On the Beach (album fan Neil Young)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

On the Beach is it seisde solo-album fan de Kanadeeske sjonger en gitarist Neil Young. Dit album foarmet mei de albums “Time Fades Away” en “Tonight’s the Night” de “Ditch Trilogy” neamd nei in tsjustere perioade yn syn libben dy ’t folge op syn grutte súkses mei “Harvest”. De muzyk op dit album is rau en rûch mei meast sombere teksten.

Tracklist[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It album bestiet út de folgjende lieten.

  • Walk on ****
  • See the sky about to rain ***
  • Revolution blues*****
  • For the turnstiles*****
  • Vampire blues****
  • On the beach*****
  • Motion pictures****
  • Ambulance blues*****

De stjerren jouwe de beoardieling oan fan de lieten troch “The Ultimate Music Guide: Neil Young”. Op de hiemside “All Musyk Guide “ wurde de albums fan in bepaalde artyst beoardiele. Beide beoardielingen rinne fan ien stjer (“striemin” ) oant fiif stjerren (“poerbêst)”. Dit album hat fiif stjerren krigen.

Muzikanten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Neil Young – sang, gitaar, Wurlitzer, , banjo, harmonica
  • Ben Keith - slide-gitaar,sang, steel-gitaar , dobro, Wurlitzer-piano, elektroanysk oargel, perkusje, basgitaar
  • Tim Drummond – basgitaar, perkusje
  • Ralph Molina – drums, sang, perkusje
  • Billy Talbot - basgitaar
  • Levon Helm - drums
  • David Crosby –sang, gitaar
  • Rick Danko - basgitaar
  • George Whitsell - gitaar
  • Graham Nash – sang, Wurlitzer-piano
  • Rusty Kershaw - slide-gitaar, fiddle

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]