar hy wie net sa wei fan it portrettearjen fan korrupte Amerikaanske funksjonarissen en woe harren feroarje yn kommunisten, sadat dúdlik wêze soe dat it om bûtenlânske ynminging yn 'e Feriene Steaten gie. Miller fûn dat flauwekul en wegere it senario oan te passen.

Eva Marie Saint as Edie Doyle (op 'e rêch sjoen) en Marlon Brando as Terry Malloy.

Cohn stjoerde him letter in brief wêryn't er skreau dat er it "ynteressant" fûn dat Miller him fersette tsjin 'e winsk fan 'e studio om 'e film "pro-Amerikaansk" te meitsjen. Dit barde midden yn 'e saneamde Twadde Reade Panyk, in perioade wêryn't de Amerikaanske senator Joseph McCarthy en it Komitee oangeande Unamerikaanske Aktiviteiten fan it Hûs fan Offurdigen (HUAC) in wiere heksejacht fierden op kommunisten, dy't neffens harren yn alle geledings fan 'e Amerikaanske maatskippij ynfiltrearre wiene en alles diene dat de Sovjet-Uny har opdroech. It brief fan Cohn hold dus it ferhoalen drigemint yn dat Miller sels wolris kommunistyske sympatyen hawwe koe.

Yn 1952 lei regisseur Kazan in tsjûgenis ôf foar it HUAC, wêrby't er acht minsken yn 'e filmyndustry fan Hollywood identifisearre dy't neffens him kommunisten wiene. Dat betsjutte de ein fan syn freonskip mei Miller, dy't syn meiwurking oan 'e ferfolging fan fermiende kommunisten ûnakseptabel fûn. Doe't Kazan letter dat jier der nochris by Miller op oanstie om it senario foar The Hook te werskriuwen, wegere dyselde eltse fierdere meiwurking. Dêrop ferfong Kazan him as senarioskriuwer troch Budd Schulberg, dy't de úteinlike ferzje fan it skript skreau en der as iennichste foar neamd waard yn 'e begjintitels fan 'e film. Ynteressant is wol dat yn Schulberg syn senario gjin inkele sprake is fan kommunisten.

It sizzen is dat it personaazje fan 'e korrupte fakbûnslieder Johnny Friendly alteast foar in part basearre wêze soe op Johnny Dio, in echte doetiidske gangster dy't belutsen wie by ôfparsing fan fakbûnsleden.

Uteinlik kaam de film On the Waterfront te hjitten. As produsint wie Sam Spiegel by it projekt belutsen foar de filmstudio's Horizon Pictures en Columbia Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $910.000. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Boris Kaufman, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Leonard Bernstein.

Neffens wat filmkritikus en filmhistoarikus Richard Schickel skreau yn syn biografy fan regisseur Elia Kazan (Elia Kazan: A Biography, 2005), soe Marlon Brando earst de rol fan Terry Malloy wegere hawwe. Sjonger en akteur Frank Sinatra, dy't hikke en tein wie yn Hoboken, dêr't de film makke wurde soe, kaam doe ta in mûnlinge ôfspraak mei Kazan (mar hie gjin ûndertekene kontrakt) om 'e haadrol yn On the Waterfront te spyljen. Dat gie safier dat syn maten sels opnommen waarden foar in te meitsjen kostúm. Filmprodusint Sam Spiegel fûn dat bêst genôch, mar Kazan woe eins dochs leaver Brando foar de rol hawwe. Dat wie net hielendal om't er Brando better fûn foar de rol. Foar in diel gie it him der ek om dat Brando sa populêr wie dat der dan ridlikerwize in hegere opbringst yn 'e bioskopen te ferwachtsjen wie, wat betsjutte dat Columbia Pictures ek in heger budget foar On the Waterfront beskikber stelle soe.

Marlon Brando as Terry Malloy (op 'e rêch sjoen) en Eva Marie Saint as Edie Doyle.

Wylst Jay Kanter, de ympressario fan Marlon Brando, op syn klant ynprate om 'e rol oan te nimmen, hierde Kazan akteur Karl Malden yn (dy't er eins better geskikt fûn foar in wurkpaad as regisseur as foar in aktearkarriêre) om in screentest te regissearjen mei in mear Brando-eftige akteur as Sinatra. Sa hope er Spiegel derfan te oertsjûgjen dat Brando de rol fan Terry Malloy better spylje koe as Sinatra. Malden brûkte foar de test Paul Newman en Joanne Woodward om in leafdessêne tusken Terry en Edie te spyljen. Nei it sjen dêrfan joech Spiegel belies en krige Kazan it frij om nochris te besykjen en helje Brando oan board. Tsjin dy tiid hie Kanter Brando ompraat, dat koarte tiid letter koe de saak beklonken wurde mei de ûndertekening fan in kontrakt. Frank Sinatra wie poer oer dizze gong fan saken, mar hie formeel gjin poat om op te stean. Hy easke dan mar om 'e rol fan pastoar Barry spylje te meien, mar Spiegel moast him útlizze dat dy al ferjûn wie oan Karl Malden.

De opnamen foar On the Waterfront fûnen oer in perioade fan 36 dagen plak yn Hoboken yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey, in foarstêd fan New York. Der waard filme op ferskillende lokaasjes, wêrûnder de haven, de sloppewykeftige buerten dêr't de havenarbeiders wennen, yn in pear stegen dêr't de grûn oerdutsen wie mei ôffal, en yn ferskate bars. De sênes op it dak mei de dowekoai waarden opnommen op it dak fan ien fan appartemintekompleksen foar havenarbeiders. De sênes bûten de tsjerke waarden filme by de Tsjerke fan Us Leaffrouwe fan 'e Graasje, wylst de binnendoarsênes yn 'e tsjerke opnommen waarden yn 'e Petrus- en Paulustsjerke.

De distribúsje fan On the Waterfront waard fersoarge troch Columbia Pictures. De film gie op 28 july 1954 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Yn 1982 waard On the Waterfront foar it earst útbrocht op VHS-keapfideo. Werútjeften folgen yn 1984, 1986, 1990 en 1995. Yn 2001 kaam de film foar it earst út op dvd.

Fan 'e filmkritisy krige On the Waterfront oer it algemien tige positive resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in suver net te ferbetterjen goedkarringspersintaazje fan 99%, basearre op 99 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei syn besieljende aktearprestaasje yn it ta neitinken stimmende, fakkundich opboude melodrama fan Elia Kazan werskreau Marlon Brando de mooglikheden foar it aktearjen yn in film en droech er by oan in permaninte feroaring fan it sinematyske lânskip." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet On the Waterfront in goedkarringspersintaazje fan 91%, basearre op 15 resinsjes.

Eva Marie Saint as Edie Doyle mei Karl Malden as pastoar Barry.

Fral foar de aktearprestaasje fan Brando, dêr't er sawol de Oscar as de Golden Globe foar bêste akteur mei wûn, wie doe en is no noch in protte lof. Regisseur Elia Kazan soe letter skriuwe: "As der in bettere aktearprestaasje fan in man yn 'e filmskiednis fan 'e Feriene Steaten bestiet, soe ik net witte hokker dat wêze moast." Yn 2004 priizge ek de bekende regisseur Martin Scorsese On the Waterfront en it aktearjen fan Brando. Hy murk op: "As je him oan it wurk sjogge yn [dy film] […] is it de poerste poëzij dy't je je mar yntinke kinne […] dêr't je nei sjogge".

Ek kollega's neame faak de rol fan Marlon Brando yn On the Waterfront as it heechste dêr't in akteur nei stribje kin. Sa fertelde Al Pacino yn 1979 yn in fraachpetear mei it neakenblêd Playboy dat it de earste kear by it sjen fan Brando yn On the Waterfront wol liek as wied er troffen troch de wjerljocht. "Ik koe my net ferwege. Ik koe de bioskoop net ferlitte. Soks hie ik noch nea sjoen." Sir Anthony Hopkins sei by in fraachpetear yn 1998: "As je Brando sjogge yn 'e ferneamde taksysêne yn On the Waterfront, dan benimt je dat noch altyd de siken." Yn in lykrede foar Brando sei Jack Nicholson oer syn fertolking fan 'e rol fan Terry Malloy yn On the Waterfront: "Je koene gewoane net weisjen fan dy fint. Hy wie betsjoenend."

On the Waterfront brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $4,2 miljoen op, in bedrach dat by lettere werútbringsten fan 'e film yn 'e bioskoop omheech gie nei úteinlik $9,6 miljoen. Om't it ûnbekend is hoefolle oft On the Waterfront yn oare lannen en territoaria yn 't laadsje brocht, kin de wrâldwide opbringst net fêststeld wurde. Mar as men $4,2 miljoen ôfset tsjin it budget fan $910.000, makke de film yn 1954 al in winst fan $3,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moasten.

By de Oscars waard On the Waterfront yn 1955 nominearre foar 12 prizen yn 10 kategoryen. Sa waard Leonard Bernstein nominearre foar de bêste filmmuzyk, wylst Lee J. Cobb, Karl Malden en Rod Steiger alle trije nominearre waarden foar de priis foar bêste byrol fan in akteur. De film wûn 8 Oscars, foar bêste film, bêste regisseur (Elia Kazan), bêste akteur (Marlon Brando), bêste byrol fan in aktrise (Eva Marie Saint), bêste senario (Budd Schulberg), bêste kamerarezjy yn swart-wyt (Boris Kaufman), bêste filmmontaazje (Gene Milford) en bêste artdirection yn swart-wyt (Richard Day).

By de Golden Globes waard On the Waterfront nominearre foar (en wûn ek) yn 4 kategoryen: bêste dramafilm, bêste regisseur, bêste akteur (Marlon Brando) en bêste kamerarezjy yn swart-wyt. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard On the Waterfront nominearre yn 3 kategoryen, wêrûnder bêste film (lân fan oarsprong net wichtich) en meast ûnthjittende nijynkommeling (Eva Marie Saint). Marlon Brando wûn de BAFTA foar bêste bûtenlânske akteur. Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje waard On the Waterfront nominearre foar de Gouden Liuw. Elia Kazan wûn dêre de Sulverne Liuw foar bêste regisseur.

Yn 1989 wie On the Waterfront ien fan 'e earste 25 films dy't troch de Amerikaanske Library of Congress foar preservearring foar de ivichheid útornearre waarden troch opnimming yn it Nasjonaal Film Register.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.