Omroep West
Appearance
| Omroep West | ||
| Logo Omroep West | ||
| algemiene ynformaasje | ||
| nasjonaliteit | ||
| medium | Radio, Telefyzje | |
| taal | Nederlânsk | |
| oprjochte | 2002 | |
| ûntstien út | Radio West, TV West | |
| haadkertier | De Haach | |
| útstjoergebiet | ||
| ûntfangstgebiet | ||
| frekwinsje | ||
| FM | 89.3 MHz | |
| DAB+ | kanaal 5B | |
| offisjele webside | ||
| omroepwest.nl | ||
Omroep West is de regionale publike omrop fan it noardlike part fan de Nederlânske provinsje Súd-Hollân.
De stjoerder is yn 2002 ûntstien nei in fuzje fan Radio West dat yn 1987 oprjochte waard en TV West oprjochte yn 1996. De omrop begûn yn 2002 ûnder de namme Radio en TV West, de namme waard op 30 oktober 2006 feroare yn Omroep West. De stjoerder makket nijs-, ynformaasje - en muzykprogramma's. De studio fan de omrop sit yn De Haach. It útstjoergebiet fan de omrop beslacht sa'n 27 gemeenten mei Hillegom en Noardwyk as noardlike grins en Midden-Delflân, Westlân en Krimpenerwaard as súdlike begrinzing fan it útstjoergebiet. De Omrop is te belústerjen fia FM frekwinsje 89.3, fia ynternet en sûnt septimber 2015 ek fia DAB+.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
