Springe nei ynhâld

Oisterwijk (gemeente)

Ut Wikipedy
Oisterwijk
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
HaadplakOisterwijk
Oerflak81,46 km² [1]
    dêrfan lân80,11 km²
    dêrfan wetter1,35 km²
Ynwennertal32.943 (1 jannewaris 2024)
Befolkingstichtens411 ynw./km²
Oprjochte1997
Ferkearsier(en)
Netnûmer(s)013, 0411 (Haaren)
Postkoade(s)5059-5066 en 5076
www.oisterwijk.nl

Oisterwijk is in gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Brabân. De gemeente hat 32.943 [2] ynwenners en in oerflak fan likernôch 81 km². Likernôch 2% dêrfan bestiet út wetter. Oisterwyk leit op in hichte fan 10 meter.

Oisterwijk waard as plak yn 1212 stifte troch hartoch Hindrik I fan Brabân en krige doe ek fuortendaliks stedsrjochten en in eigen jiermerk. Yn sekere sin soe men sadwaande sizze kinne dat de gemeente Oisterwijk al sûnt de trettjinde iuw bestiet. Yn syn hjoeddeistige foarm ûntstie de gemeente lykwols pas op 1 jannewaris 1997, doe't de gemeente Moergestel gearfoege waard mei de doetiidske gemeente Oisterwijk en mei it doarp Heukelom, dat foartiid ta de gemeente Berkel-Enschot heard hie. As gefolch fan 'e opspjalting fan 'e gemeente Haaren waard op 1 jannewaris 2021 it doarp Haaren ek noch oan de gemeente Oisterwijk tafoege.

De gemeente Oisterwijk bestiet út de folgjende kearnen (ynwennertallen 2024):

Yn 'e gemeente Oisterwyk wurdt Oisterwyksk praat, in subdialekt dat heart ta it Sintraal-Noard-Brabânsk dialekt, dat op syn beurt ûnderdiel foarmet fan it Brabânsk dialekt.

It noardlikste en westlikste part fan 'e gemeente (dêr't Oisterwijk leit) wurdt by de streek fan 'e Meierij fan 'e Bosk rekkene, it súdeastlike diel (mei Moergestel) wurdt ta de Kempen rekkene.

De gemeente is toeristysk fanwegen de bosken en dobben. Der binne ferskillende natoergebieten dy't foar in grut part ûnder Het Groene Woud falle.

Foar de 20e iuw bestie it lânskip dêr net út bosk, mar út útwrydske heidefjilden. Mei't de skieppekeppels langer gjin heide mear koart holden en der beammen oanplante waarden, feroare it lânskip yn bosk. Bysûnder is dat der folle mear wielen foarkomme as yn soartegelikense gebieten fan Noard-Brabân.

Troh de gemeente streame ferskillende beken, lykas de fanút it suden wei streamende Reusel. In oare beek is de Rosep, dy't yn noardeastlike rjochting streamt.

De gemeente is tradisjoneel roomsk-katolyk. De doarpen ha in roomske tsjerke, mar yn Oisterwijk is der ek in PKN-tsjerke.

Oisterwyk hie earder in soad meubelyndustry. Meubelfabryk Oisterwijk hie ferskillende fialen yn Nederlân en wie bekend fan radio- en televyzjereklames mei de gjalp "klop klop". It haadkantoar en de produksje wiene yn it doarp Oisterwijk fêstige. Yn 1990 gie it bedriuw fallyt en waard yn in nije opset en folle lytsere skaal in trochstart makke, sadat it net mear de muoite wurdich is om fan in meubelyndustry te praten.

Oare grutte bedriuwen dy't yn 2022 foar in soad wurkgelegenheid sargje binne Unilin en Tobroco.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen: nl:Oisterwijk