Oerlis:Willem Loréslûs

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Jûn Theun. It krekt wiske ôfbyld komt fan de NL side "Sluizen en stuwen in Friesland". Dat betsjut dat it dêr dus ek ferkeard op stiet. Swarte Kees 15 des 2007, 20.15 (CET)[beäntwurdzje]

Ja dat klopt, it is wol wat betizend. De Nije Silen út 1729 binne no eins de âlde silen, mar ik wit net oft dêr in aparte namme foar dy spuisluzen is. Ik tink dat se noch hieltiten de Dokkumer Nije Silen hite.
At ik ris yn de buert bin sil ik wolris in foto fan de Willem Loréslûs meitsje.
Op de kaart boppe de âlde silen dy't yn gebrûk binne as spuisluzen fan de Fryske boezem en oan de ûnderkant de skutslûs de Willem Loréslûs. Theun 15 des 2007, 20.26 (CET)[beäntwurdzje]
No, jo ha wol wat te stellen mei dy sluzen... Lêstendeis hawwe jo der ek al west. Mar wol moai dat jo it hielendal útsykje wolle. Groetnis,Swarte Kees 15 des 2007, 23.17 (CET)[beäntwurdzje]
Falt wol wat ta, ik kom der geregeld del. Moat no allinne in kear myn fototastel meinimme en efkes út de auto. Of miskien kin ik der aansten op de redens hinne, noch better. Theun 16 des 2007, 09.33 (CET)[beäntwurdzje]