Oerlis:Willem fan Rubroeck

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Kinne wy alle staveringswizen fan dizze persoan net better fuort litte? Neffens my is yn it Frysk noch nea oer dizze persoan skreaun en dogge wy dat no foar it earst. Alle oare skriuwwizen fan syn namme binne dien yn it Nederlânsk: Ruysbroeck, Rubroek, Ruysbroek, Roebroeck, Rubroeck, Roebroek, Rubruck, Ruysbrock, Ruysbrok, Rubruquius. Fierders is it in persoan út de 13e ieu en dan soenen wy folstean kinne mei de persoan gewoan op syn Frysk te staveren, bygelyks as Willem fan Rubroek en/of Willem fan Ruysbroek. --Geoffrey 27 okt 2009, 22.08 (CET)[beäntwurdzje]

Ik bin dat mei jo iens. Minsken dy't lange lyn libbe ha kinne ienfâldich oersetten wurde nei in Fryske ferzje. Foar in persoan dy't yn dizze tiden libbet of libbe hat of foar nammen dy't net goed oer te setten binne kin better in mear ynternasjonalere namme brûkt wurde.J'88 27 okt 2009, 22.11 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw op Google op de ferskillende farianten socht. Oaren soene dat ek betinke kinne. Dit smiet dochs ferskillende ynformaasje op. Boppedat, de man wie Nederlanner. Wêrom soe men dy nammefarianten dan net jaan? Ik soe der sels noch Guillaume de Rubrouck oan taheakje wolle. Fan yn syn fan kin fansels sawysa. Drewes 27 okt 2009, 23.26 (CET)[beäntwurdzje]
Ik kin wol stean bliuwe, mar dan soe ik wat oars opskriuwe (haw ik yn artikel al dien). Mar, fiel dy frij om it werom te setten. --Geoffrey 28 okt 2009, 18.14 (CET)[beäntwurdzje]

Moai dien Geoffry. Drewes 28 okt 2009, 18.17 (CET)[beäntwurdzje]