Springe nei ynhâld

Oerlis:Wanneljen (eilân)

Page contents not supported in other languages.
Nij mêd
Ut Wikipedy
Lêste reäksje: 2 moannen lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Kuieren as wanneljen?

Kuieren as wanneljen?

[boarne bewurkje]

Earder liket de beskriuwing Waadeilannen#Kuierjen brûkt, en hjir wurdt it "Wanneljen" neamd. Is der foarkar? Mysha (oerlis) 12 nov 2025, 10.50 (CET)Beäntwurdzje

"Kuierje" hat yn 'e Fryske wurdboeken dy't ik haw (Frysk-Ned. oersetwurdboek en Frysk Hânwurdboek) mar ien betsjutting: "rinne foar jins ûntspanning". "Wannelje" komt neffens it Frysk-Ned. Wurdboek ek foar yn it Frysk, mei deselde betsjutting, mar dan yn "verheven taal". It probleem mei it wandelen fan in eilân, om it mar even yn it Nederlânsk te sizzen, is dat dy betsjutting yn 'e Fryske wurdboeken net jûn wurdt, en dat it fansels hiel wat oars is as in eintsje te rinnen gean. Myn ynstek soe dêrom wêze om mar sa ticht mooglik by it Nederlânsk te bliuwen en dêrom "wanneljen" te brûken. Neffens my wurket "kuierjen" yn dit gefal ferfrjemdzjend om't yn it Nederlânsk it wurd kuieren ek net yn dizze betsjutting brûkt wurdt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 nov 2025, 20.48 (CET)Beäntwurdzje
Ik fyn it bêst, mar dan moast it op Waadeilannen#Kuierjen ek feroare wurde. (Der soe dêr dochs ek al in berjocht {{Apart}} makke wurde moatte.) Mysha (oerlis)