Springe nei ynhâld

On the Road

Ut Wikipedy
Omkaft fan de earste edysje (1957)

On the Road (Ingelsk, letterlik: "Op 'e dyk") is in roman fan de skriuwer Jack Kerouac út de Feriene Steaten, publisearre yn 1957. It wurdt beskôge as in beskiedend wurk fan de nei-oarlochske Beat- en tsjinkultuergeneraasjes, mei syn haadpersoanen dy't libje tsjin in eftergrûn fan jazz, poëzy en drugsgebrûk.

It boek waard yn mar trije wiken skreaun op in lange rol, bekend as the scroll yn it Ingelsk of 'it orizjinele manuskript'.

It boek, in kaairoman, is foar in grut part basearre op Jack Kerouac syn eigen libben, ûnderweis troch de Feriene Steaten en Meksiko yn 'e lette 1940er jierren.

It boek is skreaun út it perspektyf fan Sal Paradise wei, Kerouacs alter ego yn it boek en de ik-persoan. De eigentlike haadpersoan en ynspirator foar de aventoeren dy't Paradise belibbet is lykwols de jonge en bûtengewoan enerzjike Dean Moriarty, it personaazje dêr't Kerouacs freon en held Neal Cassady model foar stie. On the Road begjint mei in yntroduksje fan Dean yn de keunstnerskringen fan New York dêr't Sal op dat stuit diel fan útmakket. Yn oare personaazjes binne ûnder oare Allen Ginsberg (Carlo Marx), Herbert Huncke (Elmer Hassel) en William S. Burroughs (Old Bull Lee) werom te kennen.

De reizen, sawol mei as sûnder Dean, fiere Sal ferskate kearen dwers troch de Feriene Steaten. Hy besiket ûnder oare de stêden Chicago, Denver, San Francisco, Los Angeles en New Orleans. De lêste beskreaune reis yn 1950 fiert fan New York nei Denver en dêrnei mei Dean fia Teksas nei Meksiko-Stêd. Sal is yn it earstoan ynspirearre troch de romantyk fan it libben ûnderweis en de moetings dy't er hat mei útienrinnende persoanen, mar rekket fierser yn it boek mear en mear befongen troch iensumens en mankelikens. De freonskip mei Dean wurdt op'e proef steld troch dy syn ûnbetrouberens; drok as er is mei ferskillende froulju, bern en oare ferplichtingen komt er ôfspraken net nei en lit er Sal gauris yn'e steek.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: