Oerlis:List fan lannen en territoaria

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oerlis:Wrâlddielen en lânnen)
  • De nammen op dizze side haw ik oernaam fan de webstee fan de Fryske Akademy, utsein "Australaasje", "Nederlân" en "Fidzji". It kin wêze dat hjir noch wyzigings op komme. Ik leau bygelyks dat "Timor Leste", as it sa hjit, hjir noch net by wie.
  • Ik haw der foar keazen "de" allinich yn de keppelingnamme op te nimmen als it gjin mearfâld oanjout. It liket dat dat is sa't it oant no ta foar de keppelings yn teksten ek dien is.

Aliter 21.55, 19 mai 2004 (UTC)

Der binne in pear nammen dy't yn de Fryske Wikipedy al oars stavere wienen, meast neffens it Frysk Wurdboek fan de Fryske Akademy, opnaam, en in tal fan landen dy't net yn de list stienen. Aliter 03.12, 22 des 2005 (UTC)
Fan it taalburo is ús skreaun dat harren list allinnich normearjend is foar de stavering fan de nammen, net foar de kar. Dat it stiet ús frij oare nammen te brûken, mar dêr't wy de nammen fan de list brûke soe de stavering fan de list, of it wurdboek, oanholden wurde moatte. Aliter 02.04, jan 26, 2006 (UTC)

Stavering lannenammen[boarne bewurkje]

Ik haw in grutte feroaring fan in lânnammen tebek setten om't der gjin motifaasje of bettere boarne jûn wie en de nammen dy't wy hienen al op ús siden brûkt wurden. De tafoegings fan lannen dy't wy noch net hienen wie fansels al wolkom en haw ik stean litten.
Der wie ek in protte tafoege oer ôfhinklike gebieten, wat ik noch steanlitten haw om't ik de ynformaasje net kwyt wol, mar dêr't ik fan fyn dat it hjir net te plak is. Ik hie dit leaver apart. Wat is baas? Aliter 03.12, 22 des 2005 (UTC)


Ja, dy lannenammen, dy hie ik feroare.

Earst dit even: der binne twa lannen dy't Kongo hite. Dizze list jout mar ien en myn tafoeging is wer fuorthelle. Foar de dúdlikheid: it iene Kongo is de Republyk Kongo, mei as haadstêd Brazzaville (sadwaande ek wol Kongo-Brazzaville neamd), dat foarhinne in Frânske koloanje wie. It oare Kongo is de Demokratyske Republyk Kongo, foarhinne bekend as Saïre, mei as haadstêd Kinshasa, foarhinne in Belgyske koloanje. Dit is echt in grutte flater yn de list en moat sa gau mooglik ferholpen wurde.

Wat de rest fan de feroarings oangiet, dy is net sa prangjend, mar lykwosl soe ik se graach wer feroare sjen wolle - om de folgjende redens. As men in ensyklopedy skriuwt, liket my ien fan wichtichste oerweagings de tagonklikheid ta. Dêrom liket it my foar de hân lizzend dat lannenammen sa dúdlik mooglik wêze moatte, dus de goede namme brûke en gjin oerstallige letters of diakrityske tekens brûke.

Dat, even op in rychje:

  • Lannenammen op einigjend op in i-klank soe ik ek mei in i skriuwe (en net mei in y, al sjocht dat der miskien Frysker út). Yn dizze groep sitte lannen as Bûrûndi, Haïti, Dzjibûti en sa fierder. Skriuw se mei in i, soe ik sizze. Stoarender is dat Saûdi-Araabje in dizze list ek mei in y skreaun is: Saûdy-Araabje. As we op dy toer geane, moatte alle "stans" (Afganistan, Pakistan, Oezbekistan, ensfh.) ek mei in y skreaun wurde, want de i-klank ferfollet yn beide lannenammen deselde funksje, nammentlik in meartalsfoarm (it Araabje fan de Saûdi's, it Lân (stan) fan de Afganen, Suveren (Pakistan), Oezbeken, en sa fierder.
  • Lannenammen mei oerstallige diakrityske tekens: Geörgje - dat kin dus echt net. Dat fynt gjin minsk werom. En wêrom soe dêr in trema op moatte? It kin ommers eins net ferkeard útsprutsen wurde. Noch sokssawat: Massedoanje. Wêr komt dy ekstra s yn fredesnamme wei? En Rûanda - wêrom net gewoan Rwanda, sa binne de minsken it wend. Earne oars yn dizze ensyklopedy seach Jûgoslaavje stean - okee, it lân bestiet net mear, mar wat is der mis mei Joegoslaavje? Noch ien: Sierra Leöane. Dêr moatte jo in hiel hoart op omstammerje foar't je it útsprekke kinne. Ik soe sizze, doch net al te dreech, skriuw gewoan Siërra Leone.
  • Krekt oarsom mis ik by Korea en Eritrea en ek Samoa, dêr't echt de mooglikheid bestiet dat it ferkeard útsprutsen wurdt ("rea" is sels in besteand Frysk wurd) it trema op de a: Koreä.
  • Unfolsleine lannenammen. Grut-Brittanje, bygelyks. Dat beslacht allinne Ingelân, Skotlân en Wales, dus Noard-Ierlân falt bûten de boat. Dêrom liket it my de baas en jou de side de namme "Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân", mei in trochwizing dêrhinne by "Grut-Brittanje". Noch ien: Bosnje. It lân hyt (en sa wurdt ik hast altyd neamd, behalven yn sprektaal) Bosnje-Hertsegovina (en at we Hertsegovina no mei of sûnder t skriuwe moatte? Ik soe sizze mei, want yn it Bosnysk is it Hercegovina en de c wurdt dêr as in ts-klank útsprutsen.)
  • Wer in oar gefal: Sao Tomee en Prinsyp. Dit is in lân dêr't de measte Friezen wierskynlik noch nea fan heard hawwe. Wêrom dan net gewoan staverje sa't it meastal dien wurdt (São Tomé en Principe). It ferfryskjen fan sa'n namme foeget nei myn miening neat ta. Oars is it mei Singapoer, dat ik yn âlde (okee, Nederlânsktalige) boeken sels wolris sa skreaun sjoen haw, mar dêr wurdt dan wer de Ingelske foarm Singapore oanholden.
  • Fierders sjoch ik dat wat ik de Amerikaanske en de Britske Famme-eilannen neamd hie, dus Maagdeneilanden yn it Nederlânsk, feroare is yn Faam-eilannen. Wêrom? (Dy eilannen binne neamd nei de tsien jongfammen út de gelikenis út de Bibel (Mattéus 25 : 1-13), dat it liket my dat dat meartal wêze moat. Mocht ien fan jimme oare ynformaasje hawwe, dan wol ik my dêr bêst by dellizze, mar dan moat it streepke noch al tusken "Faam" en "eilannen" weihelle wurde.)
  • Belaû stiet noch op dizze list, mar it lân is ûnderwilens better bekend as Palaû. Yn elts gefal moat dat efkes oanjûn wurde.
  • Yn it Frysk komt de û nea foar de r foar, dus it liket my dat Boerkina Faso in bettere stavering is as Bûrkina Faso. By Urûguay sitte jo wer mei de tagonklikens, om't de û de earste letter is, mar in lân as Oeganda, dat ek tsientallen jierren yn it Nederlânsk sa stavere is, soe ik gewoan mei oe skriuwe.
  • East-Timor, dêr moat dus echt in streepke tusken. Tusken wynrjochtings en gebieten komt altyd in streepke. By Frânsk Polyneezje, Frânsk Guyana en Ekwatoriaal Guinee giet it om in eigenskipswurd foar de echte namme; dêr komt dus gjin streepke tusken.
  • Birma, de âlde namme fan Myanmar. Dêr binne twa foarmen fan, Birma en Burma, dy't beide wol yn it Nederlânsk brûkt wurde (waarden). Nei analogy fan Dirk-Durk, Wirdum-Wurdum, liket it my it meast logysk as wy yn it Frysk de fariant Burma brûke.
  • Naurû, dêr hie ik Naoerû fan makke. It is nammentlik gjin au-klank, mar a-û.
  • Ingelân, Skotlân, Wales en Noard-Ierlân hearre fansels eins net op dizze list thús, mei't se net ûnôfhinklik binne en ek gjin oerseeske gebieten dy't foarhinne koloanjes wienen. Lykwols haw ik se dochs tafoege om't it sa dúdlik dochs om histoaryske lannen giet en mei't se by in protte sportkampioenskippen ôfsûnderlik faninoar útkomme, soe men sizze kinne dat se yn dy kontekst wol min of mear selsstannige lannen binne.
  • Ta beslút sjoch ik dat myn tafoegings fan Servje en Montenegro (los faninoar) der wer útfiske binne. Ik soe sizze, set se der alfêst mar yn, want mei in jier as wat geane se dochs apart fierder. (De grins tusken Servje en Montenegro skynt tsjintwurdich de swierst bewekke grins yn Jeropa te wêzen.)

Wat de klacht oer de ferminging fan selsstannige lannen mei ôfhinklike gebieten oangiet, ik soe it bêst fine as der foar de ôfhinklike gebieten in aparte list komt, mar dan moat dy eins wol op deselde side, oars wurdt er dreech te finen, bin ik bang. Wat we dan dwaan moatte mei Ingelân, Skotlân, ensfh. is in fraach... dêr't ik sa fuort gjin antwurd op wit.

Graach in reäksje, 22-12-05 Woadan


Sa at Aliter hjir in hiel skoft lyn boppeoan skreau, is de stavering meast oernaam fan de List fan Bûtenlânske ierdrykskundige nammen of út it Frysk Wurdboek. Der binne dan ek noch in tal lannen dy't net yn beide foarkomme en dêr soene we wol in diskusje oer fiere kinne.
  • Kongo: Yn ús list komt noch Saire foar, mar dit wurd blykber net mear brûkt. Dus ik tink wol dat dit ferfong wurde kin troch de Demokratyske Republyk Kongo, miskien wol mei Saire derefter om't dit noch wol in bekinde namme is.
  • Massedoanje: Neffens my net yn it Wurdboek en de list fan de FA. De ekstra s liket my wol logysk, mar dit soarte fan details is net myn sterkste kant. Wol moatte wy hjir wot oan dwaan want Meidogger:Kening Aldgilles hat fan 'e wike Massedoanje oanmakke wylst wy al in side Massedoonje hiene. Ik tink dat Massedoanje better is (wy hawwe bygelys ek Mongoalje).
  • Grut-Brittanje bin ik it eins wol mei iens dat dit net kloppet, wol tink ik dat it yn ferwizings dan makliker is om Ferienigd Keninkryk te brûken.
Letter mear reäksjes, moat earst ite.Theun 17.07, 23 des 2005 (UTC)

Och, dy ekstra s yn Massedoanje, dêr wol ik ek gjin probleem fan meitsje. As oaren fine dat dy s deryn moat, dan wol ik my dêr bêst by dellizze. En bygelyks de û yn Rûanda, ja, dat fyn ik net moai stean, mar no ja...

Wêr't it my fral om giet, is dat siden maklik te finen wêze moatte. En yn it foarste plak moatte jo dan konsekwint wêze. En dan bedoel ik lytse dingen as: Súd-Korea al mei in streepke skriuwe en East Timor net.

En ik soe it yndie moaier fine as yn dizze list de "Russyske Federaasje" stie, sa't it lân eins hyt en net "Ruslân". Mar goed, dêrby giet it om itselde lân. Mar by Grut-Brittanje...

Mar dêr sil ik net wer oer begjinne te seuren. Wat ik dus eins mei dit berjochtsje sizze wol, is dat ik - no't ik myn eardere berjocht nochris oerlêzen haw - fyn dat ik dêr noch al in hurde, in wat skoalmastereftige toan brûkt haw. Ik wit net at it op jim ek sa oerkommen is, mar sa hie ik it net bedoeld. Ik wol bêst kompromissen slute, mar oan 'e oare kant is it ek dúdlik dat der noch wol wat oan dizze list dien wurde moat.

23-12-05 Woadan


Yndie, dy feroare nammen kamen meast fan dy list. Dat jildt ek foar Grut-Brittanje en Saïre. Sels soe ik ek net mei sin twa lannen dêr't ferskillende nammen foar binne beide "de Kongo" neame, om't dat allinich mar as gefolch hat dat wy der dan hieltiid wer ekstra útlis by jaan moatte. Oarsom kin ik my it probleem yntinke fan ien dy't dy list net kint en dêrom leauwt dat ek Saïre yn it Frysk "de Kongo" hjit. Ik stel út dat wy dy betizing ûntgean krekt as wy it by Raerd/Raard dien hawwe: Ticht by it bejin fan De Kongo skriuwe wy "De Kongo is net itselde lân as Saïre." En om't der gjin side mei de namme Kongo is, kin dêr in útelkoarhâldside makke wurde, dy't letter útwreide wurde kin ta in side oer de mienskiplike skiednis ensfh. fan it gebiet.
Wat de tagonklikens oan belanget: ik hie it doe net oan tiid, en ik haw twa dagen fuort west, mar ik meitsje fan al dy nammen dy't ik fuorthelle haw trochferwizingssiden. Dat eltsenien dy't streekrjocht nei sa'n side giet, komt dan út wêr't er wêze wol, wylst wy de nammen dy't wy brûke hâlde kinne. Dat wol nammers net sizze dat ik it yn alle gefallen iens bin mei de kar fan de Fryske Akademy, fral net dêr't de nammestavering net oerienstimt mei de wurdstavering. Dat se gongbere nammen keazen hawwe liket my al better as it brûken fan de offisjele. Dat jildt foar ús ek - titels binne ek keppelings; hieltiid It Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân skriuwe te moatten is ek net alles.
Dat wie it grutste part, leau'k. Ik kin allinnich net krekt sjen hokfoar útsonderings der noch wienen, dat at der noch mear spesifyk oerlis komme moat, meitsje dêr dan efkes nije kopkes foar. Aliter 23.23, 24 des 2005 (UTC)

Turks- en Kaikoseilannen[boarne bewurkje]

(Even tusken heakjes: wat fine jimme eins fan myn side oer de Turks- en Kaikoseilannen?) Graach in reäksje, 22-12-05 Woadan

Skriuw ik op jo oerlisside. Aliter 23.23, 24 des 2005 (UTC)

Mass/sedoo/oanje[boarne bewurkje]

Dat der in dûbelde side oer Massedoanje/Massedoonje wie hie ik net sjoen; oars hie ik dat hjir daalks neamd yn it oerlis. Mei Google kom ik der op út dat beide op it Ynternet allinnich troch ús brûkt wurde. Foar Masedoanje binne wy ek de grutste boarne, mar in oare boarne is dêr de Fryske Akademy, dat ik leau it is baas as wy de siden ûnder dy namme gearfoegje. Aliter 23.23, 24 des 2005 (UTC)

Ien as mear Fammen[boarne bewurkje]

Famme-eilannen - Iens. De boarne dy't ik der op neislein hie joech oan dat dit in referinsje oan de Hillige Faam wie. No't ik it yn in bettere boarne (Wikipedia) neiseach komt my wer yn't sin hoe't dat al wie. Kinne jo Famme-eilannen ek daalks oanmeitsje mei de keppelings nei de twa parten en in útlis oer de namme. At it foar ússels net dúdlik is, dan is der grif ferlet fan útlis. Aliter 23.23, 24 des 2005 (UTC)

Ik hjir nochris oer neitocht. Is it hjir net FammeNeilannen? It is ommers in oantsjutting fan spesifyke persoanen. Aliter 03.55, 26 des 2005 (UTC)

Lannen en ôfhinklike gebieten[boarne bewurkje]

Haw nochris neitocht oer Aliter syn (har?) berjocht oer de ferminging fan lannen mei ôfhinklike gebieten yn dizze list. Ik tocht, wy kinne de ôfhinklike gebieten ek werjaan by de memmelannen as in twaddegraadsopsomming:

  • Nederlân
    • Arûba
    • de Nederlânske Antillen
  • Denemark
    • de Faeröer
    • Grienlân

ensfh. Hoe liket jimme dat ta?

Trouwens, der misse noch hieltyd guon, ha'k sjoen. Dan giet it trouwens om ûnbewenne gebieten, mar dat docht der fierders net ta. Dy sil ik letter noch wolris even tafoegje (út de holle: Sileensk Antarktika, Argentynsk Antarktika, Peter I-Eilân (Noarsk). Ik haw nammentlik in boekje oer Antarktika en dêr is it bestjoerlik in grutte gekkeboel, kin ik jim fertelle.

Woadan 16.59, 25 des 2005 (UTC)

Ik wit net krekt wat wy oanmoatte mei dy ôfhinklike gebieten; ik wit net iens wat in Ofhinklik gebiet krekt is en wêrom it net gewoan in part fan it lân is. Mar sjoch ris at it kin sa't de buorskippen by Fryske doarpen opnaam binne. (At jo in boekje oer Antarktika hawwe ... .) Aliter 03.55, 26 des 2005 (UTC)
Ik tink dat it in goed idee is om lykas by de buorskippen, in aparte list efter de list mei lannen te plakken. Op Noard-Amearika haw ik ek de net unôfhinklike eilannen apart set fan de lannen.Theun 12.09, 26 des 2005 (UTC)
No, in aparte list efter de list fan de lannen oan, kin om my ek wol. En even ter ferdúdliking: ôfhinklike gebieten binne eins wat wy foarhinne koloanjes neamden (mar dat is polityk net mear in akseptabele term, dat no neame se it ôfhinklike (yn tsjinstelling ta ûnôfhinklike) gebieten. Woadan 08.08, 27 des 2005 (UTC)

Feroaring List[boarne bewurkje]

No, ik haw der twa aparte listen fan makke. Ik bin der sels eins wol tefreden oer, ik hoopje dat jimme dat ek binne. (Ik haw der ek noch in pear skriuwflaters úthelle.)

Even noch in pear opmerkings, dy't ik foar de oersichtlikens ûnder aparte kopkes dwaan sil.

Birma-Burma[boarne bewurkje]

Ik bliuw derby dat Birma, nei analogy fan Dirk-Durk, Wirdum-Wurdum, yn it Frysk Burma wêze moatte soe. Woadan

Ik begryp iy idde, mar fan Birma, Burma, Myanmar kin ik allinnich foar de earste ek fine dat it yn it Frysk brûkt wurdt. En "Birma" komt fan it taalburo. Aliter

Moat echt Bosnje-Hertsegovina wêze. Woadan

Ik leau net dat der bûten Bosnje in lân is dêr't dy dûbelde namme brûkt wurdt. Komt fan it taalburo. Aliter

Feriene Keninkryk[boarne bewurkje]

Dêrfoar haw ik no in ferwizing yn de list set. As jimme de namme Grut Brittanje hanthavenje wolle, moat der dan ek in trochwiisside foar Feriene Keninkryk en Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân komme? Woadan

Trochferwizings binne der foar alles dêr't jo fan tinke dat lêzers dêr in oare namme foar brûke sille. Trochferwizings binne ús freonen. De Wikipedy wol graach in protte freonen hawwe. Aliter

Hondueras[boarne bewurkje]

Is der echt ien dy't dat sa útsprekt? Ik haw altyd Hondoeras sein. Aliter

Ik wit it net. It soe kinne, foar minsken dy't de namme meast op papier tsjinkomme. Jildt ek foar in pear oare nammen. Komme fan it taalburo. Aliter

Christmas-Kryst[boarne bewurkje]

Christmas, in eilân besuden Java, dat ûnder Austraalje falt (en benammentlik bekend is fan de jierlikse trek fan miljoenen reade lânkrabben), haw ik no Krysteilân neamd. Of is dat wat te Frysk?

Om my binne Krysteilân en Peaske-eilân yn oarder, mar ik mei no ienkear oer Fryske nammen. Ik skriuw der noch wat oer by Wikipedy:It beneamen fan in side. En fansels: trochferwizings binne ús freonen. Dêr moat dúdlik ek ris in side oer komme: Wikipedy:Trochferwizings. Aliter

Dronning-Maudlân[boarne bewurkje]

No sokssawat. Noarsk Antarktika, dat hyt Dronning-Maudlân. No is "dronning" Noarsk foar keninginne. Dat ik haw der Keninginne-Maudlân fan makke. De Grutte Bosatlas jout lykwols gewoan Maudlân, mar dat fyn ik wat in aparte saak, want sa hyt it net. Wat fine jim?

Woadan 09.33, 27 des 2005 (UTC)

Ik leau net dat wy de Bosatlas earder as boarne brûkt hawwe. Dit is wat iselde as Krysteilân. Sjoch Wikipedy:It beneamen fan in side. Aliter 21.12, 4 jan 2006 (UTC)

Taalburo[boarne bewurkje]

Ik haw it Taalburo frege nei de reden om Saïre yn de list op te nimmen: ferâldere of mei sin. Harren reaksje kin ús ek fierder helpe mei de oare punten. Aliter 21.12, 4 jan 2006 (UTC)

Dwaande west[boarne bewurkje]

Ik bin hjir juster eefkes bezig west en doe foel my bot ô dât it net mooglik wie om fan ô de Haadside in oersicht fan de wrâlddielen te krijen, ek net wanneer ik neit 'Lânnen en Wrâldielen ta gie. Doe bin ik eefkes bezig west en ha'k ek nog Fidzjy kopieare fan de Nederlânske 'Wikipedia'. No sjoch ik dat it al wer feroare is en dizze oplossing fyn ik ek better. Ik haw ek nog in oantal lannen tafoegd dyt er net ien stienen. SK-luuut

Dit hat ien fan de earste siden op de Wikipedy west, tink, en doe wie it in rychje fan wrâlddielen en ien fan lannen, mei de titel Wrâlddielen en lânnen. Doe't hjir de ôfhinklike gebieten by kamen hat wrâlddiel sels in side krigen, en is de namme hjir feroare ta Lannen. By it feroarjen fan in namme wurdt de âlde namme in synonymside, om foar te kommen dat âlde keppelings net mer wurkje, mar wy binne der doe net oan ta kaam om keppelings nei de âlde namme oan te pasjen. Dêrom stie der op de haadside hieltiid noch in keppeling nei Wrâlddielen en lânnen. Goed dat jo dat fûn hawwe. Aliter 21.27, jun 23, 2006 (CEST)
As ik no op syk gjin nei keppelings die't nei dizze side ferwysje en die feroarje, dân is it problem ek oplost, toch?--SK-luuut 21.53, jun 23, 2006 (CEST)

At jo "Wat is hjirmei keppele?" brûke, dan wurdt ek presys oanjûn hokfoar siden fia in synonym keppele binne. At jo dy siden streekrjocht mei ien fan de twa nije siden keppelje, dan is it oplost. De haadside haw ik al dien. Aliter 01.23, jun 24, 2006 (CEST)

Yn de list fan ûnôfhinklike gebieten steane in pear lannen net goed bygelyks de Kaaimaneilannen. It liket krekt oft der net foaroan de rigel begûn is mar dat is net sa. Is der eat mei it {Berjocht}:Flagge of sa? Wa soe hjir ris nei sjen kinne? In putsje foar Wikiice of sa?--Swarte Kees 11 des 2011, 12.11 (CET)[beäntwurdzje]

Ja, dat leit him oan de flaggeberjochten mei de akkolades ({{), want it wurket wer as je dy ferfange troch [[File:xxx|20px (folje foar xxx de namme fan 'e flagge op 'e Ingelske wikipedia yn, en slút nei "20px" ôf mei twa rjochte heakken, mar as ik dat hjir doch, sjogge je dit berjocht net mear). Eins wie it better as al dy flaggeberjochten mei akkolades ferfongen waarden.80.61.230.65 20 des 2012, 17.27 (CET)[beäntwurdzje]

Oekraïne of Ukraïne[boarne bewurkje]

Bêste wurkers,

Op de Oerlis:Ukraïne komme en Drewes en iksels ta de konklúsje dat wy ynternasjonaal fonetysk better Ukraïne staverje kinne. Soe Ieneach soks op in goed momint yn de kategoryen trochfiere wolle?Yn 'e Wâlden (talk) 23 jan 2015, 15.58 (CET)[beäntwurdzje]