Oldhuistrastate (Mitselwier)

Ut Wikipedy
Oldhuistra, Master van Loanstrjitte 33, Mitselwier

Oldhuistrastate, ek wol Aldhuistra neamd, stie oan de eastrâne fan de terp fan Mitselwier. Oer it ûntstean fan de oarpronlike stins is neat bekend.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kadastrale kaart út 1832 mei in part fan de states fan Mitselwier

De wichtichste stins yn Mitselwier wie Roptastate. Dêrneist wiene ek Wibaldastate en Jaersma âlde haadelingehuzen. Alletrije waarden yn 1422 al neamd. Fierder wiene der noch twa staten dy't fanwegen harren namme, grêften of (16de-uwske) bewenning opfalle: Oldhuistera en Fridshuistera. Beide waarden ek al yn 1511 neamd. Oldhuistra soe ôfgeand op de namme in stins west hawwe kinnen. It wie yn 1511 en ek nei 1640 in ferpachte pleats; yn de 16e iuw waard er in skoft troch aadlike eigeners bewenne.

Yn it Register van den Aanbreng fan 1511 wurdt Aeltije Auld Hustma fermeld dy't 80 pûnsmiet pachte fan Onna Aesgama, hokfoar lân de preesters in rinte út ûntfongen. Yn 1580 wurdt dy rinte fannijs fermeld: "Uut Oldehustra sate'.
Yn 1543 wie Gerrit van Wijtsma eigener en yn 1640 wurdt de sate troch de eigener Pijbe van Wijtsma sels bewenne. De Wijtsma's wiene katolyk bleaun en komme dêrom net yn it stimkohier foar. Sy wiene besibbe oan de Unia's. Carel fan Unia wie boaske oan Allegonda Roelantsdr. fan Achelen, dat it soe kinne dat de yn 1590 te Mitselwier neamde Roeland fan Achelen, boaske oan Womck fan Mockema, op Oldhuistra wenne hat. Ek Eelcke fan Mockema, dy't yn 1578 yn it Register van de Personele Impositie te Mitselwier neamd wurdt, sil dêr wenne hawwe.
Yn 1698 ferhierden de bern fan Hobbo Esaias fan Aylva it hoarnleger fan Jaersma State en noch trije oare sates ûnder Mitselwier, ûnder oaren Oldhuistra sate.
Yn 1728 wie dit besit - noch fergrutte mei Helbada sate - eigendom fan jonker Julius Jelte fan Unia.

Op it stateterrein stiet no in monumintale kop-hals-romppleats.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1511 Aeltije Auld Hustma (bewenster)
  • 1543 Gerrit van Wijtsma
  • 1578 Eelcke van Mockema (?)
  • 1590 Roeland van Achelen en Womck van Mockema (?)
  • 1640 Pijbe van Wijtsma
  • 1698 bern fan Hobbo Esaias fan Aylva
  • 1728 Julius Jelte fan Unia
  • 1832 Ulbo van Burmania te Eanjum
  • Famylje Fokkens, jierren 60 fan de 20e iuw

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • P.N. Noomen, De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg, De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen
  • Webstee hisgis
  • Foto: Jan Leemburg