Oerlis:Yn 'e Line

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Namme[boarne bewurkje]

Hat de Encyclopedie van Friesland it yndied oer Yn'e Line? De kranten út dy tiid skriuwe Yn 'e line, sjoch bgl. hjir en hjir. De stavering Yn'e Line fine jin yn Delpher net werom (kepp, fgl. dit). Wutsje 27 jul 2020, 01.43 (CEST)

@Wutsje: Yn de EvF stean de lemmanammen yn haadletters: YN ÚS EIGEN TAEL, YN'E LINE. Dat dy L fan line seit neat, dat hat ús meidogger der fan makke. En dat fan dy spaasje kin in tikflater wêze. Drewes (oerlis) 27 jul 2020, 14.13 (CEST)
Tank. It giet my mei namme om dat lêste: sûnder spaasje is neffens de hjoeddeiske staveringsregels yn alle gefallen mis (Dijkstra (1996), s. 80, 17.1), mar in sitaat is in sitaat. Dy haadletter kin my net folle skille, dy blykt yn guon kranten ek brûkt te wurden. De stavering Yn'e Line fine jin op dit stuit (noch) yn Jan Frearks van der Bij, Pier Feddema, Sjoerd Huizinga en Klaas Koopmans. Wutsje 27 jul 2020, 17.43 (CEST)