Oerskotdeading

Oerskotdeading, ek bekend as eksessyf deadzjen, it hinnehoksyndroom of, mei in Ingelsk lienwurd, overkill, is in gauris foarkommende foarm fan hâlden en dragen by rôfdieren. Dêrby deadet in rôfdier yn ien kear mear proaien as er fuortendaliks opfrette of ferbergje en foar letter bewarje kin. De term 'oerskotdeading' in lienfertaling fan it Ingelske surplus killing, waard yn 'e soölogy yntrodusearre troch de Nederlânske biolooch Hans Kruuk, nei't er dit gedrach by de bûnte hyena yn Afrika en de foks yn Ingelân bestudearre hie. De term 'hinnehoksyndroom' slacht op it bekende barren dat in foks of in murd by nacht in hinnehok binnen kringt en dêr alle hinnen deadet, hoewol't er mar ien of twa opfret.
Foarbylden fan bisten dy't har soms oerjouwe oan oerskotdeading, binne:
- bearen lykas de brune bear (Ursus arctos), de Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus) en de iisbear (Ursus maritimus);
- kateftigen lykas de jagûar (Panthera onca), it loaihoars (Panthera pardus), de liuw (Panthera leo), de Jeraziatyske lynks (Lynx lynx), de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), de reade lynks (Lynx rufus), de karakal (Caracal caracal) en de poema (Puma concolor);
- hûneftigen lykas de wolf (Canis lupus), de prêrjewolf (Canis latrans), de foks (Vulpes vulpes) en de hûn (Canis lupus familiaris);
- martereftigen lykas de murd (Mustela putorius), de beamotter (Martes martes), de stienmurd (Martes foina), de wezeling (Mustela nivalis), de harmeling (Mustela erminea), de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii), de Amerikaanske nerts (Neogale vison) en de hunichdas (Mellivora capensis);
- oare rôfdieren lykas de waskbear (Procyon lotor) en de bûnte hyena (Crocuta crocuta);
- wringeleazen lykas spinnen, miten en wetterjuffers.
De oarsaken fan dizze foarm fan hâlden en dragen wurdt troch biologen socht yn 'e oandriuw fan rôfdieren ta it oanlizzen fan itensfoarrieden wannear't de kâns him dêrta foardocht en teffens yn it opdwaan fan weardefolle ûnderfining op it mêd fan it fangen en deadzjen fan proaidieren.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |