Springe nei ynhâld

Ofslútdyk Waadsintrum

Ut Wikipedy
Ofslútdyk Waadsintrum
bouwurk
It Ofslútdyk Waadsintrum
It Ofslútdyk Waadsintrum
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plakKoarnwertersân
adresOfslútdyk 1c
koördinaten53° 4' 25" N 5° 20' 24" E
bysûnderheden
boujier2017
arsjitektDoeke van Wieren, Bart Zantman
kaart
Ofslútdyk Waadsintrum (Súdwest-Fryslân)
Ofslútdyk Waadsintrum

It Ofslútdyk Waadsintrum (offisjele namme: Afsluitdijk Wadden Center) is in útstallingssintrum oan 'e Ofslútdyk yn Koarnwertersân yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân.

It Ofslútdyk Waadsintrum waard op 22 maart 2018 offisjeel iepene troch minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. De provinsje Fryslân wie de opdrachtjouwer en haadfinansier. It Ofslútdyk Waadsintrum is part fan it program "De Nije Ofslútdyk". Dat is in gearwurking fan de provinsje Fryslân (gemeenten Súdwest-Fryslân en Harns), Rykswettersteat en de provinsje Noard-Hollân (gemeente Hollâns Kroan) op it mêd fan duorsume enerzjy, ekology, rekreaasje en toerisme foar in fernijde dyk. Mei it iepenjen waard ek it jubileumjier fan 'e Suderseewet út 1918 fierd.[1]

Yn 'e útstallingsromte kinne besikers kunde meitsje mei de skiednis en takomst fan 'e Ofslútdyk, de Waadsee (UNESCO Wrâlderfgoed), de Iselmar en de Fiskmigraasjerivier, in fiskpassaazje oan 'e westkant fan de Lorentzslûzen dêr't fisken trochhinne swimme kinne fan 'e Iselmar nei de Waadsee en oarsom. Der is in ynteraktyf akwarium, de wurkkeamer fan yngenieur Cornelis Lely, it Stoarmteater en in 4D-bioskoop mei de attraksje de FlyRide (mei help fan firtuele werklikheid yn in hangglider in flecht oer de omkriten meitsje).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: