Oestrich-Winkel

Ut Wikipedy
Oestrich-Winkel
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Hessen
Lânkring Rheingau-Taunus-Kreis
Sifers
Ynwennertal 11.873 (31.12.2020)
Oerflak 59,53 km²
Befolkingstichtens 199 / km²
Hichte 84 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 50° 0´N 08° 0´E
Webside www.oestrich-winkel.de

Oestrich-Winkel is in stêd yn de Rheingau-Taunus-Kreis yn de Dútske dielsteat Hessen. It stedsbestjoer fan de stêd hat syn sit yn it stedsdiel Oestrich.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd leit oan de Ryn, sa'n 20 kilometer westlik fan Wiesbaden. It snijpunt fan de 50e noardlike breedtegraad mei de 8e eastlike lingtegraad leit yn it stedsdiel Winkel.

Yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stedsgebiet fan Oestrich-Winkel bestiet út de stedsdielen Hallgarten, Mittelheim, Oestrich en Winkel. Winkel, Mittelheim en Oestrich binne oan inoar fêstgroeid en lizze oan de Ryn, wylst Hallgarten 2 kilometer noardeastlik leit.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd ûntstie yn it ramt fan in weryndieling yn Hessen op 1 july 1972 troch gearfoeging fan de oant dan selsstannige gemeenten Mittelheim, Oestrich en Winkel. Tagelyk krige de nije gemeente it rjocht om him stêd te neamen. Op 1 jannewaris 1977 waard de gemeente Hallgarten by de stêd yndield. Foar alle stedsdielen waarden Ortsbezirke mei in Ortsbeirat en Ortsvorsteher foarme.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kraan fan Oestrich

De 18e-iuwske kraan fan Oestrich is it symboal fan de stêd en tsjinne om û.o. om wyn yn de skippen te laden. De kraan waard yn 1745 yn gebrûk nommen en wurke oant 1926.

De Sint-Martinustsjerke fan Oestrich (Markt) en de Sint-Egidiusbasilyk fan Mittelheim (An der Basilika) hearre ta de âldste tsjerken fan it Ryngoa. Yn de parochytsjerke Marije-Himelfeart fan Hallgarten (Zangerstraße 3) stiet de ferneamde Madonna fan Hallgarten, in 15e-iuwsk byld. Ek de moderne protestantske tsjerke fan Mittelheim (Rheingaustraße) út 1956 falt ûnder monumintesoarch. Midden yn it sintrum fan Winkel stiet fuort oan de Hauptstraße foar it âlde riedshûs oer de barokke parochytsjerke Sint-Walburga.

Oan de noardeastlike gemeentegrins by Hattenheim stiet it Slot Reichartshausen (stifte yn de 12e iuw). De ruïne dy't om de bedriuwsgebouwen stiet is in folly út likernôch 1900. Tsjintwurdich wurdt it gebou brûkt troch de EBS Business School fan de EBS Universität für Wirtschaft und Recht.

Yn Winkel stiet it "Graue Haus" (Graugasse 10), ien fan de âldste stiennen hûzen fan Dútslân. Lange tiid waard oannommen dat Rabanus Maurus dêr wenne en yn 856 ferstoar.

Twa kilometer noardlik fan Winkel stiet it Slot Vollrad mei de âlde wettertoer. It Brentanohûs yn it sintrum fan Winkel wie fan de bankiersfamylje Brentano. Yn 1814 hat Goethe dêr in skoft útfanhûze.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.