Omgong fan Frankryk 2025
| 112e edysje | ||||
| Rûtekaart fan de Omgong fan Frankryk 2025 | ||||
| Tiidrek | 5 - 27 july 2025 | |||
| Startplak | Lille | |||
| Finishplak | Parys | |||
| Totale ôfstân | 3.320 km | |||
| Hichtemeters | 51.550 m | |||
| Dielnimmers | 176 | |||
| Klasseminten nei 21e etappe | ||||
| Giele trui | ||||
| Griene trui | ||||
| Boltsjestrui | ||||
| Wite trui | ||||
| Ploegen | ||||
| Striidberens | ||||
| foarrige edysje | 2024 | |||
| folgjende edysje | 2026 | |||
| ||||
De 112e edysje fan de Omgong fan Frankryk waard holden fan 5 oant en mei 27 july 2025.
Dielnimmende ploegen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Startplak
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De start wie yn Lille, de haadstêd fan de Frânske regio Opper-Frankryk en de wichtichste stêd yn en teffens haadplak fan it departemint Nord. It wie de tredde kear dat de Omgong fan start giet yn Lille. De earste kear wie yn 1960, mei in flakke etappe fan 180 kilometer nei it Belgyske Brussel. De twadde kear dat de Omgong fan start gie yn Lille, yn 1994, wie de earste etappe in yndividuele tiidrit fan 7,2 kilometer.
Einstreek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei in útstapke nei Nice fanwegen de Olympyske Simmerspullen fan 2024, lei de einstreek yn 2025 wer op de Champs-Élysées de breedste strjitte fan Parys, de haadstêd en grutste stêd fan Frankryk, en de haadstêd fan de regio Île-de-France.
Etappe-oersjoch[1]
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de tolfde etappe waard der in minút stilte hâlden ta neitins oan de Italjaanske hurdfytser Samuele Privitera, dy't de foarige dei ferstoar nei in fal yn de earste etappe fan de Giro della Valle d'Aosta. Yn de fjirtjinde etappe moast wite trui drager de Belgyske hurdfytser Remco Evenepoel de omgong ferlitte. De njoggentjinde etappe waard fan 130 km inkoarte nei 93.1 kilometer fanwegen in feesykte ûnder kij dy't op de Col de Saisies rûnen, derop waard dizze beklimming út it parkoers skrapt. De lêste etappe mei de oankomst op de Champs-Élysées is nei oanlieding fan de Olympyske Simmerspullen oanpast, it parkoers giet no krekt as de Olympyske dykwedstriid oer de Montmartre.
| Datum | Etappe | Start – Finish |
Ofstân (yn km) |
Type | Winner | ||
|---|---|---|---|---|---|---|---|
| 5 july | 1 | Lille Lille |
185 km | ||||
| 6 july | 2 | Lauwin-Planque Boulogne-sur-Mer |
212 km | ||||
| 7 july | 3 | Valenciennes Dúntsjerk |
178 km | ||||
| 8 july | 4 | Amiens Rouen |
173 km | ||||
| 9 july | 5 | Caen Caen |
33 km | ||||
| 10 july | 6 | Bayeux Vire Normandie |
201 km | ||||
| 11 july | 7 | Saint-Malo Mûr-de-Bretagne |
194 km | ||||
| 12 july | 8 | Saint-Méen-le-Grand Laval |
174 km | ||||
| 13 july | 9 | Chinon Châteauroux |
170 km | ||||
| 14 july | 10 | Ennezat Mont-Dore |
163 km | ||||
| 15 july | Rêstdei yn Toulouse | ||||||
| 16 july | 11 | Toulouse Toulouse |
154 km | ||||
| 17 july | 12 | Auch Hautacam |
181 km | ||||
| 18 july | 13 | Loudenvielle Peyragudes |
11 km | ||||
| 19 july | 14 | Pau Luchon-Superbagnères |
183 km | ||||
| 20 july | 15 | Muret Carcassonne |
169 km | ||||
| 23 july | Rêstdei yn Montpellier | ||||||
| 22 july | 16 | Montpellier Mont Ventoux |
172 km | ||||
| 23 july | 17 | Bollène Valence |
161 km | ||||
| 24 july | 18 | Vif Col de la Loze |
171 km | ||||
| 25 july | 19 | Albertville La Plagne |
93.1 km | ||||
| 26 july | 20 | Nantua Pontarlier |
185 km | ||||
| 27 july | 21 | Mantes-la-Ville Parys (Champs Élysées) |
120 km | ||||
| Datum | Etappe | Start – Finish | Ofstân (yn km) |
Type | Winner | ||
Klassemintslieders nei eltse etappe
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|