Olaf V fan Noarwegen
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Olaf Alexander Edward Christian Frederik (Appleton House by Sandringham Ingelân, 2 july 1903 - Oslo, 17 jannewaris 1991) wie fan 1957 oant 1991 kening fan Noarwegen as Olaf V (Noarsk: Olav V).
Hy wie de soan fan prins Karel fan Denemark; syn mem wie prinsesse Maud, in dochter fan kening Edward VII fan it Feriene Keninkryk. Doe't syn heit Karel yn 1905 as Haakon VII ta kening fan Noarwegen ferkeazen waard, waard Alexander as kroanprins de Noarske namme Olaf takend. Olaf studearre oan de Universiteit fan Oxford.
Hy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen, yn de 6m klasse mei Håkon Bryhn, Johan Anker en Erik Anker. De 6m klasse is in mearpersoansboat. It boatsje hat in lingte fan ungefear 7 meter, in breedte 1,78 meter en in djipgong fan 1,70 meter; it grutseil mjit 43 m².
Op 21 maart 1929 boaske Olaf syn nicht, prinsesse Märtha fan Sweden (sawol in pakesizzer fan Oscar II fan Sweden as fan Frederik VIII fan Denemark; beide kamen fuort fan Joséphine de Beauharnais). Ut dit houlik waarden trije bern berne:
Doe't de Dútsers Noarwegen yn april 1940 besetten, late kening Haakon twa moannen lang it ferset en wegere it nije regear ûnder Vidkun Quisling te erkennen. Dêrnei wike Haakon út nei Ingelân en late it regear yn ballingskip yn Londen. Kroanprinsesse Märtha wykte mei har bern út nei de Feriene Steaten, hja brochten de oarlochstiid troch yn Washington, D.C.. Kroanprins Olaf besocht syn famylje op syn minst alle jierren, mar ferbleau de rest fan'e tiid yn Londen om syn heit fierder by te stean. Yn 1945 kaam de famylje werom nei Noarwegen. kroanprinsesse Märtha stoar op 5 april 1954 yn in sikehûs yn Oslo oan'e gefolgen fan kanker, trije jier foar't har man Olaf kening waard.
Mei de dea fan Haakon VII op 21 septimber 1957 waard Olaf kening. Yn earste ynstânsje woe it Noarske regear net folle omtinken jaan oan'e troanoername troch Olaf. It leafst hie it regear dat Olaf mei in eedôflizzen it keningskip op him nimme soe. Olaf sels woe lykwols ynseinige wurde. Dat barde op 22 juny 1958 yn de Nidarosdom te Trondheim.
Olaf V fan Noarwegen ferstoar op 17 jannewaris 1991, yn 'e âldens fan 87 jier.
Syn soan Harald folge him op as kening.
Stambeam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Olaf V, Kening fan Noarwegen (1903-1991) |
Heit: Haakon VII, Kening fan Noarwegen (1872–1957) |
Pake: Freark VIII, Kening fan Denemark (1843–1912) |
Oerpake: Kristiaan IX, Kening fan Denemark (1818-1906) |
Oerbeppe: Louise, Keninginne fan Denemark (1817-1898) | |||
Beppe: Louise, keninginne fan Denemark (1851–1926) |
Oerpake: Karel XV Kening fan Sweden (1826-1872) | ||
Oerbeppe: Louise, Keninginne fan Sweden, prinsesse fan Oranje-Nassau (1828-1871) | |||
Mem: Maud, Keninginne fan Noarwegen (1869-1938) |
Pake: Edward VII, Kening fan it Feriene Keninkryk (1841-1910) |
Oerpake: Albert, hartoch fan Saksen (1819-1861) | |
Oerbeppe: Fiktoaria, Keninginne fan it Feriene Keninkryk (1819-1901) | |||
Beppe: Alexandra, Prinsesse fan Wales (1844-1925) |
Oerpake: Kristiaan IX, Kening fan Denemark (1818-1906) | ||
Oerbeppe: Louise, Keninginne fan Denemark (1817-1898) |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|